De Tsjerne. Jaargang 20
(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 299]
| |
Jo Smit:
| |
[pagina 300]
| |
oft Oidipous en ek Jokaste wol sa ûnwittend wiene. ‘Wir haben es nicht gewusst’, sizze de Dútskers en it is har gauris tinken. Hja hawwe it net witten, en krekt dat is har skuld, hwant hja hiene it witten moatten. Hja woene it net witte, lyk as wy yn 1945 en dêrnei net witte wolle dat yn lânnen as Spanje en Portugal in banditeregym hearsket. Mei Oidipous - al wurdt yn it stik hieltyd suggerearre dat er wier net wist hwat er die, mar it wurdt allegearre wol tige út him wei bisjoen - stiet it foar it tribunael net sa bêst. Fordigener:
Myn kliënt hat alles dien om oan it lot to ûntkommen. Frijwillich forliet er dêrom syn stêd en hwa't er tocht dat syn heit en mem wiene. Oanklager:
Mar der wie him foar de fuotten smiten, dat er net de soan wie fan syn heit. Hy biskôge dat blykber as mear as in los praetsje, hwant it siet him sa dwers, dat er nei it orakel gie. Fordigener:
En doe't dat sei, dat er syn heit deadzje soe en mei syn mem trouwe, forliet er de stêd om dat ûnmooglik to meitsjen. Oanklager:
Kom, kom, de kwestje oft syn heit syn heit wol wie, hie noch gjin oplossing krige. Slimmer lykwols is dat er ûnderweis al oan 't fjochtsjen gie. Hwa't troch de goaden warskôge is dat er syn heit deadzje sil, moat him to wacht nimme om hwa ek dea to meitsjen... en grit âldere maniju. Fordigener:
Mar... Oanklager:
Né stil. Lit my útprate. Ien dy't oansein is dat er mei syn mem trouwe sil, docht better alhiel net to frijen en oars ien to nimmen dy't like âld of jonger is as hysels. Hy wist net, hwat er die, né, mar hy hie it witte moatten. Hy, de warskôge man hie better oppasse moatten. Itselde jildt foar Jokaste: hja wist fan Appolloons pryster, dat Laïos, har earste man, de heit fan Oidipous, deade wurde soe troch syn soan. Fordigener:
Mar it bern waerd dêrom fuortbrocht, fier fuort de bergen yn. Oanklager:
Mei gearboune, trochboarre fuotten. Hat hja dy dan yn al dy jierren net opmurken by har man, by Oidipous, dy't syn namme dêr sels nei hat. Hja is ek skuldich. Beide binne skuldich en yn de trageedzje forhinget Jokaste har, Oidipous stekt himsels de eagen út. It earste liket natuerliker as it twade, bihalven as de skuld yn it foarste plak leit yn it op 'en djipsten ûnearlike ‘ich habe es nicht gewusst’. | |
[pagina 301]
| |
Oidipous hat net sjen wollen, by hat sjende blyn west en de straffe moat him yn it foarste plak keare tsjin dy organen dy't har plicht forsomme hawwe. Net witte, net sjen wolle is in kwea. Dat is dan, yn omkearde sin in frijbrief foar it skriuwen fan essays en foar it opsetten fan ûnderskate hypothesen. Hwant de wurklikheit om ûs hinne is sa kompleks, dat wy der wier as blyn yn tahâlde kinne, wy hoege de eagen net iens to sluten om der yn wei to wurden. In hypothese is in oarderingsprinsipe, net de wurklikheit sels; in hypothese jowt somlike dingen in aksint dêr't hja better troch útkomme kinne, it jowt in biskate eachweiding, in wize fan sjen. Hwa't de hypothese mear ynhâld takent, kin der mei de bêste bidoelingen maklik in wize fan net-sjen fan meitsje, hwant by ruilet hwat op 'en bêsten in bril is, oan in stel glêzen eagen. ‘Get thee glass eyes’, seit kening Lear, ‘And, like a scurvy politician, seem/to see the things thou dost not’. De senator Algra wol net sjen dat de homofily bistiet as natuerlike fariant fan it seksuéle patroan. Yn de Earste Keamer hat er him dêrom keard tsjin it wurk fan de Nederlânske skriuwer G.K. van het Reve. Dy hat iepenlik de homofily biliden yn syn boek Op weg naar het einde. Nou, dat wie it dan ek wol foar de hear Algra. Dêrom stiet er nou bikend as in man dy't him forset tsjin de moderne biskaving, as immen hwaens tinkbylden liede ta it wer ynfieren fan de brânsteapel foar boeken. Somlike fan syn kritisi bûten de keamer hawwe him yn dit forbân etikettearre as ‘de Friese senator Algra’ (kursivearing fan my, J.S.), oaren lieten har noch efkes dúdliker de wurden ‘daar in het hoge noorden’ ûntfalle. Nou leau ik net dat soks sa slim bidoeld wie, mar it hat dochs wol sin it dwaen fan de hear Algra ris yn forbân mei Fryslân to bisjen. Foarop mei stean dat de senator yn it formidden dêr't er syn anathema útspriek, net folle sympathy krige; ek moat sein wurde dat in boek as dat fan Van het Reve net sa hiel lang forlyn yn ús lân ûnmooglik west hie.Ga naar voetnoot1) | |
[pagina 302]
| |
Der is dus blykber hwat yn 't foroarjen. Der is al, en der komt noch hieltyd mear, in oase, reálistysker hâlding foar it seksuéle oer, as wy yn lang hawn hawwe. Hwant ek earder wol hat de wrâld perioaden fan greater lisinsje kend. Dat hat de Ingelske psycholooch G. Rattay Taylor der to brocht yn syn boek Sex in history, om yn de wurdearring fan de seksualiteit in basis foar forklearring fan de wikselingen to sykjen. Utgeande fan de greater of lytser bining fan it bern oan syn mem of oan syn heit, bislút er ta twaderlei hâlding fan de minsken: de matristyske en de patristyske. Dy twaderlei hâlding komt ta utering op allerhande gebiet. Sa is de patrist foar it seksuéle oer puritynsk en fielt foar forbiede, biheine en weimoffelje, wylst de matrist der meigeande ûnder stiet. Patristysk is it ynperken fan de frijheit foar froulju, de matrist komt foar har frijheit op; yn it foarste gefal wurde de froulju as sûndich en minderweardich bisjoen, yn it oare wurde hja heechset, ek yn har froulikheit. De patrist wurdearret de goede seden boppe it wolwêzen fan de minsken, by de matrist is it oarsom; de earste is autoritair op polityk gebiet, de oare demokratysk; de earste konservatyf, de twade progressyf en somtiden revolusionair. De earste is bang fan ûndersyk en ekspearimint, de twade net. Patristen binne bang fan spontanéiteit en wantrouje plesier; matristen wurdearje de spontanéiteit posityf, hja binne hedonisten en leavje nocht en wille. De earsten binne djip yn bang foar en fan homoseksualiteit, de oaren earder foar yncest; en ta bislút: de patrist sil in heitegodstsjinst sykje, de matrist in memmereligy. Yn 'e skiednis binne al dy strekkingen dúdlik nei to gean.
It sil lykwols klear wêze, dat hjir inkeld twa ekstremen foar inoar oer set binne en dat de wurklikheit gauris folle komplekser is. Like klear is, dat it skema noch út to wreidzjen is, as men acht jowt op it Oedipus-kompleks, dêr't it op groundearre is. Utgongspunt foar it foarlizzende skéma wie sljochtwei: in bern hat in heit en in mem en it kin him mei ien fan dy twa mear identifisearje as mei de oare. Tinkber is fansels ek in harmoanyske forbining fan it manlik en it froulik momint, likegoed as it gefal dat in bern mei gjin fan beide âlden ta in harmoanyske bining komt. Ek moat ynsjoen wurde, dat as in biskaet tiidrek typysk matristyske resp. patristyske kanten sjen lit, soks net bitsjut dat alle leden fan de mienskip likefolle mei matrisme resp. patrisme oanhelle binne. Faeks dat nou inkeld noch de forhâlding ta homofily en | |
[pagina 303]
| |
yncest hwat útliz nedich hat, dêr't dan alles noch effen dúdliker yn wurdt. De hypothese fan it Oedipus-kompleks giet der fan út dat it bern - foar it gemak giet it hjir inkeld oer it manlike bern - graech it eksklusive rjocht op syn memme leafde hâlde wol en syn rivael - de heit - út 'e wei hawwe. Dat giet net oan en it fynt in útwei troch him mei de heit to identifisearjen, mar dat komt him to stean op it ûnderdrukken fan de leafde foar de heit. Yn dizze, patristyske, oplossing wurdt de heteroseksuéle leafde bihâlden, de homoseksuéle forkrongen. De oare oplossing is in identifikaesje mei de mem, dêr't de leafde foar en fan de heit yn bihâlden bliuwt. Dit is de grounslach foar de homofily, dy't troch immen út 'e earste groep forkrongen wurdt, hwat har altiten to in earnstige forlieding foar him makket, dêr't er tsjin yngean moat, en dy't er mei wearze yn in oar sjocht. De tuskenoplossing, it biwarjen fan de leafde fan en foar de mem sûnder identifikaesje mei de heit is dy fan de matrist. Hy is heteroseksueel, mar de leafde foar de mem, dy't yn strikte sin yncestueus is, wurdt foar in part forkrongen. Syn lettere relaesjes hawwe it mark fan in soan-mem relaesje en yncest is foar him de greatst tinkbere sûnde. Winliken de iennichste reéle sûnde, hwant by is o sa tajaend en fordraechsum. Graech wol ik hjir jitris sizze, dat wy hjirre mei in hypothese to meitsjen hawwe, in methoade dy't ús by steat makket de forskynsels hwat to oarderjen. Twad wol ik dêrby Freud neisizze: ‘Ich will nicht behaupten, dass der Oedipuskomplex die Beziehung der Kinder zu den Eltern erschöpft; diese kann leicht viel komplizierter sein’. Lykwols miende Freud al, dat it Oedipus-kompleks as fase yn de ûntjowing fan de libido rounom en altiten foarkomme soe. Dat er dêrby foarbysjoen hat oan it bilang fan de kulturéle milieu-faktoaren is wol wis, sûnt om 1930 hinne Malinowski de Trobiand-eilânnen bistudearre hat.Ga naar voetnoot1) Foar ús tiid en foar de westersk kultuer jowt it Oedipus-kompleks lykwols in aerdich hâldfêst, lyk as elkenien dy't hwat thús is yn de literatuer meistimme sil. Signifikant is foaral it préokkupearre wêzen mei de forbeane dingen, sij it gauris yn de foarm fan forboaden en forflokkingen-kontra, lykas yn it gefal Algra. Natuerlikerwize komt dy préokkupaesje | |
[pagina 304]
| |
yn de literatuer ta utering, al of net yn forhoalen of symboalyske foarm. In foarbyld fan in matristysk kunstner út earder tiid is Shelley, frijtinkend, revolusionair en skriuwer fan ûnder oaren it drama The Cenci, dat oer in yncestueuze forhâlding giet. Op de typysk patristyske njoggentjinde ieu (typysk alteast hwat it bigjin fan it saneamde Victoriaenske tiidrek en de jierren flak derfoar oangiet) is de matristyske tweintichste ieu folge. Krekt yn it jier 1900 forskynde it boek De ieu fan it bern fan de Sweedske Ellen Key. Dat it biedwurd fan dit typyske matristyske boek rounom oernommen waerd, biwiist wol de foroaring dy't al in skoftlang op wei wie. De foroare hâlding foar it bern oer en foar it patristyske Kristendom oer (dêr't Ellen Key har fûl tsjin forsette), dy't sels earder in gefolch as inkeld oarsaek wie fan it omswinken fan de slinger, hat yn hieltyd rêdder tempo de matristyske weach fan hjoeddedei brocht. De beide oarloggen, de krisis hawwe it tempo tydlik fortrage, mar de ûntjowing net wêzenlik opkeard. De hieltyd tanommen woltier hat har fuortsterke. Inkeld yn de krisisjierren wie der plak foar in patrist as Colijn yn de Nederlânske polityk; nei de oarloch wie de matrist Drees oan bar en alle polityk sûnt dy tiid, fan hokker kant ek fierd, hat it matristysk stimpel droegen. Fan gefolgen, dat de polityk foar de biskôger folle minder nijsgjirrich wurden is, om't de âlderwetske botsingen tusken matristysk en patristysk tinken net mear ta de sintrale forskynsels bihearre; fan gefolgen ek dat de senator Algra mei syn patristyske cri de coeur suver allinnich like to stean. It tempo dêr't de eardere koloniale lânnen yn frijwurden binne, mei foar in part in gefolch wêze fan in ûntjowing yn dy lânnen sels, foar in greater part is it in gefolch fan it matrisme yn de westerske wrâld. Hwa't noch foarbylden wol om de forfanging fan patrisme troch matrisme ta to ljochtsjen, kin bihalven op polityk gebiet torjochte by literatuer en kunst, by wittenskip en godstsjinst. It bêst lykwols noch yn it libben fan aldendei. As der ommers yndied sa'n foroaring is, dan moat dy ûnbiwust rounom oanwêzich wêze. Dan moat dy to fornimmen wêze yn de reklame, yn de klaeijing en op it wite doek, om mar ris hwat to neamen. Elts kin dat foar himsels neigean. Ik wol hjir inkeld noch wize op it froulik idéaelbyld, dat wy foar hwat it forline oangiet yn de skilderijemusea yn syn wiksel en foroaring neigean kinne en dat wy foar it hjoed op 'en dúdliksten oantreffe yn de publyksfilm. De idoalen fan de massa binne - mar ik | |
[pagina 305]
| |
hoech gjin nammen to neamen, hwant ik soe folle better it listke fan de ôfmjittingen jaen kinne. Hoe of hwat, elts kin konstatearje dat it sintrum fan de oandacht forskoud is fan de skonken nei de boarsten, en dat dy der wêze meije tsjinwurdich. Hwer docht dat oan tinken? Krekt, oan in frommes dat in bern oan it boarst hat. Hûnderttûzenen matristyske eagen drinke dy yllusionistyske tate wike oan wike yn. Net dy - dit slacht op de eagen - fan de hear Algra; by is in patrist, by komt net yn 'e bioskoop en alhiel net om moaije froulju to sjen. Hy soe graech dy hiele matristyske forskouwing ta stilstân bringe, lykas safolle ûnwennige patristen rounom; mar de biweging bliuwt yn gong. Hoe lang noch, dat is net to sizzen, mar it liket der noch net op dat wy it hichtepunt al hawwe. Yn dizze biweging docht fansels ek Fryslân mei, al is it net opfallend en dat, wylst Fryslân oan altiten wol opfallende trekkens fortoand hat. Opfallend wie yn Fryslân yn de herfoarmingstiid de greate sympathy foar it Mennisme, opfallend wie ek de bigjintiid fan it soasialisme yn Fryslân. Beide biwegingen dy't gearhingje mei matristysk stribjen en dy't net folslein ekonomysk determinearre binne. Undersikers fan it folkskarakter hawwe der op wiisd, dat by de Friezen de memmebining gauris moai sterk is en dat wiist der al op dat in matristyske ûnderstream to uzes altiten oanwêzich is. It bitsjut ek dat homofilen en binammen kryptohomofilen earder mear as minder as yn trochsneed yn Fryslân to finen binne. Mei krypto-homofilen bidoel ik de lju dy't by in oar klimaet dat oangeande grif iepenlike homofilen wêze soene, mar it nou yn oare wei sykje - in kalm houlik, frijfeint bliuwe - sûnder faeks sels der fan biwust to wêzen dat in oare fariant fan seksueel gedrach better mei har wêzen strykt. It hoecht gjin bitooch dat krekt sokken yn literatuer en kunst gauris in rolle spylje. De hiele jongfryske biweging is sûnder harren suver net to tinken. Hoe komt it dan dochs dat Fryslân yn de matristyske floed fan hjoeddedei net opfallend meidocht? Ik leau, wy moatte dêrfoar nei in oare karaktertrek fan de Friezen sjen: har ynbannigens. Sels de hear Algra sil de homofily as sadanich net ûntkenne, tinkt my, mar hy wol net dat der oer praet wurdt en alhielendal net dat dy iepenlik biliden wurdt. Der bisteane hiel hwat dingen dêr't de mienskip ré foar is de eagen ticht to knipen, mar dêr't hja net fan wol dat oer praet wurdt. Ik haw dat persoanlik fornommen doe't ik yn in forhael de homofily - né, dat net iens, inkeld it taboe op de | |
[pagina 306]
| |
homofily - ynfierde en guont my fortelden dat soks net ta de goede smaek hearde. ‘Rein’, hie ik it forhael neamd, mei dûbelde bitsjutting, mar it wie somlike letterkundigen dochs net reindernôch. It sil ek noch wol even duorje, ear't wy, lykas dat yn Ingelân - of all Countries - dochs al folle earder barde mei it wurk fan in Wilde bygelyks, of yn Nederlân mei dat fan Jacob Isr. de Haan, by in stúdzje oer literaire uteringen ta de kearn trochkringe meije, troch de seksuéle eigenaerdichheden fan de auteur it har takommende oandiel to wizen. Ik weagje my der dan ek net oan en jow foarbylden foar myn algemiene opmerkingen, dêr't ik mei de wiisfinger de auteur yn bitsjutte moat: dêr komt in soad gedonder fan. Underwylst binne der dochs mar boeken yn Fryslân forskynd as De Smearlappen en Fabryk, dêr't wurdfierders forskillend op réagearje, mar dy't it publyk, dat dêrmei bliken docht net ôf to wykjen fan dat yn oare gebieten, mear as gewoanwei keapet. Bliuwt lykwols it feit dat Fryslân net foarop rint, wylst it memmekompleks dochs altiten nochal sterk west hat. Jung hat in forbân lein tusken dit kompleks en de yntroversy en der op wiisd dat dit liedt ta it sykjen fan ‘den weg zurück, den lieben weg ins Kinderland’.Ga naar voetnoot1) Jin, foarsafier dat kin, út it reéle libben weromlûke en de rêstige biskerming fan de mem sykje, hwat him uteret yn fantasyen, dreamen en neurosen. Foar in part is dit wis it portret fan de Fryske skriuwer, fan de sneuper ek, fan de Fryske biweging. Neffens Jung binne yntroversy en ekstraversy kompensatoarysk oaninoar forboun: as it biwustwêzen yntrovert rjochte is, dan it ûnbiwuste ekstravert. Nou kin it foarkomme dat de ûnbiwuste ynstelling trochbrekt en dan wurdt it objekt oerspield troch o sa subjektyf materiael, fan gefolgen dat it in soarte fan magyske bitsjutting krijt. Der ûntstiet, mei in term fan Lévy-Bruhl in ‘participation mystique’. Ik neam dit even, net om foarbylden dêrfan yn de wurklikheit oan to wizen, mar yn de Fryske literatuer. It niisneamde Fabryk is eksimplarysk foar dizze forhaldingen en dêrby treflik skreaun. Hwat it boek fan Van het Reve oanbilanget, ik kin nou just net sizze dat ik der fier mei rin. It is goed skreaun, it ynteressearret my wol, somlike útspraken bliuwe jin by (er is niets tegen geoudehoer, als Gods zegen er maar op rust), mar ik haw der muoite mei. By de erotyske biskriuwingen bisykje ik de manlju to fortalen yn froulju en sels dan ûntgiet my it plesier | |
[pagina 307]
| |
en oare dingen leau ik ienfâldich net yn. Hwat Van het Reve ‘weerzinwekkende flikkerpraat’ neamt, kin ik wol forneare, mar as er net posearret en kokettearret krij ik gauris deselde aeklike smaek yn 'e mûle as by it lêzen fan de Jongfryske literatuer. Tusken heakjes, it forset fan de Jongfriezen tsjin Hof, al waerd dat dan ek op idéologyske grounen fierd, liket my foar in great part in rankuneus forwar tsjin de mantsjeman. En har politike idéalen binne psychologysk to fortalen yn it skaekmat setten fan de iene heit - i.c. de Nederlânske steat - to wille fan in Fryske dito, dêr't mem Fryslân dan mar mei rêdde moat. Hwat slop en hwat heal allegearre. Oars as de anarchisten, dy't de heit - de steat - deadzje wolle en mei de mem - de maetskippij - trouwe. Ik neam dit even, omdat it nuver lykje kin dat it anarchisme as polityk idéael en as organisearre biweging ôfdien hat, wylst it dochs as matristyske réaksje yn de patristyske twade helte fan de njoggentsjinde ieu wier hwat to bitsjutten hie, mar dan forjit men dat de steat - oarspronklik lo stato, manlik, lykas ‘vadertje staat’, dêr't lykwols it ‘tje’ al hwat oars yn oandocht - hwat langer hwat mear froulike trekkens oannimt en dat, lykas ek de hear Algra opfallen is, in ministeary mear hwat is dat subsydzjes forlient as ge- en forboaden útdielt. Mar wy hiene it oer it boek fan Van het Reve. Gjin niget dat senator Algra dêr biswier tsjin hat. As Fries hâldt er it leaver mei it ynbannige en boppedat fortsjinwurdiget er in streaming yn it Kristendom, dy't by útstek patristysk is. It soe al sleau fan him wêze as er bliid wie hwannear't de poaten him ûnder de stoel wei seage wurde. Koartsein, ik kin mei de hear Algra meifiele, al diel ik syn mieningen net. Mar der binne gâns, ek bûten syn eigen rounte, dy't dy mieningen al diele, mar se net útsprekke. Hja bylje mei de (matristyske) hounen dêr't hja mei yn 'e bosk binne, of, folle mear noch, hja slute de earen foar sok byljen. En dêrmei binne wy werom op ús útgongspunt: de skuld fan de helt út in treurspul. Foar my is de hear Algra sa'n helt; dy oaren binne it net. |
|