De Tsjerne. Jaargang 20
(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 276]
| |
Lolle Nauta:
| |
[pagina *17]
| |
GERBEN N. VISSER
berne 1910 | |
[pagina 277]
| |
wurdboek mei ‘navloed’; de dichter ropt dus biwust in assosiaesje op mei de titel fan de earste bondel, al is dy assosiaesje ek forriederlik, omdat men oannimme mei dat in part fan agger al foar jolm op de igge oanspield is. De titel fan visser syn twade bondel twingt jin werom to gripen op de earste en beide meiinoar to forgelykjen. En dan moat it my fuortendaliks fan it hert dat de titel agger goed keazen is, hwant forgelike mei jolm, ha wy hjir yndie mei ‘neispielsel’ to krijen. Jolm wie in gehiel. Ek al bihannele visser forskillende thema's - fryslân, de leafde, iensumheit en it amtner-wêzen b.g. -, syn pessimisme makke der in ienheit fan. Dêrtroch spriek yn dizze bondel ien mei in eigen lûd. En dêr kaem by dat dizze pessimist sa iroanisyk wie en mei help fan it fers safolle ôfstân naem fan himsels, dat er nea sentiminteel waerd en mar komselden larmoyant.
Keapje in skepnet, sei ik, en in aquarium,
Of better noch, gean as it sintsje riist,
Sneins út to fiskjen mei in angel en in frou,
Kydlje har flanken, lit de rêst blau-blau.
Sels mem fryslân, de iennige offisiéle prostituée yn dizze provinsje, waerd net allinne mei moaije wurden oanklaeid, mar ek útklaeid.
Fryslân is it feilich hûs,
Fryslân is it djip gerûs
Fan it beamt swierkrunich
Fryslân is de hunich.
Fryslân is de bitterheit,
Is it wurd dat alles seit.
Dêr allinne is rêsten
Einlings en to'n lêsten.
Agger is gjin bondel út ien stik en dat om forskillende redenen. Ik mis yn guon fersen de kontrastwurking, dy't it pessimisme fan visser fortarber makket. Oan in freon is in foarbyld fan sa'n fers, dat yn technyske sin wol doocht, mar dêr't ik dochs neat mei wurde kin. It bifettet de rie de eigen tún to forsoargjen, boer to wurden en sa de frede to sykjen, dy't in ‘kostberder jefte jit as al dyn blommen is’. Ofwaeide romantyk. Sa idéalistysk, dat ane jousma hie it skriuwe kinnen. Der kom- | |
[pagina 278]
| |
me trouwens yn agger mear natûrfersen foar yn tsjinstelling to jolm, dêr't men soks, útsein de fryslân-fersen dan, net yn fynt. Mar ek yn oar opsicht hat visser yn agger in to great forskaet byinoarswile. Dizze dichter, dy't dichtet fóár de eksperimintéle revolúsje, hat hjir somtiden lêst fan rymtwang. Dat is b.g. it gefal yn it fers kantoarjuffer, mar noch folle mear steurt my it rym yn de lêste twa rigels fan it op himsels aerdige, hwant boartlike ferske ik woe:
Ik woe, dat ik har kaem wie,
Of dat ik har poeijerdouns wie,
Of dat ik har jarretel' wie...
Né, dat ik it wetter hel wie
Dat hiel har lichum ken en
It talústerje mei by it swimmen.
Dat der yn agger ek fersen foarkomme as b.g. letter, leistû, post coitum, sonnet en flokspreuk, dy't ik yntegrael akseptearje, makket it forskaet, dat dizze bondel ynhat, allinne mar greater. Episoade falt ek ûnder dizze kategory en is boppedat qua thema en bihanneling in fers dat ek yn jolm net misstien hie:
Haw ik har leave? Faeks yn it bigjin?
Ik wit it net. Wol wit ik dat oplêsten
In djippe ûntofredenheit him nestle
En kankere en friet. 'k Wie machteleas dertsjin.
As ik har jouns nei hûs brocht kamen by
De treppen in pear tuten, drúskjend en
Elanleas jown, al 't âlde fjûr forlern.
't Wie suver it forplichte nûmer, wy
Fielden it beide: 't siket om de ein
Mar de romantikus woe 't better witte
Hwat soe ik dwaen? Har yn it wetter stjitte
Revolver, gas? Ik martele myn brein.
Mar hja hat woun. O it wie magistrael
Hoe hâlde hja dy deis m'in spegel foar
Ik sjuch it jit: se kaem út it kantoar
Mei in konkurrint, sa boargerlik banael,
| |
[pagina 279]
| |
Sa'n lytse ynketslabber! O, myn God
Se fytsten op, en roerend by my lâns,
En dêr stie ik, Othello yn de Skrâns,
Snjitte en tognjidde fan har tinne spot...
De erotysk-anekdotyske fersen yn agger mei ik graech lêze. Dat komt, wol 'k leauwe, omdat hjirre winst en forlies, debet en kredit dúdlik foarinoar oer steane en visser himsels hjirre neat wysmakket. It pessimisme fan de dichter kriget hjir foarm én funksje en hoecht him net yn romantyske algemienheden to uterjen dêr't sûnt slauerhoff en al to folle oaren de smaek al lang ôf is. De erotyk is it iennige fleis oan dit to meagere bondeltsje. Ik wol net skriuwe, sa't in frysk kritikus die: jolm is foller better, dus ik forsmyt agger. Mar ik moat al skriuwe: dit nuvere boekje mei fersen, dy't sa'n tweintich, tritich jier forlyn skreaun waerden, kin ik allinne akseptearje, omdat it skreaun is troch de dichter fan jolm. Ofsjoen dêrfan, is it my net folle wurdich. Miedema hat it op deselde kleurleaze wize útjown, dy't wy sûnt kymgong fan him wend binne. |