It praet komt op Ingeltsje en Wytske ornearret it kin wolris hastich dien wêze mei har.
Gatske: Ja, ik bin bang dat Tsjipke oars noch in binaud lijen mei har kriget. Rouke praette lêsten al, men moast sa'n minske eigentlik mar hwat rottekrûd yn jaen. Ik lake der al om; mar wie 't net freeslik, sok sizzen?
Wytske: Och, hy seit der mar hwat hinne...
Gatske: Dat is ek sa, hy is net oars. Mar ik tochte: man, man! licht geane je sels noch wol earst.
Wytske: Dan soe dy kaertlizzerij fan hjoed wrychtich wol ris nei komme kinne!...
Gatske: Kom, kom! Hâld op, Wyts! 't Is mar gekheit hear. Hwat soe sa'n âld skûtel, as ik ien bin!
It is wier dat yn inkele petearen to wiidweidich yngien wurdt op allerhande foarmen fan byleauwe, mar oars, hoe knap makket Van der Veen fan de dialooch gebrûk om suver ûngemurken ynformaesjes to jaen. Mei al dizze lytse streekjes sketst Van der Veen it byld fan de persoanen en fan hwat dy persoanen biweecht, in byld dat skerp is en forantwurde. Men soe De kaertlizzer ús earste psychologyske roman neame kinne.
In twadde printing fan De kaertlizzer is koartlyn forskynd as nûmer 2 yn de Iduna-rige. (Teksten út de Fryske skriftekennisse fan de njoggentjinde ieu ûnder redaksje fan K.S. Katsma, dr. Y. Poortinga en G. van der Woude).
De bisoarger fan dizze twadde printing, J. Stienstra, hat de stavering modernisearre, mar bisocht om it lûd fan de oarspronklike útjefte safolle mooglik to bihâlden. ‘Oer de útspraek fan Van der Veen syn wurk sil wol forskil fan miening bistean kinne’ stiet yn it foarwurd, ‘... ik wit sels mar al to goed hoe't der soms keazen wurde moast.’ Dat forskil fan miening bistiet grif. As ik sjoch dat ‘poattsje’ foroare is yn ‘potsje’ en ‘begint’ yn ‘bigjint’ dan set ik in fraechteken. Ek stiet it by my net fêst dat mei de stavering ‘in’ (bynwurd) de útspraek ‘en’ bidoeld is en mei de stavering ‘loan, hoan, forstoan’ de útspraek ‘lân, hân, forstân’, sa't Stienstra blykber oannimt. 't Is bêst mooglik dat er gelyk hat, mar ik hie graech witte wollen op hokker feiten en théoryen as Stienstra syn foarstelling fan de útspraek basearre hat. Tagelyk hie dan forantwurde wurde kinnen dat de ynterpunksje op guon plakken wizige is en dat yn ien gefal - ik ha tominsten mar ien gefal foun - it taelgebrûk korrigearre is: ‘mat er oan tinke’ (noat op side 41) is foroare yn ‘moat der om tinke’.
De koarte ynlieding wurdt foar in great part bislein troch in oersjoch fan de nammen mei berte-, trou- en stjerdata fan de persoanen dy't model stien hawwe foar de figueren út De kaertlizzer. De ynlieder seit dat er dit listke oernommen hat út Wadmans dissertaesje ‘sfoar de lêzers dy't der nocht oan hawwe om forlykjendewei puzzels op to lossen oer de leeftiden fan de lju, de tiid dêr't it forhael him yn ôfspilet en om mûglike ûnkrektens fan ien en oar op to spoaren.’ Ofsjoen fan it feit dat men dizze puzzels net goed oplosse kin sûnder noch in oare kaei to hawwen, to witten de brief fan 11 augustus oan T.R. Dykstra, freegje ik my ôf, to mear om't de ynlieder blykber sels net to djip op de roman yngean woe, oft er net bilangriker dingen út Wadmans proefskrift oernimme kinnen hie.