Lyts Frisiana:
Tipelsinnige poëzijkrityk:
‘Miedema hat der in ienfaldige, mar moaije útjefte fan makke... Dy gedichten dy't hast hielendal driuwe op it byld, binne biskriuwingen fan in boppenatuerlikens, dêr't de eksotyske bylden trochhinne kruse mei in forbjusterjende tipelsinnichheit. Dit binne ek fierwei de langste, it liket wol of de dichter ûnder it skriuwen bitsjoend is fan in taelfirtioasiteit (!).’
Ut in bisprek fan Kymgong fan Sjoerd Spanninga troch A.Z.H. yn Sneeker Nieuwsblad, febrewaris 1965.
* * *
Unfreudiaensk forsin:
‘Ik ben toch maar ook begonnen aan Ik Jan Cremer. Ik ben al op vagina 6.’
Nico Scheepmaker yn Hollands Maandblad, maeije 1965.
* * *
Aksje jowt réaksje:
‘De vernietiging van het taboe der sexualiteit is het werk van onbehouwen, cultuurloze duisterlingen. Zij menen een heldendaad te verrichten; ze zijn alleen geborneerd, gespeend van elk raffinement, zij maken het leven en de literatuur kleurloos en willen daar ook nog voor geprezen worden.’
Pierre H. Dubois yn it nije tydskrift komma, jg. 1, nr. 1.
* * *
It koe wol oanhingje (sj. Tsjerne, jg. '64, bls. 446):
‘This, like other novels of Anne Wadman, is again the story of a moral and spiritual coward. The disgusting labbekak who tells his own tale in the first person (!) is a young man of 23...’
Ut in bisprek fan Anne Wadman's roman Kûgels foar in labbekak yn Frisian News Items, febrewaris 1965.
* * *
Daar zal Weening zijn:
‘Eltse kunst dy't fier fan it eigen folk ôfstiet, dy't it folk neat seit en net bigrypt, dy't sûnder dúdlike foarstelling is, is ûnwier, en hat yn 'e groun syn bisteansrjocht al forlern. Ek yn Fryslân kin it op dit gebiet gjin sprekken lije. Ien fan 'e inkelden dy't mei goed wurk nei foaren komt, is de hear Weening.’
M.S.E. Visser yn De stim fan Fryslân, febrewaris 1965.
* * *
Bigjint it gedonder wer?
‘Forbining tusken bloed en boaijem is in natuerlike saek, dy't neat forkeards ynhat... Ommers, ek yn forbân mei klimaet en boaijem waechse hjir bipaelde planten en beammen, mar ek aparte dieren. Wy hawwe Fryske kij, Fryske skiep, Fryske hynsders en Fryske bargen soe ik hast sizze. Spitigernôch hawwe wy de lêsten net mear, mar binne hja troch krusing fordwoun. Soks is spitich, hwant hja wiene it geskiktst foar bacon-bargen. En sa hat it klimaet en de groun ek foargoed ynfloed op 'e minsken, har lichem, mar ek har aerd en tael.’
M.S.E. Visser yn De Stim fan Fryslân, febrewaris 1965.