De Tsjerne. Jaargang 20
(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 308]
| |
Lolle Nauta:
| |
[pagina 309]
| |
Mar ik wol fierder oan schurer syn wurden, dêr't er syn freon eeltsje gjin tsjinst mei biwiist, gjin wurden smoarch meitsje. De man dy't foar de hjoeddeiske literatuer oer allinne mar wurden as ‘ynfantyl’ en ‘tragysk’ wit to bitinken, is sa njonkelytsen yn fryslân in tragyske figuer. Hy is o sa gaedlik om foar frouljusforieningen lêzingen to hâlden, dêr't men der dochs al fan oertsjûge is, dat op weg naar het einde en leafdedea gefaerlike boeken binne. Mei tamminga is it in oar gefal. Dy siet op 't lêst net yn de redaksje fan it kristlike wykblêd dat de stikken fan folkertsma publisearre en by hoecht himsels dus net to fordigenjen. Syn stik tsjin de jong hat boppedat yn de tsjerne stien en it hat dus sin krekt dit stik hjìrre to bistriden, omdat spitigernôch net alle lêzers fan dit blêd ek op asyl abonnearre binne en men dus net kontrolearje kin, oft hwat tamminga yn in emosionéle rite oer de jong syn stik skreaun hat, strykt mei de feiten.
Yn tamminga syn stik figureart bouke de jong as in literair noazemke dat út rankune tsjin it eigen kristlike komôf tsjin e.b.f. stiet oan to pisjen. Demagooch tamminga birikt dêrmei twa dingen. Yn it foarste plak spilet er it sa klear de lêzer fan de tsjerne in djip, sij it hwat guodkeap psychologysk ynsjoch to suggerearjen: sjoch dit mantsje, dit pisjende hountsje is it slachtoffer fan syn eigen rankune. Hy tinkt dat er it oer folkertsma hat, mar yn wêzen hat er it allinne mar oer syn eigen heit en mem. Tige forstannich fan tamminga om der net by to fortellen dat de jong sels him dit wapen yn hannen jown hat. Dy syn artikel oer folkertsma bigjint mei in koarte karakteristyk fan it eigen, otterdokse komôf en set dus útein mei in selsrelativearring. Tamminga pronket dus mei de jong syn fearren en brûkt boppedat in argumint dat altyd wer as in boemerang wurket. Alles ommers hwat skreaun wurdt en in bytsje de muoite wurdich is, lit him út rankune forklearje. In foarbyld: hokfoar rankune soe der sitte efter tamminga syn stik? Tsjin de jongerein? Tsjin it tydskrift asyl dat him neat oanlûkt fan de machtige redakteur fan it o sa offisiéle blêd de tsjerne? Sa kin men trochfreegje. Allinne ik leau net yn dizze styl fan polemisearjen. Bihalven in djip psychologysk ynsjoch suggerearret tamminga yn it twade plak de ûnoantaestberens fan de mythe fan de greatens fan e.b. folkertsma. Hoe lytser de jong, nammersto greater folkertsma, dy't njonkelytsen sa forneamd is yn fryslân dat nimmen him mear lêst, ek dyjingen net dy't eachweiding en toer en tsjerke yn har fryske boekekast hawwe. | |
[pagina 310]
| |
It folgjende sabeare skot yn 'e roas fan polemist tamminga is de stelling dat de jong allinne dy stikjes en sitaetsjes út it proaza fan folkertsma útskifte en út har forbân skuord hat ‘dy't him foar syn proai it meast kompromittearjend taliken.’ Hjirmei komme wy al tichter by de kearn fan de saek, hwant hjirmei sprekt tamminga dus mei safolle wurden út, dat de sitaten fan folkertsma, dy't de jong jowt, mei it wêzen fan dy syn wurk neat of alteast net folle to krijen hawwe. Nou, foardat ik dat leau, moat tamminga my oantoane dat folkertsma syn leauwe yn in like kristlik as germaensk fryslân en syn forset tsjin alle bisykjen om op rasionéle grounslach ta in wrâldmienskip to kommen, yn it ramt fan syn wurk bykomstichheden, ûnbilangrike futiliteiten binne. Praktysk alle sitaten dy't de jong jowt, hannelje oer dit thema. En it is my persoanlik, lykas bauke de jong, folslein ûnbigryplik dat men dit lêze kin - sels al soene alle sitaten, hwat ik net leau, út har forbân skuord wêze - sûnder der hartstikke mislik en biroerd fan to wurden; mei of sûnder rankune. Tamminga is trouwens ek ûnreedlik. Hy forwyt de jong dat er de sitaten út har forbân skuort, mar as de asyl-redaksje it fatsoen hat om de artikels oer de joaden, dêr't it binammen om giet, yn har gehiel to reprodusearjen, sadat de lêzer sels syn miening foarmje kin, dan stiet der ynienen: ‘... yn hear en fear ôfprinte; as demonstraesje fan eigen ûnmacht to in analyse?’. Der komt ek in saeklik argumint yn tamminga syn stik foar. Hy seit dat de jong de fout makket it bigryp ‘germaensk’ net los to sjen fan ‘de bismetting dêr't dit wurd sûnt de lêste oarloch mei oanhelle is.’ Ik haw ek it biswier tsjin de jong dat er de figuer fan folkertsma tomin yn it ramt fan syn tiid set. Foar in part is de groep dêr't folkertsma him mei identifisearre (kristlik, frysk, konservatyf ensfh.), forantwurdlik foar syn wurdgebrûk. It wurk fan folkertsma kin men, leau ik, allinne bigripe, as men it sosiologysk en kultuer-histoarysk relativearret. Mar soks foroaret neat oan de omstannichheit dat it wurd ‘germaensk’ yn 1934 b.g., doe't folkertsma toer en tsjerke publisearre, ek al bismet wie, wylst ek yn 1936 en 1937 b.g. ditselde wurd fan folkertsma noch altyd yn deselde o sa positive bitsjutting brûkt wurdt. Hwa't biweart dat it pas sûnt de oarloch ûnmûglik wurden is sokke wurden - en dêr heart ek it wùrd ‘joad’ by - nayf to brûken, forjit dat dizze wurden, krekt omdat se nayf brûkt waerden, de joaden yn de gaskeamer en de wrâld yn in twade oarloch brocht ha. Ek fóár de twade wrâldoarloch wiene der al minsken, tink oan de soasialisten en kommunisten, dy't wegeren it wurd ‘germaensk’ | |
[pagina 311]
| |
yn positive sin to brûken en de skiednis hat har gelyk jown. Hoe komt it, douwe tamminga, dat de greate essayist, skriuwer en lieder e.b. folkertsma suver neat bigrepen hat fan dy tiid, dêr't er yn libbe? Hoe komt it, douwe tamminga, dat dyselde folkertsma fan de hjoeddeiske literatuer likefolle bigrypt as de hinnen yn ysbrechtum en fedde schurer? Salang't jo dit soarte fan fragen net iens oan de oarder stelle, om mar to swijen oer in mûglik antwurd, is jou hiele polemyk tsjin de jong fortocht.
Ja, en dan de antisemityske útlittingen fan folkertsma. Tamminga mient dat de jong gjin rekken hâkdt mei folkertsma syn dialektyske tinkwize en syn paradoksale redeneartrant. Folle skriuwt de jong der yndie net oer, mar sjoen hat er dy dialektyk wol. Oars hie er net skreaun: ‘Nou wol ik bêst leauwe dat folkertsma net trochtocht hat (en dat hat er net), doe't er dizze antisemityske úlittingen op papier sette, mar it is op himsels al in skandael dat er him hjir net folslein efter de yn libbensgefaer forkearende joaden steld hat, mar de objektive breedskôgjende dialektikus wêze wol. It forklearret wol hoe't it komt dat wy de joaden stikke litten ha’ (asyl, II, 2, s. 65). Sa'n sitaet sjogge de bistriders fan de jong oer de holle, omdat it in mear nuansearre fisy jowt as hja him oanwriuwe. Boppedat, hoe sjocht dy dialektyk derút? Foroaret dy hwat oan de saek sels? Neffens folkertsma as otterdoks kristen binne de joaden sawol útkard as forwurpen. Forwurpen is de joad omt er mear wêze wol as in oar, wylst er yn werklikheit minder is (ûnseedliker b.g. as de dútser en de ingelsman, ja, ja). En hy is útkard omdat god it minne krekt oansjocht en oannimt. Folkertsma is dus gjin antisemyt pur sang, hwant by leaut dat dyjinge dy't him tsjin it joadske folk keart, dat dy him ek tsjin god keart. Folkertsma is dus sawol antisemyt as antiantisemyt. Sa nuver leit it lân fan de dialektikus, dy't it kunstke forstiet om ja en né tagelyk to sizzen, der nou ienris hinne. En mei dy god fan him is 't hielendal in raer spul, hwant dy is yn sekere sin antisemyt omdat er de joaden útkart en oarsom: hy kart de joaden út omdat er antisemyt is. Foroaret dat hwat oan de saek? Nei myn bitinken net, hwant folkertsma is en bliuwt it iens mei de stereotypen en foaroardielen fan it antisemitisme (de joad as jildjager, rasionalist, tige sinlik minske, materialist ensfh.). En it bnne yndie dizze stereotypen en foaroardielen, dêr't de mearderheit fan ús folk nosh altyd yn leaut, dy't de joad yn de gaskeamer brocht ha, | |
[pagina 312]
| |
ek al hat folkertsma soks perfoarst net bidoeld. Tamminga kin dus op gjin inkelde wize wier meitsje, dat de jong ‘folkertsma op in domme en fize manier antisemitisme oanwriuwt.’ De foaroardielen fan it antisemitisme binne by folkertsma dúdlik oanwêzich. Hja wurde allinne ynboud yn in kristlike theology, mar oft dat dy foaroardielen ûnskuldiger makket, is tige de fraech. Folkertsma syn kristlike oertsjûging makket it my allinne wol mûglik nettsjinsteande dat to leauwen yn syn persoanlike yntegriteit, in saek dêr't de jong him net oer útsprekt. Folkertsma bisiket mei help fan syn dialektyske theology syn antisemityske foaroardielen yn syn tinksysteem net allinne to yntegrearjen, mar ek to neutralisearjen. Hy forhâldt him ta syn eigen antisemitisme suver as in minske ta syn minne eigenskippen, dy't er net fordylgje kin, ek net ienfâldichwei ûntkenne, mar dêr't er allinne mei libje kin troch se safolle mûglik to bihearskjen en to regulearjen.
Ta hokfor misforstannen dizze saek ek oanlieding west hat en noch wêze sil, it is in greate fortsjinste fan bauke de jong dat er dit oan 'e oarder steld hat en alteast mei de entmythologisierung bigoun is. It machteleaze byljen fan de âldere generaesje foroaret der net folle oan. Hja fordigenje dochs in posysje dy't al lang net mear bistiet. Offisieel leauwe hja noch yn de fryske mythe, mar privé, by de buorrel, gnize hja der al lang om. Krekt dêrom is it ek sa fordealde pynlik as de mythe oanfallen wurdt troch swarte jan of spotske bauke, hwant de leauwigen hawwe neat mear to fordigenjen en it stânbyld, dêr't hja har krânsen bûgjend foar del lizze, is oars neat as it symboal fan har eigen, frustrearjend forline. |
|