De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 285] [p. 285] [Nummer 7/8] Sjoerd Spanninga: Loailekkerlan 't Wie oft der roeken oer de lannen fleagen sa stie in man to slatten foar myn eagen mar mocht er sels him ek ta wetter switte my woed er inkeld dit eksimpel litte: al docht dyn wurk to ninter tiid fortuten de hiele wrâld bistiet út modderkluten allinnich d'iene wrot him djipper yn 'e drek en d'oare waeit de brette fûgel yn 'e bek! Iepenloft-konsert Wy diene allegear ús bêst de hiele kompenije sa'n fanke kin men op it lêst net alle dagen krije mar nei it swijen fan 't muzyk en 't geijen fan de wylden stie boppe har it mozayk wer fan de stjerrebylden. De sike balling Al jowt de dea ús noch termyn en bliuwt it bloed mar yn jin bonken soms gyng men 't leafst de ierde yn nei har hwaens molke men hat dronken en hwer't men nea tofolle is mei dy't jins wêzen generearre - it hert fielt aloan har gemis de nacht hat mar íén stille stjerre. [pagina 286] [p. 286] It testamint Hy gie nei it hôt en socht by de grêven it mylde forline lei soms in hân op in stien as op 't skouder fan in goefreon en 't wie him as kaem er wer thús nei in bange forgese reis sokke tiden en hold er petear mei syn maten op de stille bislettene eker it fredige hiem en it duorre in dei of trije doe seine de buorren hwat sitte de blinen by piter lang ticht mûlk is er net goed by 't spul de iensume doarmer hwant hoe't men ek stie to lûken de skille dy tingele sûnder gehoar en salang wied er noait ûnderweis dus bigoun men de boel mar iepen to brekken en rôp syn namme mar inkeld de kat mauke harren tomjitte en dankele har dwêrs foar de fuotten it earme bist och hearken sei jouke o'k it net tocht hie minke hjir leit in epistel fan him hy hat him forhongen de stumper ik gean wol nei boppen bliuw dou hjir mar fanke en ja hear dêr bingele 'r moai nonsjelant oan ien fan de balken men helle him del en deselde deis blieken de earste erven [pagina 287] [p. 287] al arrivearre der waerd wakker fûstke en de jouns doe kamen der mear nei binnen ta sjoelen hja priizgen syn dieden al hold er him staf de deugd dy't him sierde it jobberich hert altyd ré foar in oar gjin krobbe dêr't er mei tsierde hwat kin him biweegd ha de stakker oant immen stinde faeks hat er de kont wol fol skuld mar dêr woene de measten gjin praet fan hearre hja hiene mar amper geduld en rin nei de doar of wês kondoljant tsjin de lju as stiene hjasels de klok al to lieden oant notaris in wykmannich letter syn lêste wil har fornijde: in hûs dat suver biswiek ûnder swiere hypteken waerd harren formakke en om de kosten to dekken de ynventaris hy woe perfoarst net hja leine der jild op ta mar koe slim foar syn sibben de kikkerts heine en harren de roppert smarre tusken sawn fjurren allinnich it swarte skiep fan de famylje brocht er forgeemje in bekfol foer dat de mage jin mealde en in nofteren keal dat fan stoater noch moater wist wie syn genoat de rest dy barde gjin botsen [pagina 288] [p. 288] dit joech in trelit fan komsa in dining dy't fuort net bidarre men praette as alken party dy seagen sa mâlle prot as hie men de iene op en soe men de oare oan sommigen laken hwat kriezeltosk dat hja sa sneu to fiter nomd wiene wylst har in bjinder de blierren wosk earne waerd grute fan in skandael dêr hie men nou sa foar skrept en kom kreas op 'e tiid it wie in mislike streek om to kotsen mar men koe 't hast wol tinke krekt hwat foar piter om jin fan fierren de gek oan to stekken de rakkert en ek noch in múske hwant doe kaem it forhael op 'e lappen teutsjemuoi dy âld tange hie samar iepen en bleat by de rommel op souder in print mei neakene froul ju foun in smoarch skilderij dat hja fansels yn 't jiskefet stiek al tocht tsjangelgat siz mar neat tsjin de manlju dy apen hja witte genôch fan de skepping en har forheven bidoelen mar hoe't men him riek en wyld stie to rachen of der keken omhinne trape de ein fan it liet wie nul komma nul. [pagina 289] [p. 289] De flecht Der driuwe in pear eilannen yn 'e loft biseame fan in raffelich strân âldfrinzige franje wylst rôllet de wytwolkjende wyn it gleigouden dún fan de sinne del dat de kobben stouwe withwersanne inkeld hjir en dêr toarket noch in sémok lâns de kust of rint to poatsjebaeijen tusken dûkelmantsjes en it siizjend tij mar as in trawlerke 't bisiket om nei hûs to fleanen in skommeljende fiskersboat de wiidútsteande netten machteleaze wjokken reuzefûgel fan komsa mismoedich oan it wettertraepjen dan wurdt it donderjeijen en 't jowt in lûd jûchhei sa laket it fan miuwen yn it sok... Vorige Volgende