| |
| |
| |
Sikke Doele:
In frou mei in blau kofferke
My hawwe se foarearst nei hûs to stjûrd. Moarn sille se de frou ûnderfreegje, as it mûglik is. ‘Men kin gjin wiis út him wurde,’ sei dy greate polysjeman, ‘hy lult der mar hwat hinne.’ Ik lul hielendal net, mar dat wolle se net leauwe. Ik bin goed by myn forstân, al seit myn suster soms fan net. ‘Bimuoi dy der net mei, dou bist net goed by dyn kop,’ seit se dan. Ha, ha! Mar se is sels net wiis en der is gjin man dy't nei har omsjocht. Se kin it net forkropje dat de froulju wol nei my sjogge. Ik kin it net helpe.
Dy greate keardel frege oft ik dy frou ek koe. ‘Né,’ sei ik, ‘hja is my ûnbikend.’ ‘Ha jo har noait earder moete?’ frege er. ‘Hwat sei ik jo krekt,’ sei ik, ‘jo hearre dochs hwat ik siz.’
Allemachtich, hwat wie it waerm justermiddei. Hjoed is it kâld bûten, de loft is griis, men sjocht net iens dat it wolken binne, sa ticht binne se ynelkoar pakt. It jowt my lykwols in feilich gefoel, hwant as de loft blau is, of by stjerhelder waer, kin men sá heech sjen, dat men der dûzelich fan wurdt. De wolken binne net sa heech, hwant der binne bergen dy't der boppenút stekke.
Hoe let is it dochs? De klok op de skoarstienmantel stiet stil en út de radio komt allinne mar piipjen en razen. Oan hokker knop ik ek draei, der komt gjin fatsoenlik stik muzyk út. Myn horloazje is stikken, dat is krekt sa biroerd. It glês wie der al in hoart ôf, mar earjuster binne de wizers weiwurden. Ik soe it lyksette mei de greate klok op it fjirde perron, dêr stiet altiten de trein nei it suden. Ynienen roun der ien tsjin my op en doe sprongen de wizers der ôf, tusken de trein en it perron yn. Ik seach wol hwer't se sa ûngefear delkommen wiene, mar ik koe der net by salang de trein der noch stie. Dy moast earst fuort. Ik foun it bigreatlik fan dy wizers, se wiene moai, hwant der siet radium op en dat ljochtet yn it tsjuster. Dêr tocht ik allinne mar oan en ynienen hearde ik it fluitsje fan de kondukteur en dêrnei it ratteljen en piipjen fan de tsjillen. De trein ried fuort en ik koe net mear mei. Nou, doe stie my dus neat oars to dwaen as sykje de wizers. Ik liet my by it perron delglide en socht tusken de greate roune stiennen. Se wiene net to finen. Doe kaem der in man fan de spoarwegen oan dy't sei dat ik net op 'e rails wêze mocht en hastich it perron op komme moast. Hy woe my in boete jaen, mar ik
| |
| |
bin nei de stasionschef ta gien en haw him alles útlein. Dy ken my, hwant ik bin sa faek op it stasion. Dat komt, ik moat sa faek op reis. De chef sei letter tsjin my persoanlik dat dy man in nijenien wie en my fansels noch net koe. De jouns, doe't de lampen oan wiene, haw ik in perronkaertsje kocht om nochris to sykjen, hwant de wizers wjerkeatse it ljocht. Wer gjin sukses. It is spitich dat ik de trein sjitte litten haw. Op alle stasions hingje ommers greate klokken, oeral hie ik sjen kinnen hoe let it wie. Hawar, ik wol der net langer oer prate, eltsenien mist wolris in trein, ik bin de earste net.
Doe't ik justerjoun let thúsbrocht waerd, sei myn suster: ‘Se hiene dy noch in poaske hâlde moatten, dêrre,’ mar ús mem rôp: ‘Stil nou, Tine.’ As myn suster sokssahwat seit, laitsje ik altyd in bytsje. ‘Gniis net sa stompsinnich,’ ropt se dan, ‘doch leaver hwat. Dou sitst de hiele dei op dyn loaije kont.’ Och, och, dan laitsje ik har lûdop út, hwant se fortelt noait hwat nijs. Soms brûkt se in oar wurd, mar dochs is it itselde. Us mem hat de hiele joun hast neat sein, se sokstoppe en skonk sa nou en dan in kopke thé yn. Nou hat se oars ek net in soad praet, mar juster wie se tige stil. ‘Mem seit joun ek net in soad,’ sei ik en tikke mei it leppeltsje tsjin myn kopke. ‘Hâld dochs op mei dat rikketikjen,’ sei myn suster, mar ik gyng troch om har to nytgjen. ‘Pestkop!’ rôp se en bisocht it kopke to gripen, mar ik hie it earder beet en soalde it troch de keamer, it klapte stikken tsjin de kastdoar. ‘Nou is it wol genôch!’ skreaude myn suster. ‘Mem, stjûr him op bêd!’ Us mem hâldde har stil, romme de diggels op en gyng nei bûten om se yn it jiskefet to smiten. Ik bleau rêstich sitten, pakte in krante en tekene mei in ballpoint in snor ûnder de noas fan de keninginne. ‘Mem stjûrt my net op bêd, se stjûrt dy noch earder nei boppen,’ sei ik, en makke noch in puntburd en in kipebril. Pûrrazend waerd myn suster, se stie to springen yn de keamer. ‘As ik dy wie, soe ik my de bek mar hâlde!’ rôp se, ‘oer hwatstou útheefd haste fan 'e middei, sille wy it mar net ha. Ik wit der alles fan, jonkje, my hoechst neat to fortellen!’
Doe fleach ik skokkend fan it laitsjen nei boppen, ik gyng djip ûnder de tekkens lizzen. Ynienen bigoun ik sa to hoastjen dat ik tocht dat my de longen út 'e mûle springe soene, ik krôlle om yn 't bêd, ik makke in hege rêch en in holle rêch, de tekkens glieden oer de flier. En doe haw ik noch efkes gûld, krekt oft it noch net genôch west hie. Us mem rôp oan de doar: ‘Dou moatst dy noch waskje, jonge,’ mar ik joech gjin azem.
| |
| |
Fan 'e moarn wie ik der bitiid ôf, ik leau dat ik aensen mar wer efkes nei it stasion gean. Lyk as justermoarn, doe haw ik net mear om 'e wizers socht, mar doe bin ik yn de wachtkeamer sitten gien. Dy is hiel heech, boppe oan de souder binne iezeren balken mei krollen en oan de muorre is in greate kaert fan it lân, fan tegels, mei alle spoarlinen en stasions der op. Spoorwegkaart van Nederland, stiet der boppe. De obers kenne my goed, hwant ik kom faek yn de wachtkeamer; dat komt, ik moat altiten op 'e trein wachtsje. De treinen komme net op myn tiid, se komme hwannear't sy wolle. De iene ober hjit Pyt, dat is de lytse skrale en mei him praet ik faek. De oare hjit Roozendaal, syn foarnamme wit ik net, dy woe Pyt ek net sizze. Mei Roozendaal praet ik hast noait, hwant ik sit altyd oan 'e kant fan it perron en dêr bitsjinnet Pyt. ‘It is hwat, mynhear, it is hwat,’ sei Pyt juster doe't er my de kofje brocht, mei twa pudtsjes sûker, hwant dêr freegje ik altiten om. ‘Hwat?’ frege ik. ‘As jo dat ris wisten,’ sei er. Soed er syn ûntslach krigen hawwe? Ik hoopje wol dat der in nijenien komt dêr't ik mei oer de wei kin. Doe't ik oan Roozendaal frege oft Pyt fuortgyng, sei er: ‘Ach, mynhear.’ Sadwaende wit ik nou noch neat. Tsjin iterstiid gyng ik nei hûs, mar yn de doar fan de wachtkeamer fleach ik tsjin in jonge frou op. Ik hie har net oankommen sjoen. Ik foun it winliken wol plezierich, mar de frou seach brimstich, it kofferke wie har út de hân sketten. Ik pakte it op en joech it oer. ‘Pardon, dame,’ sei ik, mar se sei neat werom. Dat fyn ik altiten sa grappich, jo hawwe in ûngelokje, jo helpe de lju en dan sizze se neat, se binne lilk.
‘Hwer hast nou wer sitten?’ frege myn suster, ‘it iten stiet al op 'e tafel.’ ‘Krekt op tiid,’ sei ik, ‘kom mem, ik ha honger.’ Myn suster wie noch oan 't bidden, doe't ik tsjin ús mem sei: ‘Pyt hat syn ûntslach krigen.’ Us mem die de finger op 'e lippe en wiisde nei myn suster. Dy hat altiten in soad to bipraten. ‘Se hat kontakt,’ siz ik wolris, mar dan is eltsenien lilk. Wûnder boppe wûnder sei se neat tsjin my en ik sei nochris: ‘Pyt hat syn ûntslach krigen, mem.’ ‘O ja,’ sei dy, ‘hoe dat sa?’ ‘Hy roun de doar út en doe skeat er tsjin in hiel deftige mefrou op. De greate blauwe koffer dy't se by har hie fleach iepen oer 'e groun. Alles foel der út, nachtponnen en potsjes en tuben. En huodden, blauwe en giele,’ sei ik. ‘Huodden docht men yn huoddedoazen,’ sei myn suster, ‘net yn in koffer. Dou sitst to ligen.’ ‘Toedeloe,’ rôp ik, en nou is er ûntslein, mem. Der komt in nijenien, mar hwa wit ik noch net. Fan 'e middei gean ik mar ris út fytsen, it is moai waer.’ ‘Hwannear sille wy der nou ris op út om wurk foar dy to sykjen?’ frege
| |
| |
ús mem. ‘Ja,’ sei myn suster. ‘Sykje dou earst ris in man,’ sei ik, ‘hoe âld biste? Achtentweintich, net?’
Myn foarste bân wie lek, dy haw ik earst lappe, efter yn 'e tun. Buorman seach oer it sket. ‘Bânlapje?’ frege er. ‘Sa't jo sjogge,’ andere ik, ‘as men fytse wol, moatte de bannen goed wêze.’ ‘Dus jo sille to fytsen,’ sei er, ‘ik jow jo gjin ûngelyk mei dit waer. Frij fan it wurk?’ ‘Ik miende dat jou frou rôp, buorman,’ sei ik, ‘jo steane jou tiid to forgriemen.’ Fuort wie er.
Ik fytste de stêd troch nei de útfalsdyk, dêr steane greate villa's oan. De froulju dêrre rinne yn lange beige mantels en geane mei blauwe auto's de stêd yn, nei de winkels. Soms sjocht der sa'n frou nei my, mar se makket noait in praetsje. Ik rin meastentiids ek troch, hwant ik soe net witte hwat ik tsjin sa'n ien sizze moast.
By de spoarbomen moatte je nei de oare kant fan 'e dyk, hwant dêr rint it fytspaed fierder. Ik moast in hiele tiid wachtsje, hwant der kaem in lange militaire kolonne lâns. De soldaten hongen kaugomkôgjend oer de laedkleppen, de gewearen yn 'e hân. Ik stiek myn hân op, hwant dy jonges hawwe it swier. De hiele dei moatte se der op út, lange marsen hâlde, grave en sjitte. In pear jier lyn haw ik by de tsjinstkeuring west, mar ik bin net oannomd. ‘It spyt my, jonge,’ sei de man efter it buro, ‘mar wy kinne dy net brûke. It bêste yn dyn fierdere libben.’ ‘Hwerom net?’ woe ik witte. ‘Dat kinst oan dyn húsdokter freegje,’ sei er. Ik haw it noch altyd net dien, hwat hat men der oan? Dat sei ús mem ek al.
Der kaem in gat yn de kolonne en ik skeat oer de dyk. De oerweiwachter makke der ek gebrûk fan en die de bomen ticht. Der kamen nije soldateweinen oan dy't foar it reade ljocht stil hâldden. Ik seach nei de jonges en rôp: ‘,Hallo!’ Ien fan harren skreaude: ‘Moatst dyn bek tichtdwaen, oars falle dyn tosken der út!’, dat ik seach mar foar my út. Soks kin ik net oer. It duorre lang foar't der hwat kaem, mar einlings rieden der twa reade lokomotiven foarby, fan dy grouwe fjouwerkante elektryske.
Ynienen hearde ik it rikketikjen fan nullehakken nêst my. Ik seach fansiden en dêr stie de frou dy't ik yn it stasion tsjin 't liif roun wie. Se wie krekt fan 'e fyts stapt. It blauwe kofferke hie hja efterop boun. Se die as koe se my net en doe't de bomen omheech gyngen, fytste se hastich fuort.
Ik sette har efternei, se ried stûf oan, by it sportfjild lâns, de sintrale. De soldaten kamen ús foarby, se rôpen noch hwat, mar ik koe it net forstean en ik wist ek net oft se it tsjin my
| |
| |
of har hiene. By it frachtriderskafé yn 'e bocht kaem der in frachtwein tusken de frou en my yn, dat ik moast efkes stopje. De sinne baernde my op de holle, ik fage it swit fan myn gesicht. Doe gyng ik wer mei folle feart foarút, mar ik helle har net yn, ik bleau moai efter har oan riden. Se gyng hieltyd hurler, de hannen krampeftich oan it stjûr, de rêch in bytsje krom en sa nou en dan skeat har foet fan de traper. Mei gemak hâldde ik de ôfstân tusken ús gelyk. Ut en troch draeide se de holle hwat op side om út de eachshoeken wei to sjen hoe fier ik efter har wie. Nei in skoftsje gyng se stadiger, blykber om my de gelegenheit to jaen har yn to heljen. Ik joech gjin krimp. Miskien waerd se ek wol wurch, hwant it wie smoarhjit. Och heare, ik hie noch wol hûndert kilometer sa trochfytse kinnen. Doe't se murk dat ik har net ynhelle, sette se de feart der wer yn. Dat bikaem har min, hwant dêr is it fytspaed hobbelich. Ik timpere hwat, mar sy ried like hurd troch, dat se skokte op en del op it seal. It kofferke rekke los. Wy kamen yn in doarp en it like oft se har dêr hwat feiliger fielde, se liet ien hân los fan it stjûr en gyng rjochtop sitten. Yn dit doarp stiet in great wyt kafé mei in boarterstun der efter. Dêr hâldde se stil. Ik ried flak efter har op dat eagenblik en stoppe nêst har. ‘Dame,’ sei ik, ‘jou kofferke sit hwat los.’ Skril en skrokken seach hja myn kant út. ‘It kofferke. It kofferke falt hast fan de fyts,’ sei ik nochris en wiisde der nei. Se seach efkes en sei freonlik: ‘O, tankjewol. It fytspaed is net sa sljocht, dêr sil it wol fan kommen wêze.’ Se lake in bytsje, ik wist net hoe't ik sjen moast. ‘Hwat is it waerm, net?’ sei se en roun mei de fyts efter it kafé.
Dêr stie ik dan allinne. Ik gyng op de stange sitten en fage mei myn bûsdoek oer it gesicht. Ik stoarre troch de ramen fan it kafé. De frou kaem der troch de efterdoar yn en gyng sitten. It duorre lang foar't de kastelein der oan kaem. De boarterstún wie hielendal leech, dat wie foarhinne noait sa. Ik gyng der doe noch wol ris hinne mei myn suster, mar ik kaem der faek mislik wei fan it touterjen en wippen en draeijen. It wie der altyd donker, hwant de greate kastanjebeammen setten alles yn it skaed. De frou naem sa nou en dan in slokje út in glês. Mûsstil wie it, allinne hearde ik yn de fierte it lûd fan in bromfyts, krekt as fan in langpoatmich. Ik stapte mar wer ris op, ik doarde dochs net sa lang stean to bliuwen oant de frou wer bûtendoar kaem. Ik ried stadich fierder, hwat hie it foar sin om sa to fleanen mei dit waer? Ik wist eigentlik net goed mear hwêr't ik hinne soe, ik koe winliken ek wol wer nei hûs werom, tocht ik, mar ik fytste dochs troth. De frou
| |
| |
hie frij aerdich tsjin my west, dat hie ik net forwachte. Miskien helle se my aensen yn en dan koe ik in praetsje bigjinne. ‘Allinne op reis? It falt net to hieltyd sa allinne to fytsen, seker.’ Of sokssahwat.
Ynienen ried der in man op in brommer nêst my. Hy seach my trochkringend oan en frege: ‘Hawwe jo ek in frou sjoen mei in blau kofferke?’ ‘Hwat sizze jo?’ sei ik om tiid to winnen, ‘jou brommer raest sa.’ Hy herhelle syn fraech. ‘Né,’ sei ik, hoe dat sa? In blau kofferke? Rinnende? Of by de bushalte?’ ‘Op 'e fyts,’ sei er, hy hie syn oandacht by de brommer, hwant de motor sloech hast út. ‘Wachtsje even,’ sei er. Doe't wy stiene, sei er: ‘Se moat hjir lâns gien wêze. Net sjoen?’ ‘Hwat sei ik jo krekt,’ sei ik, ‘né. Hwat moatte jo mei dy frou?’ ‘Hwat moatte jo mei dy frou?’ sei er, ‘jo binne wol nijsgjirrich. It is myn eigen frou.’ ‘O, is it jou eigen frou,’ sei ik, ‘nou, ik wit net hwêr't se is. Dêr moatte jo sels mar foar soargje.’ ‘Se is by my weiroun,’ sei er grimitich, ‘en net foar de earste kear. Se is op wei nei har famylje, mar ik moat har earst noch even hwat fortelle. Dus.' “Sja,” sei ik, it is to hoopjen dat jo har gau fine.’ De man sprong op syn brommer en skeat fuort.
Ik gnyske yn mysels. Aensen soe ik nêst de frou ride en har biskermje. Dy man hie ik tonearsten forrifele, mar by koe fansels werom komme. Ien hân hoegde er mar út to stekken of by lei yn 'e sleat. En syn brommer der by.
Nei in eintsje kaem ik by in trijesprong, dêr stie in man mei in iiskarke. Ik naem ien fan in kwartsje. ‘Ik tocht, ik nim mar ris forlof,’ sei ik, ‘it is sok skoander waer.’ ‘Ik jow jo noch gelyk,’ sei de iisman. ‘Ik bin biropsmilitair,’ fortelde ik, ‘eigentlik moast ik nou op 'e kazerne wêze.’ ‘In omkesizzer fan my is juster krekt ut tsjinst ûntslein,’ sei hy, ‘dy koe it net bolwurkje. Dy koe net tsjin it systeem, as 't ware.’ ‘It is swier, hear,’ andere ik, ‘mar as men in hege rang hat, kin men sa nou en dan forlof krije. Myn frou is der ek op út, dy is nei har famylje. Ik hâld der wol fan in eintsje to fytsen, dat makket de spieren losser.’ ‘Yn tsjinst krijt men oars ek wol losse spieren,’ sei er. ‘Né,’ sei ik, ‘wy moatte altyd like stram rinne.’ It iis dripte my oer it kin, it wie lekker koel yn de waermte. Ik naem noch ien fan in kwartsje. As ik ienkear dwaende bin, kin ik net ophâlde. ‘De oaren moatte in mars fan fyftich kilometer hâlde hjoed,’ sei ik, ‘se wurde mei de frachtauto nei in plak fyftich kilometer fan de kazerne brocht en dan moatte se werom rinne. Krekt douwen.’ ‘Hoe kinne se it folhâlde mei dit waer,’ bearde de iisman, ‘der sille wol in
| |
| |
pear fan har stokje falle.’ ‘Hwat tochten jo,’ sei ik, ‘yn 'e tropen moatte se it ek kinne. Noch ien fan in dibeltsje.’
Ynienen seach ik yn de fierte de frou oankommen. De iisman sei hwat, mar ik naem it net yn my op. ‘Och, jo moatte it sa mar sjen,’ sei ik, ‘hwa't net yn tsjinst komt, mankearret hwat.’ ‘Dêr hie ik it net oer,’ sei er. ‘Dat docht der net ta, it is in feit,’ andere ik. Ik hie myn oandacht der net by, hwant de frou wie tichterby kommen. Ynienen die se de mûle wiid iepen fan skrik en skeat loftsôf de sydwei yn, se trape sa hurd se koe. Hiel efkes tocht ik dat se bang fan my wie, mar doe hearde ik efter my it lûd fan in brommer. Ik draeide my om en seach har man, dy't har ek yn 'e gaten hie en flink gas joech. Sa soed er rjochtsôf slaen, syn frou efternei, mar yn 'e bocht kaem er troch syn gong heal to fallen. De iisman soe efter syn karke wei om to helpen, mar by krige de brommer rjocht en ried al wer. De iisman seach him efternei, skodholle en sei: ‘Kringen binne it, dy brommers.’
‘Mei ik noch ien fan in dûbeltsje?’ frege ik, om syn oandacht ôf to lieden. ‘Wis en wrachtich,’ sei er en doek mei syn rjochterearm yn it karke. Ik seach hoe't de man de frou hieltyd mear ynhelle. ‘Hawwe jo yn tsjinst west?’ frege ik. ‘Né,’ sei er, ‘ik bin ofkeurd.’ ‘Dan mankearret jo hwat,’ sei ik, ‘hawwe se jo dat wolris forteld?’ Yn 'e fierte wie de man dwaende syn frou beet to kommen. De iisman seach my forheard oan. ‘Ik haw nearne lêst fan hawn, foarsafier't ik wit,’ sei er. ‘Lit jo mar ris ûndersykje!’ rôp ik, ûnder spanning. De man skuorde syn frou fan 'e fyts. De frou rôp en ik bigoun tsjin de iisman to razen om it lûd to oerstimmen. ‘Jo binne hielendal net yn oarder, man. Minsken dy't mank binne, kinne se sels noch op kantoar brûke!’ Nou waerd it de iisman to machtich. ‘Mei jo haw ik neat fannoaden!’ rôp er, ‘gean hjir wei as jo neat oars to fortellen hawwe!’ Ik seach hoe't de man har in boskje yn loek, dat oan 'e kant fan de wei stie. ‘Noch ien fan in dûbeltsje,’ sei ik, myn fyfte, mar hy woe net mear jaen. ‘Jo krije fan my gjin its wear,’ sei er. ‘It is gjin drank,’ sei ik, ‘jo meije de minsken gjin iis wegerje.’ By it boskje seach ik de man de dyk oprinnen en op syn brommer springen. ‘Soademiterje dochs op, keardel!’ rôp de iisman.
Ik seach him net iens mear oan, ik sprong op 'e fyts en ried nei it boskje ta. De fyts fan de frou lei heal oer de wei, it kofferke yn de berm. It wie iepen, it like krekt as hie de man der ta sitten, hwat klean hongen der út. ‘Hela! Hwat is dat dêr?’ rôp ynienen immen. Ik skrok op. It wie in boere-arbeider, hy sprong oer de sleat. ‘In kofferke,’ andere ik, ‘hjir leit in
| |
| |
kofferke.’ ‘En noch hwat,’ sei de arbeider, wizend nei it boskje. Hy skoude de tûken fansiden. Ik seach oer syn skouder. ‘Fordomme,’ sei er, ‘hwat sille wy nou ha.’ ‘In frou,’ sei ik. ‘Dat sjoch ik ek,’ sei er.
Se lei mei de holle hwat op side, de eagen ticht en de mûle in bytsje iepen. De iene foet wie oplutsen en de oare lei der oer hinne. De rôk wie in flink ein boppe de knibbels. It like wol oft se dea wie. De arbeider gyng der op 'e knibbels by sitten, loek de rôk nei ûnderen en harke nei har siken. ‘Se libbet noch,’ sei er, ‘fluch!’ Ik stie mar hwat to stoarjen. Der kaem mear wyn opsetten, in tûfke hier fan de frou forweegde. ‘Fluchl’ rôp de arbeider nochris, ‘nei de pleats mei har!’ Ik pakte har by it fuottenein. Wy moasten in eintsje omrinne om oer in daem to kommen. De arbeider roun foarop en hy gyng sa hastich, dat ik omtrint stroffele. ‘Wachtsje,’ sei er, ‘ik draech har wol allinne, dat is better. Geane jo mar nei de pleats en warskôgje de boerinne.’ Ik draefde foarút en doe't ik by de pleats wie, kloppe ik oan by de foarein, hwant der wie gjin skille. Der kaem nimmen. Ik tikke nochris op de doar, gjin gehoar. ‘Efterom!’ hearde ik de arbeider roppen, mar doe't ik dêr wie, wie hy der ek al. Hymjend die er mei ien hân de klink fan de skuordoar iepen. ‘Frou Terpstra!’ rôp er. De boerinne kaem der stadich oanrinnen, de hannen ôfdroegjend oan 'e skelk. ‘In dokter,’ rôp er, ‘fluch, skilje de dokter!’ Se draefde nei de telefoan en wy leine de frou del op 'e divan yn 'e wenkeamer.
De man hie har goed tamtearre, se hie in pear reade plakken yn de hals. ‘Se sykhellet noch wol, gelokkich,’ sei de arbeider en plofte yn in stoel del. ‘Ja,’ sei ik, ‘it mei in wûnder hjitte.’ ‘Witte jo der mear fan!’ frege er, ‘hwat der bard is?’ ‘Eh, né. Né, hear,’ sei ik, ‘ik bin in bûtensteander. Ik fytste dêr tafallich lâns.’ ‘Ik hearde al hwat razen,’ sei er, ‘ik tocht, ik gean der mar ris hinne. Ha jo neat heard?’ ‘Né,’ andere ik, ‘neat. Foar my is dit allegear in great riedsel.’
De boerinne kaem de keamer wer yn. ‘Dokter soe daliks komme. Hwat is der eigentlik bard? Ik haw mar sein dat it in ûngelok wie,’ sei se. De arbeider fortelde hwat er der fan wist. ‘Mynhear fytste der tafallich lâns,’ sei er, myn kant út knikkend. ‘Ik fyts wol ris faker hwat,’ sei ik, ‘foaral mei sok skoander waer. Fierders stean ik der buten.’ ‘Krekt, jawol,’ sei de arbeider. ‘Kom, ik moat der efkes út.’
De boerinne roun op de frou ta. ‘Hja is danich tatakele,’ sei se, ‘hawwe jo net ien yn 'e buert sjoen?’ Ik andere net. ‘Op klearljochte dei,’ sei se.
| |
| |
Ik seach to it rút ut, de fiere greiden oer. Der kaem in donkere loft opsetten, en ik hearde it hiel sêft tongerjen. Gjin fûgel floite mear. Ik fielde my neat net lekker. De arbeider kaem der wer yn. ‘De dokter duorret lang,’ sei er. Bûten skearden twa fûgels deun by it rút lâns, ik skrok der omtrint fan. ‘It koe wolris mâl waer wurde,’ sei ik, ‘ik leau dat ik mar opstap, hwant ik haw gjin jas by my.’
‘Ho, ho, noch in eagenblikje,’ sei de arbeider, ‘ik haw sakrekt de polysje opskille.’
It like krekt oft ik alles dûbeld seach, yn myn bûse kniep ik in lúsjefersdoaske fyn.
|
|