Stylleaze skoging
As ik myn sin sizze mei, dan bin ik wier net fan doel, wiidweidich yn to gean op de opmerkingen fan K. Harkema oer myn boekskôginkje ‘Spanning yn swart-wyt’ (maert 1965). As men de wiidweidige sabeare-humor fan dizze Harkema (nomen est omen?) der by wei skrast, hâldt men ommers net folle near oer as syn bitinken, dat men by it skogjen fan forheljend proaza gjin rekken hâlde moat mei it nivo. Ik sjoch dizze saken oars; ik bin sels bliid, dat Abe Brouwer en guon KFFB-auteurs sa warber dwaende binne, de romte tusken bûthúsbank en Tsjerne op Fryske wize op to foljen; en soe dat net barre, dan wurde bokkekrante en Fryske literatuer beide allike faei.
Hwat de lêzers fan sokken winskje? Spanning en ûntspanning, aksje en tiidkoarting, forhalen, aventûr, en leafst in bytsje tichte by hûs, dan wurdt it sa echt, sa bikend, sa Frysk.
Foar de Harkema's bliuwt dan de literatuer oer. Mei Europeeske en sels mei Nederlânske mjitstêven to wurk geande, sille hja yn it Frysk mar in lyts, noflik oersichtlik protsje oerhâlde. Hwerom dan nammers noch energy to forgriemen, troch op al it oare mei in skerpe literaire bile yn to slaen?
Helte kjelder bin ik wurden fan de boekskôging Skriuwe sûnder risiko (febrewaris 1965). Trinus Riemersma docht hjir in ûnridlike en ûnbiroaide oanfal op Kûgels foar in labbekak, ja winliken op de skriuwer Anne Wadman persoanlik. Syn toan is likernôch dy fan de folslein toloarstelde oanbidder. Dy hâlding kin men him gunne, mar de arguminten dy't er ta biwiis brûke wol, binne to faek mis. By syn bistudearjen fan de styl hie it him dochs opfalle moatten, dat Wadman alle mooglike stylmiddels krekt brûkt om de labbekak út to byldzjen yn syn gesin, syn ûnwissens, syn stikken-tinken fan hwat him yn it earstoan oanlaket. Foar dizze man bistiet ‘it wurd dat alles seit’ net, by binget tusken gâns wurden yn dy't it allegearre sa heal en heal sizze. As er de labbekak ‘it wurd dat alles seit’ jown hie, dan hie Wadman fout west!
Riemersma hat it fierder oer identifikaesje. Ik hoopje foar him, dat by net mei dizze stylleaze skôging identifisearre wurde moat.
MARTEN SIKKEMA