| |
| |
| |
Persoanen:
BORGEN, de nije master. |
SUZANNE, dochter fan Mathilde. |
JUFFER BRÚN, âldfaem, ûnderwizeres. |
MATHILDE, mem fan Suzanne, kaféhâldster yn Flora. |
JAN IZERHEAK, âld-séman. |
PASTOR PRAET, dûmny. |
DR. MEDIKUS. |
PRINT, journalist by Langhelle foarút. |
SKIPPER TØNNESEN, âld-skipper. |
ELVIRA, syn frou. |
MARKUS, grossier en winkelman. |
SERINE MARKUS, foarsitster fan 'e Frouljusforiening, syn frou. |
KASPER, séman-fisker. |
ERNA, syn frou. |
EGIL MARKUS, soan fan Markus en Serine Markus. |
TORIL, faem fan Egil. |
In keapfrou efter in karre mei fisk. |
TOBIASSEN, netteboeter. |
Manlju, froulju en bern yn Langhelle. |
| |
Earste bidriuw
(Foar't it gerdyn iepen giet, wylst it noch tsjuster is, spilet in oargel: Mei de takomst tsjuster lykje (Ges. 300A). It gerdyn skout oan kant, it ljocht gloeit oan: ljocht fan in maitiidsmoarn oan sé, in moarn mei heech klear sinneljocht yn in wyt havenplakje. Rjochts en lofts hûsgevels dy't fleurich trochinoar en boppeinoar omheech rize. Midden op it toaniel in oanlizsteger. Dêrefter lizze de hûzen yn in bôge om de sé-bocht hinne, yn 'e fierte dizenich eilannen en klippen, sé en loft. Efter de oanlizsteger toppen fan skipsmêsten en netten dy't to droegjen hingje. Ek foar op it toaniel by de fuotljochten is in oanlizsteger, rjochts derfan in stikje fan in skiphûs, dêr't netten hingje to droegjen.
| |
| |
Hielendal lofts in terraske mei tafel en stuollen - it kafé hjit fan Flora. Op 'e gevel dêrefter stiet op in boerd: Langhelle foarút, in eintsje hegerop oan deselde gevel: Dr. Medikus. Oan 'e rjochterkant sjocht men in stikje fan it âlde húske fan skipper Tønnesen, dêrby omheech in oerfloed fan roazen: yn it lytse stikje tún foar de hûs ûnderskate soarten útlanske planten. In wyt stekje.
As it gerdyn fansiden giet, klinkt it oargelspyljen stadichwei fierderôf. It waeit, de fisknetten weagje en de toppen fan 'e mêsten weve hwat hinne en wer. Skreauwen fan mieuwen. Rjochts, hielendal foaroan op it toaniel stiet de fisker en earste wurdfierder Tobiassen, dwaende mei nettespul.)
(tsjin 't publyk)
Dit hjir is Langhelle. Wyt lyts stedtsje oan sé. Wyt kloftsje hûzen mei lân der om ta. Bosklucht, sélucht, in soun klimaet. Tsjerke en tsjerkhôf midden yn 't stedtsje. Boate-stegers, in merkplein.
(Wylst er dit seit komt dûmny Praet fan lofts ôf oer de steger, yn dûmnysklean, in hoed mei brede rânne op 'e holle. Hy stiet in amerij stil en sjocht út oer sé. Rjochts komt frou Markus op in balkontsje nei bûten ta mei in kleedtsje, dat se to wierjen hinget.)
(tsjin it publyk, wylst er in lichte bûging makket; hy hat in fol lûd en wit dat skoan)
Dûmny Praet, dûmny fan Langhelle en omkriten. Ik kaem hjir al jong en bin hjir hingjen bleaun.
Ta greate seine foar alleman, hy kin goed preekje en soarget foar ús sielen.
(wriuwt him yn 'e hannen op dûmnysmanear)
De gemeente is great, to lân en to sé - ik kin alles net neikomme. Nou moat ik nei Utøy. In fiskerswiddou leit dêr to stjerren.
(stiet foar it soudersfinster yn in wite doktersjas)
Ik haw dien hwat ik koe. Hja stjert yn greate earmoed. Har man bleau op sé.
(Tsjin 't publyk, knikt efkes mei de holle):
Doktor Medikus, distriktsdokter yn 'e gemeente Langhelle. Ik ken se allegear skoan, nei fyftjin jier dokterjen.
(hat foar de doar fan ‘Langhelle foarút’ stien, rôllet in sigaret en falt fûl yn)
Us stêd is in efterôfgat. It stjonkt hjir nei rotsjen en ôfeart.
(Bûcht him)
Print. Journalist by ‘Langhelle foarút’.
(Stekt de sigaret mei in oanstekker oan.)
(redenryk, op it balkon)
Serina Markus, foarsitster fan Langhelle-frouljusforiening.
(Snuvend tsjin Print, dy't allinne mar mei in skealik glimke oan 'e skouders lûkt)
Us stêd is gjin efterôfgat! Wy ha nou in beukerskoalle en om 'e oare dei is der in film; de jeugd is wol in probleem, dêr sil wy 't oer ha, in oare kear, nei in lêzing fan in forneamd psycholooch. Us stedtsje
| |
| |
hat ek in bibliotheek, dêr't jo Hemingway, Bjørneboe en Hoel liene kinne.
(kalm)
Mar hwa hat it oan tiid om to lêzen? Us stedtsje bistiet fan hwat hannel en ambacht en fan fiskjen. Wy ha in fabryk foar hearringmoal en wolle mear yndustry. It toerisme bringt yn july de fleur der yn yn ús stêd.
(It oargel spilet wer.)
Yn mannich ding binn' wy 't net iens, mar allegear hâlde wy fan dit wite stedtsje oan sé, hjir wolle wy libje en stjerre.
It is de nije master dy't spilet.
(hat iderkear oer de sé stien út to sjen, hy forwachtet it boat nei Utøy, hy draeit him healwei om, mei de hânpalmen tsjininoar oan en de holle hwat skean yn prakkesaesjes)
Dat er oargelspilet sjoch ik as in goed teken. Miskien wurdt er oargelist, as dat plak mei gauwens frij komt.
(praetsk, gâns finsters binne nou iepen, nijsgjirrige froulju stekke de holle derút)
Hy moat frijhwat swalke ha, ear't er de mastersakte helle. In skoft hat er séman west. Ik wit net, hoe soe it wêze mei syn morael?
(De froulju yn 'e finsters knikke, sjogge inoar oan.)
Dan wurdt er in bêste master yn ierdrykskunde, hwant hy kin fortelle hwat er mei eigen eagen seach yn Buenos Aires, Calcutta en Singapoer.
De bern binne gek mei him, nou al, nei fjouwer wike.
(tagelyk)
Ja, as hy fortelt, forjitte wy hwer't wy binne. Yn in skoalle mei wytkalke finsters.
En by bibelske skiednis is 't krekt as binne wy by de Reade sé. (De oargelmuzyk hâldt op.)
(leit har de hân op 'e holle)
Mar Luther?
Né, fan 'e katechismus ha wy noch neat hawn.
En jowt er jim al les oer 't seksuéle fraechstik?
(skou, sjocht foardel)
Né...
Hy moat wol prate kinne. Dan is hy ús man de earste maeije en op oare heechtijdagen.
Hy kin it wurd dwaen by 't bitinken fan ús deaden op it hôf, de krânsen lizze...
Is er as ûnderwizer goed dan moast er hjir oars bliuwe.
Ien fan ús jonge fammen soe him eins biflappe moatte en sa bine.
(By dizze lêste wurden is de dûmny mei help fan in fisker delstapt yn in boat efter de stager. In motor slacht oan en hja glide nei lofts.)
(mei in hânbiweging nei de oaren, hja hat Master Borgen oankommen sjoen)
Sssst!
(Elts is dwaende mei syn wurk. In sfearfolle stimming hearsket:
| |
| |
skreauwen fan mieuwen, motorbrommen fan fierren en tichteby, gegûl fan in boat hiel fier fuort, pianosypljen út in hûs wei, bernegûlen, laitsjen, alle lûden dy't karakteristyk binne foar in stedtsje oan sé. De beide famkes binne oan 't hinkjen.)
(Master Borgen komt fan rjochts by de steger lâns, hy rint hurd, mei de holle efteroer, de eagen heal ticht, as naem er de sé en de haven en it doarp yn him op, hy njuentet: ‘Mei de takomst tsjuster lykje’, skuort de hoed fan 'e holle en swaeit wakker nei sé op, set de hoed wer op en sil fierder gean. Dan komt der in wynpûst dy't him de hoed fan 'e holle skuort. Hy grypt der noch nei, mar it is to let, de hoed dounset nei foaren en Borgen set him efternei mei de tas ûnder de earm. Ien fan de famkes hat de hoed to pakken krige. Eltsenien hat wille.)
Tanke, tankewol, fanke.
(Faget de hoed hwat ôf en triuwt dy stiif op 'e holle. Hwat fierderôf bigjinne der bern to sjongen. Borgen set wer yn: ‘Mei de takomst tsjuster lykje’.)
(hat ek wille hawn oer it tafrieltsje mei de hoed)
Lekkere kabbeljau, master Borgen, sa út sé wei. Krekt goed fan dikte. Fiel mar ris!
(bitúmket de fisk, núnderet ôfwêzich fierder mei de psalm)
Dy moat ik mar ha.
(docht de fisk yn in krante)
Sa út sé ophelle, en aenst leit er dampend hyt op jou iterstafel to trillebiljen.
(hat de holle der nou hwat better by, wriuwt him yn 'e hannen)
En dan in flesse wite wyn derby, in lekkere Bordeaux blanc.
(mei de wiisfinger op 'e lippen sjocht se om har hinne)
Ssst!
(docht itselde)
Ja, ja, ssst...
(Hja sjogge inoar glimkjend oan.)
Jo sille nou wol hast jou bikomst derfan hawwe om sels fisk to sieden. Jo moasten mar trouwe, Borgen.
(Jowt him de fisk oer)
Dat is dan sechstich sinten.
(bitellet glimkjend)
Der is net ien dy't my ha wol.
(sjocht skean nei in soudersfinster, dêr't wolris in gesicht efter wêze koe)
Ei hwat, der binne hjir froulju by de bult dy't graech trouwe wolle.
(Understreket hwat se seit mei sprekkende biwegingen)
Us jonge fammen dy't wûndermoai opwaechsje, de skonken fol fan jazz en samba, mar de holle leech, alle dagen de glinsterjende pronk oan, se flitterje op fine nulle-hakjes en de rokjes tippe heech boppe de knibbels. Us jonge widdouwen binne sêft en soppich as oerripe fruchten, wol hwat om de tosken deryn to setten foar ien dy't glûpende honger hat. En dan de âldfammen, it kin wol lykje
| |
| |
oft se útdroege binne, mar hwát bliuwt der altiten noch oer, dat gestet en siedt efter kloskant en swarte sjael.
(Jazzmuzyk út ‘Flora’ wei)
Kreaze masterskes soene se wurde kinne, de iene sa goed as de oare.
(Suzanne, in famke fan sa'n tweintich jier, moai fan uterlik, mei in gesicht dat hwat fan in madonna wei hat, mar ek hwat fan in hoer, komt út 'e hûs wei op it terras, skikt stuollen en tafels, it ritme fan 'e jazz sit har yn 'e skonken.)
(tsjin Borgen dy't nei Suzanne stiet to sjen - mei de wiisfinger warskôgjend omheech)
Mar nim jo to wacht foar Suzanne...
(fan 't balkon ôf, dêr't se krekt op forskynd is)
Bonjour, master.
(draeit him fuort fan 'e merk ôf, nimt mei in greate, swierige swaei de hoed ôf)
Bonjour, madame.
Ik hearde jo spyljen. Soene jo net ris Bach foar ús spylje kinne yn de frouljusforiening?
(mei in lichte bûging)
Avec plaisir, madame.
pakt him by de earm, lûkt him mei)
Jo moatte mei ús krythinkje, master, sa't jo juster yn 't frijkertier ek diene.
(pakt him by de oare earm)
Toe master, toe nou!
(mei in affektearre sentimintéle sucht)
Ik hâld sa fan Bach!
(bigjint to hinkjen, mei de tas ûnder de iene en de fisk ûnder de oare earm, wilens praet er wakkere patétysk omheech nei frou Markus)
As men Bach spilet, is it krekt oft men yn in Gotyske katedrael komt. As ús Leaven Hear yn syn iensum hielal hwát heart fan hwat der opklinkt út ús wrâld oan lof- en kleisangen, dan moat it wol Bach wêze.
(spitich)
Mar master, jou skuon binne to great.
(hâldt yn, sjocht op 'e fuotten del, lûkt oan 'e skouders)
Ik jow it oer.
(op 'e knibbels, mei in stik kryt)
Wachtsje mar, wy meitsje greater hokken foar jo.
(Der komme mear bern by, jonges en famkes, dy kringe ropperich om him hinne.)
(troch inoar hinne)
Jo moatte mei ús keatse, master! Kom mei ús to toudounsjen! Fortel ús ris hwat, master!
(is syn fisk kwytrekke)
Hâld op! Myn fisk, hwer is dy bidarre?
(hat him opkrige en seit, mei in biweging nei de steger)
Wy keapje in nijen-ien foar jo, master, en smite dizze mar wer yn sé!
(pakt him)
Né, né! Dan soe it libben fan dizze fisk mar in bytsje nut hawn ha.
| |
| |
Hwat witstou eink fan in fisk?
(sitearret út syn natûr-histoarysk boek)
De fisk is in bist mei in rêgegraet, dy't yn it wetter libbet en sykhellet troch kiuwen. It lichem is bidutsen mei skobben, en de lidden binne omfoarme ta finnen. De measte fisken lizze aeijen.
En dat is alles?
(Suver hwat tryst hâldt er de fisk omheech en hellet it papier derôf)
Nim nouris dizze kabbeljau, dyst fuortsmite woest. Dy is miskien op 'e sânbanken by Shetlân berne, en hat as lytse kabbeljau yn glinsterjende iezings omswalke, yn forbazing sûnder lûd to jaen út en yn glidend troch griene doalhôven op 'e boaijem fan 'e sé.
(De bern wurde stil en harkje, geane op 'e kisten, treppen en tsjin 'e skeante oan sitten. De dokter docht it finster iepen, frou Markus jowt it wurk op it balkon oer. Tobiassen sit hwat forbaesd by syn net to harkjen, de merkkeapfrou jowt har der ek by del. Efkes letter komt journalist Print bûtendoar. Hy stiet der hwat skealik to laitsjen en harket ta. Borgen is hwat ûnwis bigoun, hwat om bylden sykjend, mar wurdt sels al mear meinommen troch syn eigen fisioenen, en nimt ek de oaren mei.)
Hy die mei oan 'e gefaerlike tocht lâns de kusten fan Grienlân en Labrador, en rekke ûnderweis wol gauris in meireizger kwyt. Mar ús kabbeljau teach fierder, dreaun fan eigen oanstriid of fan swalkersûnrêst, nei nije farwetters, en oant hjoed-de-dei ta is er hieltiten oan 'e dea ûntkommen, ûntkommen oan it skaed fan swurdfisk, haei of driuwende netten. Miskien socht er sûnder it sels goed to witten nei in bitsjutting fan syn kabbeljau-libben, hy hat dounse yn it noarderljocht efter transatlantyske boaten, hy hat yn moanneljocht nachten yn 'e brânning fan ebbe en floed west - ja, stream en waer en wyn hat er folge, en dy brochten him nei it eindoel: dat in fiskerman út Langhelle him by 't opgean fan 'e sinne yn syn net krije soe en yn syn boat lûke tagelyk mei in hiele glinsterjende fangst. En hy hat foar syn libben fochten yn in bak mei smoarch wetter en slimen en fiskebloed, en hy hat syn sturt
to blieden slein, hwant efter dy hurde boatsplanken hearde er yn de ûre fan syn dea de sé rûzjen, en hy koe dêr mar net hinne komme.
(Bliuwt stil stean, sjocht nei de fisk, teart de krante der wer om hinne. Hja swije allegearre. Print giet wer yn 'e hûs.)
(gûlend)
Dy earme fisk...
(De toersklok bigjint to slaen, Borgen wurdt warber, hy kriget in fluitsje út 'e bûse, ropt: Ynkomme! en mei de hiele kloft bern giet er rjochts ôf. De toersklok slacht njoggen.)
De toersklok slacht, nim tiid towacht.
(In pear
| |
| |
froulju stekke skean de steger oer. Hja wolle by de merkkeapfrou hwat helje. Motorbrommen fierwei en tichteby, op in distânsje roppe manljuslûden oaninoar, mieuwen skreauwe. Swier toetsjen fan in boat yn 'e fierte. Efkes letter wer ien, hwat oars fan toan.)
(ûnder lieding fan Borgen sjonge se op in lytse ôfstan)
‘Mei de takomst tsjuster lykje,
Feilich gean 'k oan 's Heare hân;
Moedich sil 'k de wegen sykje
(yn it finster, tsjin it publyk)
As de sinne heger komt, rûkt Langhelle lakswiet nei fiskegrom, tarre en ségers. Greate boaten komme hjir net, dy slagge allinne it wetter tsjin de stegers as se foarbygean.
(Men sjocht de fiskersboaten op en del gean, yn de wurden fan Medikus leit in ûnderdrukte ]angst)
De reek hinget dêr bûten boppe it soal, wurdt dan wei, de wyn út sé rûkt nei stienkoal.
(nofteren, tsjin 't publyk)
Fiskers yn blau overal fan Langøy en Utøy komme hjir alle moarnen, bringe har fangst en keapje by Markus moal, margarine, tabak, en stekke mei fleurige rôp wer yn sé.
(Om middei hinne komt skipper Tønnesen bûten en beakert him yn 'e sinne.)
(boppe oan 'e trep, âld en útlibbe, hâldt him oan it nette-lattewurk beet, hy hat lykwols noch hwat fan de greate séman en sylboat-skipper oer him. Hy knypeaget tsjin de sinne, dan seit er tsjin it publyk):
It lêste skip, dat ik bistjûrde, dat wie De Hope, in trijemêster, hy sonk by Biskaeije.
(Giet taestend by de trep del.)
(sêft)
De sykte fan Skipper Tønnesen komt net faek foar, is ymportearre fan East-Ynje, miskien. De symptomen ken ik net, mar ik skriuw in resept yn Latyn, en fierder hâldt er him driuwende op jenever.
(Droech)
Alle oare sykten yn Langhelle binne fan de gewoane soarte en wurde forholpen mei drankjes tsjin 't hoastjen en laksearoalje, soms mei penisilline.
(De toersklok slacht wer, twa slaggen.)
(kriget it drok mei it oppakken fan har spullen, hja núnderet ûnder it wurk)
‘De toersklok slacht, Nim tiid to wacht, De ivichheit bigint to nacht.’
(op in lytse ôfstân, ûnder lieding fan Borgen)
Greate God, wy loovje Jo,
Hear, o krêft oer alle krêften;
| |
| |
Hiel de skepping bûcht foar Jo,
En biwûnd'ret heech Jins trêften,
Jo, hwaens macht en majesteit
Binne en bliuwe yn ivichheit. (Ges. 149:1).
(hat hwat sitten to slûgjen, seit ynienen):
Alle sneinen gean ik nei tsjerke ta, hwant dêr hinget oan 'e souder in kopy fan it sylskip De Hope. It lêste greate sylskip fan Langhelle. It oargel brûzet as wie it de sé sels. En De Hope widzet mei fol túch.
(Sit efkes stil en glimket yn himsels, dan seit er droech)
As ik thúskom, fortelt Elvira hwat dûmny sein hat.
(ropt út 'e hûs wei)
Tønnesen!
(Tønnesen docht oft er neat heart.) (Elvira docht it finster iepen)
Tønnesen! Kom nou yn 'e hûs. It wurdt kâld.
(hwat fortrietlik)
Ik bin net kâld. En ik bin noch mar krekt bûtendoar.
(krekt as praet se tsjin in bern - mei soarch mar ek hwat albistellerich)
Né, dou hast hjir al ûren sitten! De klok hat krekt sawn slein.
(hwat forbaesd)
Sawn? Hm. De tiid giet nou hurder as yn earder dagen.
Dou hast sitten to sliepen. Dat is net goed foar dy, Tønnesen.
(dwers)
Ik wol noch net yn 'e hûs. It is sa'n moaije dei.
(Under it petear tusken Tønnesen en Elvira is master Borgen opkommen, mei de tas ûnder de earm, by giet op it terras by in tafel sitten, docht de tas iepen, kriget der ûnderskate spullen út, taelboeken en de fisk yn 'e krante, hy sjocht der hwat forbaesd nei en leit him oan kant. Hy bigjint to korrigearjen. Yn in hûs wurdt de radio oanset en men heart it lêste stik fan ‘Sole mio’, songen fan Gigli. Suzanne komt út it kafé wei op it terras, hja rint stadich en widzet mei de heupen.)
Hwat sil it hjoed ris wêze, master Borgen?
(knipt de punt ôf fan in greate, swarte sigaer)
Kofje, mar dan sa sterk, dat ik de geur fan Sumatra der yn priuwe kin.
(koket)
Bêst, master.
(Wol fuortgean.)
(kriget in doaske lúsjefers út 'e skelkjebûse)
Fjûr sille jo ha.
(Stiet deun by him en jowt him fjûr)
Dat jo sa'n great swart ding smoke wolle.
(docht in fikse hael)
Hy is swart fan 'e Braziliaenske sinne, en hy geuret!
(Suzanne ôf. Borgen hinget efteroer, genietet fan 'e sigaer, sjocht út oer de sé. Print komt op, tas ûnder de earm, sénuweftich en drok.)
(by de tafel fan Borgen)
Mei ik?
| |
| |
(om mar hwat to sizzen, docht syn tas iepen)
In moaije dei.
Ien fan dy dagen dy't Us Leave Hear ús jowt as mylde jeften út syn greate oerfloed.
Tja-a.
(Kriget in manuskript út syn tas)
Ja, ik haw hjir in artikel dat ik fan doel wie fan redaksjewegen moarn yn 'e Langhelle foarút to setten. As jo it ris ynsjen woene, it giet oer bipaelde wêzentlike skoalle-problemen.
(in bytsje mei tsjinsin)
Hwer giet it oer?
(mei de wiisfinger yn it manuskript)
Ik easkje yn dit artikel dat de fuortplantingsleare nou ek by ús ynfierd wurde moat.
(Hy sjocht Borgen ûndersykjend oan, om gewaer to wurden hoe't dy der oer tinkt)
Der binne jo it grif wol mei iens?
(Fluitsjen fan in boat fierôf yn it soal.)
(sjocht op syn horloazje)
Tsien minuten oer sawnen.
De kustboat is ûnderweis. Hjoed ek.
(rekke)
Hm. Dy is altiten ûnderweis by sok moai waer. Dus:
(hy lest)
‘Guon réaksionaire machten yn Langhelle hawwe lang har forset tsjin it ynfieren fan 'e fuortplantingsleare as skoalfak, mar it tsjinakseljen jowt harren neat. De greate foarútgong set troch, ek yn Langhelle.’
(knikt)
Ja. Ek yn Langhelle.
(Sjocht flechtich nei it manuskript, jowt it dan oan Print)
Printsje mar.
(leit it manuskript del)
Binne jo it dermei iens?
Ik siz mar mei de wysgear Archimedes: doch mar hwat jo wolle, as jo my mar yn frede litte mei myn sirkels.
(giet hastich oerein)
Hwat foar sirkels?
(lûkt oan 'e skouders)
Sirkels fan blauwe sigarereek bygelyks, dêr't men de sé sa moai trochhinne sjen kin. (Suzanne komt mei kofje. Borgen wriuwt him yn 'e hannen.) En dêr ha wy Suzanne mei gleone kofje. Nim ek in kop, minhear Print, nim it der ris fan en lit de wrâld mar efkes draeije sa't se wol.
Né, ik moat fuort. En kofje is forgif foar myn maechswolm.
(Hy sil fuort, hâldt yn, seit heal út 'e gek, heal yn earnst, mar mei in forburgen driging.)
Mar nòch is yn Langhelle twaris twa fjouwer, en in kabbeljau is hjir sljocht en rjocht in kabbeljau, master Borgen. Hy swimt mei de bek iepen en libbet fan plankton en lyts fiskjeguod, en hy fret sels syn lytsere kabbeljaubruorkes op, hy driuwt mei de stream del en altiten yn in iezing. Mar der binne ek asoasiale kabbeljauwen, dy't derút brekke en harren eigen nuvere wegen geane, en al gau binne se oanfierder fan in nije iezing, miskien wol sûnder it sels to wollen. Om koart to kriemen, master Borgen: ik warskôgje jo.
(Of.)
| |
| |
(mei in hânbiweging Print efternei)
Bitanke.
(lûkt oan 'e skouders)
Hwat in nuver praet allegearre, en allinne mar oer kabbeljau. Earst fan 'e moarn bitiid jo en nou hy.
(sjocht har oer syn kofjekop oan)
Hat der wol ris ien west, dy't sei dat jo moai binne, Suzanne?
As ik skilder wie, soe ik jo skilderje wolle. Jo dogge my tinken oan in famke, dat ik ris sjoen ha yn Bretanje; se stie op in steger en forkocht griente, beijen en fruchten - se hie griene eagen, krekt as jo, en de fruchten gloeiden en glinsteren har yn 'e hannen, hwant it wie in ljochte dei, krekt as hjoed.
Ik haw gjin griene eagen.
Se skine út 'en grienens, miskien komt dat fan it ljocht fan 'e sé.
(Hja sit him, mei in kokette laits, rjocht yn 'e eagen to sjen. Der is spanning tusken harren. Borgen draeit de eagen ôf en sjocht yn 'e fierte. Skreauwen fan mieuwen.)
As jo hjir sitte, liket it wol oft jo oan board fan in skip sitte.
(sit heal en heal op 'e leuning fan in stoel)
O, it moat wol seldsum moai wêze, reizgje to kinnen. Ja, ik wit dat jo learn hawwe. Frjemde lannen to sjen, dêr't palmen en sipressen binne, en dêr't de minsken op brede boulevards omkuijerje yn moaije ljochte klean, ûnder it sûzjen fan dy greate beammen.
(sit har mei in glimke om 'e mûle oan to sjen)
Hm.
Dat jo jo hjir deljown hawwe, as skoalmaster yn Langhellel Jo sille net lang hjir bliuwe, dàt wit ik. Hjir is it sa stom forfelend, men soe der fan deagean! Allinne as de jonges wer út sé komme, komt der hwat libben yn 'e brouwerij - dan wurdt der dounse! Mar de rest fan it jier - al mar wer gearkomsten fan 'e sindingsforienings yn Langhelle, dêr't se dan truijen en hoazzen sitte to breidzjen foar de negers yn Afrika. Hwat moatte dy mei ús wollen klean, se hawwe it dêr ommers sà waerm, dat se mar leafst neaken rinne wolle!
(Under de lêste sinnen hat it lêste stik fan 'e nijsbirjochten swak oanstien, dan komt de fuotbaltoto en wurdt de radio lûder draeid: Manchester - Liverpool: 0-2 ensfh. As de radio ophâldt gûlt der in bern by ien fan de hûzen, oant in soudersfinster tichtslacht en it lûd ôfsnijt.)
(sêft tsjin Borgen)
Sjoch, der komt juffer Brún oan, dy moat thé mei sitroen ha, en in broadtsje.
(Juffer Brún komt op it terras; hja is in ûnderwizeres fan in goede tritich jier, hat wol in aerdich en yntelligint gesicht, hwat skoaljuffereftich, sletten en in bytsje forbittere.)
(groetet Borgen, sûnder hwat to sizzen, giet oan in
| |
| |
oare tafel sitten en seit tsjin Suzanne)
Thé mei in broadtsje, graech. Thé mei sitroen.
(Suzanne knikt tsjin Borgen as woe se sizze: Nou, hwat ha 'k sein? en giet ôf.)
(hat in sigaret oanstutsen en lêst yn ‘Langhelle foarút’. Nei in skoftsje seit se):
Wer in fisker yn Hiroshima deagien.
(mei irony)
Nou, der steane ek wol oare dingen yn Langhelle foarut:
(lêst)
‘Sintralisearring fan 'e skoallen is in fitael fraechstik foar de stêd en de omkriten, en dy moat mei alle macht trochset wurde.’
Moarn komt it folgjende haedstik. De minske moat leare hoe't er him fuortplantsje moat, nou't it noch tiid is.
(sjonge yn 'e hûs)
Greate God, wy loovje Jo,
Hear, o krêft oer alle krêften;
Hiel de skepping bûcht foar Jo,
En biwûnd'ret heech Jins trêften,
Jo, hwaens macht en majesteit
Binne en bliuwe yn ivichheit.
Hear, ûntfermje Jo oer ús,
Slach de earmen om ús hinne;
Stoart Jins seine út oer ús,
Jo, dy't ús Erbarmer binne!
Ivich bliuwt Jins trou bistean,
Lit ús net toneate gean. (Ges. 149:1, 3).
Tiid? O, dou bist réaksionair.
(Skreauwen fan mieuwen, tuffen fan boaten.)
(tilt de holle op, sjocht de sé oer)
It atoomstof driuwt op de wyn mei, en mei de séstreamingen driuwt de deade fisk.
(sykhellet djip)
Né, hjir net. Hjir is frede. Langhelle lûkt syn fisk op en siedt syn iten, bringt bern to wrâld en biierdiget syn deaden - alles is sa ienfâldich en sa goed, in ritueel oan 'e kant fan 'e sé.
(mei irony)
En hjir sitstou to sjen en wuollest Langhelle yn poëtyske wolken fan reek.
(De bernesang: ‘Hear, ûntfermje’ is ophâlden.)
(út in hûs wei)
Sliep lekker, berntsjes.
Sliep lekker, mem, sliep lekker.
(In frou, Erna, komt foar in iepen souderrút en stiet efkes út to sjen.)
(sûnder har om to draeijen)
Ja?
| |
| |
Wis al. Miskien fan 't simmer.
(Der is ien, dy't op in piano bigjint to oefenjen.)
As ik great bin, wol ik ek nei sé.
(wurch)
Jawis, Arne. Mar nou mar gau sliepe.
(Sjocht noch efkes út, docht it finster ticht.)
(reart mei it leppeltsje yn 'e thé, mei ynhâlden opwining)
En hjir sit ik nou al fyftjin jier myn thé mei sitroen to drinken! Fyftjin jier is it wurden, wylst ik fan doel wie mar ien of miskien twa jier to bliuwen. Mar dit is it lêste jier.
(Elvira komt nei bûten ta en leit fol soarch Tønnesen in plaid om 'e skouders.)
Ik bin net kâld.
(In jonge, Egil, is opkommen op 'e steger. Hy fluitet sêftsjes fan ‘Mandalay’.)
(docht it finster iepen, hwat wurch)
Egil, hwer silst hinne?
(hwat brimstich)
Ik wit n't hwerhinne, mem.
Thúskomme foar it jounsiten.
(yn himsels keard)
Ik ha gjin sin oan iten.
(Hja docht it finster wer ticht. It pianogetsjingel hâldt op. Mieuweskreauwen. Egil giet op in kiste sitten.)
(yn himsels)
Wy wiene Kaep Finisterre foarbyfearn en leine yn in hege sé to stampen. Doe kaem er út it noardwesten wei opsetten, hy spielde it dek oer en De Hope gyng oer 'e side. Twa ûren letter sonk er mei syn fracht oan piper en kaniel en in hânfol seldsum sied ût Perzië.
(hat dit al sa faek heard, hja kreweiket mei in skjirre yn 't tún om)
Ja, ja. Mar frjemde blommen en beammen hiene wy al by de bult fan earder. De hiele tún fol.
(Lûd floitsjen fan in boat út sé wei.)
(sjocht omheech, snúft, wach, as in jong bist)
Dat like wol in Rus! Hy giet nei it fiere Easten, dat hearde ik oan it lûd.
(yn himsels)
En witst noch wol, Elvira, hoe't it skip dêr yn sé lei, krekt in keninginne, it wie kant in merakel.
(praet mei him om)
Wis, Tønnesen, it wie in merakel.
(In jongfaem, Toril, komt Egil fan efteren oan, slûpt lichtsjes op 'e teannen, leit him de hannen op 'e eagen.)
(slacht him op 't wang)
Bah!
(wol útnaeije.)
(pakt har by de hannen)
Né, Toril, wachtsje efkes! Ik wist wol datstou it wiest. Ik woe dy allinne mar hwat narje.
(lûkt har los, draeft fuort)
Pak my dan, ast dat tominsten kinste!
| |
| |
Dat kin 'k bêst!
(Hy set har efternei, it wurdt in neisitten mei gâns laitsjen, om lege kisten en netten hinne.)
(ropt hastich út it redaksjegebou fan ‘Langhelle foarút’ wei)
Uranium!
(Borgen stekt de holle op, net ien oars fornimt it.) (Print skuort it finster op, hy swaeit yn ekstase mei in stripe papier fan 'e telex)
Se hawwe uranium foun! Hjirre!
(smyt it rút wer ticht.)
(hja en Borgen sjogge inoar efkes oan, dan preuvelt se)
Dat 's net wier!
(Tsjin Suzanne)
Ik woe graech ôfrekkenje.
(Hja bitellet en giet fuort.)
Se moatte hwat foun hawwe.
(Mei biskermjende waermte)
Mar nou moatst yn 'e hûs!
(yninoar, kâld)
Ja, ja. It is hwat kâlder wurden.
(Glimket nei de loft)
Is de sinne al fuort?
(Hja stipet him by de trep op. Hy bliuwt stean.)
Yn 'e Stille Oseaen, Elvira, dêr koene jo oan dek sitte en troch en troch waerm wurde, dêr koene jo sitte mei in goede piip. It rûkte nei baernde tarre, mar ûnder it seil waerd it noait to hjit. De dagen wiene foar úus wakkere gelyk, mar nachts kamen hieltyd nije stjerrebylden foar ús út sé op en de âlde sakken efter ús yn sé del. It wie sa'n eineleaze sé, dat wy suver net mear wisten hwer't wy weikamen en hwer't wy hinne moasten.
Dan docht it my ek gjin nij, datstou forgeatste om oan Oskar en my to skriuwen, dy't hjir yn Langhelle sieten. Kom nou mar.
(ôfwêzich)
Ja, ik kom.
(Hja geane deryn.)
(Forwoest skriuwmasinetikjen op it buro fan ‘Langhelle foarut’.)
(koelwei, wylst se it théguod fan juffer Brún oprêdt)
Dy earme Tónnesen, dy't sa âld is, dat er yn 'e bernskens komt. Jo soene ris al dy nuvere spullen sjen moatte, dy't dy yn 'e hûs hat. Alde rommel út China en Malakka en wit ik hwerwei, stofnêsten allegearre, mar ier en let rint Elvira mei de stofdoek der by lâns. Dat wol Tønnesen net lije, en dan ha se de rapen gear.
(Borgen jowl gjin andert.)
Se hawwe in soan yn Amearika, dy't it dêr goed gien wêze moat. Mar hy skriuwt noait.
(Borgen jowt gjin biskie.)
En nou komt de Bali gau thús om opknapt to wurden.
Ja. Mei Kasper en Edward en Jan Izerheak. Dy binne allegearre op 'e Bali.
In âlde boatsman, mei oardel earm. De rest hat in haei him ôfhapt nei't er sels seit. Mar hy kin sa alderheislikst lige,
| |
| |
dy Izerheak. As de helt fan hwat er fortelt wier is, mei er wol njoggen libbens hawn ha, seit ús mem, en dy ken him.
Ja, hwant ús mem hat in skoft forkearing mei him hawn.
(Giet sitten.)
Toe, fortel ris fan it libben dêr yn dy greate stêdden, master.
(hat nei har sitten to sjen, kriget har beide hannen)
Suzanne...
(sjocht him heal forbaesd, heal útdaegjend oan)
Ja...?
(leit har ynienen de beide hannen om it gesicht, preuvelt)
Moaije Suzanne...
(Frou Markus is op it balkon kommen om klean to heljen, hja bliuwt forslein stean.)
(slacht ynienen om)
It is ien tweintich.
(fan 't stik)
Jawis, ien tweintich.
(Bitellet en sil fuort.)
(komt dravendeweis út ‘Langhelle foarút’ en ropt)
Uranium, uranium! Se hawwe uranium foun yn Tónnesen syn groun!
(De soudersfinsters wurde iependien, op 'e merk rinne de minsken gear.)
(fierderôf)
Hwat is der oan? Hwat is der oan?
(roppe)
Se hawwe uranium foun yn Tønnesens groun!
Ja, se ha frijhwat foun! Wy dolle 't der út! Hwat in greate dei!
Mar syn moaije beammen, hwat bart dêr mei?
En syn âld deftich skippershûs?
(al mar ûngerêster)
Hwat komt dêr foar Langhelle aenst noch by?
't Giet tsjin de groun! Wy bouwe in nij!
(de ûnrêst boazet oan)
Né, dat noait, minhear Print!
O né? Nou, net moaijer kin 't!
Yn 'e nije stêd fan glês en semint
Elts sinne en loft en romte wint.
Mar earst fuort mei dy âlde hokkeboel!
Neffens plan bouwe wy dêrmei wyk oan wyk.
Mar it jild? Hat it allegear doel? Hy hat mar de gek der mei.
(ropt)
Uranium ha wy, minsken, hwat binn' wy ryk! Dit goud fan ús tiid, dêr falt goud by wei!
(stekt de hân omheech)
Dêr set ik myn siel foar yn ûnderpân!
(Under hwat nou folget wurdt der fierder diskutearre, de ûnrêst wurdt greater, mar sûnder lûd to jaen, allinne mar mei maneu-
| |
| |
vels. Borgen giet ynienen oerein en fuort. Suzanne fynt de fisk, dy't er op 'e tafel lizze litten hat, hja wit hast net hwat se dwaen moat, rint him dan efernei.)
Yn pân? Mar oan hwa? Hwant Stalin en Satan
Beide forspylje de troan, troch in fleurige Leviathan.
En God hat men hinge by allemans hurd
efter glês yn in ramt, mei Lang wyt burd,
of hy leit mids rommel op souder forsille.
Hy spûket by âlde minsken dy't stjerre sille.
(Docht it soudersfinster wer ticht.)
(De minsken rinne al pratendeweis fuort, de soudersfinsters geane wer ticht, it ljocht wurdt minder, spotljocht op 'e merkkeapfrou efter har karre.)
De wiken geane, juster is as hjoed,
Yn sé is ebbe, yn sé is floed.
Master bispilet it oargel en Markus stalt syn waren út,
De iezings fan makreel komme mei de winen út it súd.
De sé siedt fan springende fisk yn 'e sinne,
De rook fan bakte fisk lûkt oer Langhelle hinne.
(It fiere oargelspyljen giet oer yn 'e Brulloftsmars fan Mendelssohn.)
Izerheak, Kasper en Bent geane krekt oan lân,
Nou bynt Suzanne en Borgen aenst de houliksbân.
(It ljocht gloeit wer oan. De toersklok slacht.)
(De merkkeapfrou núnderet)
De toersklok slacht, Nim tiid to wacht.
(Giet ôf mei de karre.)
(yn ûnstjûr)
Suzanne! Borgen sil trouwe mei Suzanne!
Se hat kabbeljau foar him Sean, en se dronken grif wyn.
(rabjend)
Ik hearde lûd laitsjen en praten, sikersonk, en midden yn 'e nacht spile er op it oargel: Bach.
Ien fan ús hie him warskôgje moatten, wis.
Him fortelle moatten, hwa't dy Suzanne is.
Dat har heit in Frânskman wie, dy't hjir efkes kaem.
En sines naem!
(Izerheak en Kasper, twa sélju mei forware antlit, I. hwat âlder, K. noch jong en flink, komme op it terras en geane by in tafel sitten.)
(set mei gewelt in konjakflesse op 'e tafel)
Suzanne!
(Gjin andert. Hy ropt lûder.)
Suzanne!
(Der komt net ien, út 'e hûs wei heart men laitsjen en praten. Izerheak raest.)
Mathilde!
(op, hja is de mem fan Suzanne, nou grou en âldsk, mar men kin sjen dat se moai west hat. Hja is fleurich en hat reade
| |
| |
wangen, is yn brulloftsklean)
Hwat is dit foar lawaei? O, Izerheak, bistou thúskommen.
Sa ast sjochste. En foargoed. Seis spuitwetter en ien iis.
Ja, mar nou net. Wy ha brulloft.
(Izerheak grypt har fan efteren beet mei syn izeren hân.)
Au! Hurdhandich krekt as altiten.
Hy is krekt sa't ik bin. Hurd mar goed.
(forûntweardige)
Dou bist yn in fatsoenlik hûs. Sok rûch praet wol ik net hearre.
(skattert it út)
Ha, ha! Hearst dat, Kasper?
(Slacht ynienen mei de heak op 'e tafel.)
Helje spuitwetter, bliksem, dou âlde hoer!
(Mathilde lûkt stiif oan 'e skouders, ôf. Motorbrommen, mieuweskreauwen.)
(sit efkes stil, seit dan)
De sé liket sa freonlik as jo der sa op in joun yn juny nei sitte to sjen; hy leit der sa moai hinne en ljochtet derjinsen om 'e eilannen, en hy skolpert sa noflik tsjin de fiskersboaten en stegerpeallen. Lykwols is er in slûchslimme Satan, hy hat my it murch út 'e bonken sûgd, en hy wol my mar net loslitte, hwant ik ha sa faek oer de réling hinge to spuijen, dat it greatste part fan my yn it séwier driuwt, lâns de kusten fan 'e hiele wrâld, en as ik in siel hawn haw, dan haw ik dy grif ek de sé yn 'e tût spuid, hwant ik fiel my fan binnen sa leech - mei in gapjende woune.
(Mathilde op mei spuitwetter en iis.)
Jim hiene brulloft, seiste.
(greatsk, makket de flessen iepen)
Ja, Suzanne.
(Der giet in skok troch Kasper hinne.)
(leaut it net, sjocht nei Kasper)
Suzanne? Né dochs. En hwa is de lokkige?
Borgen. De nije master fan Langhelle.
Al is er in master yn 'e rekkenkunst en oare hege wittenskippen, by komt nou sels op 'e skoalbanken, nou't it op ‘savoir aimer’ oankomt.
Hwat binne dat foar nuvere wurden.
‘Savoir aimer’ is in foarnamere útdrukking foar hwat ik dy learde doe'st sawntjin wiest, en mûtel as in perzik, mar stevich, om der sa yn to biten, en mei boarsten as twa boartlike fisken
(hoe langer hoe patétysker)
en in liif dat nei amandelblossum geurde, mei de nawle yn in lyts kûltsje dêr't ik sa graech yn bite mocht, hwant dan trillestou oer it hiele lichem en sloechst de earms om my hinne, en bietst my yn 'e earen en kreundest dat ik dy nimme moast.
(patétysk-swiersettich)
O Mathilde, Mathilde, earste
| |
| |
sûnde en himelske freugde fan myn jonkheit, de wei fan alle fleis bistou gien, en dou hast my iensum myn tsjuster paed sile litten fan de iene haven nei de oare.
Fan de iene skerte nei de oare, ja.
(Of.)
(preuvelt yn himsels)
De wei fan alle fleis. Mar noait Izerheak, sille maitsen en miggen en iisfûgels hwat fan dy hawwe, hwant ik set my by myn libben op brandewyn!
(Hevet it glês)
Proast, Kasper, proast op it sok dat weiwurdt tusken ús en de blauwe kust fan ús jonkheit yn 'e fierte, dy't miskien in werklike kust fan ierde en granyt wie, mar miskien ek in fata morgana is yn it dizenige ljocht fan ús tobektinken.
(somber, men heart Suzanne yn 'e hûs laitsjen)
Proast.
(docht it finster iepen, ropt ûngerêst)
Kasper!
Ik kom dalik.
(Hja bliuwt efkes stean, docht dan it soudersfinster wer ticht.)
(falt út)
It wurdt tsjuster hjirre! Lampen op, hwat wearlich, al dy kleurige tierlantijnen dy't se hjir ophinge hawwe, hwant fan nacht is der brulloft yn Langhelle!
(op, yn in wite breidsjûpe, met in wale; hja sjocht hastich nei Kasper, dy't oereinglen is en har oanstoarret)
Us mem wol dat jim fuortgeane.
(oerein, mei in elegante bûging smyt er har mei syn izeren heak in tút ta)
Ma belle dame Suzanne. Wolstou dat wy fuortgeane, Suzanne?
(yn twastriid, hja sjocht net nei Kasper, mar der is dochs in sterke spanning tusken harren)
Ja.
Ja seit de mûle, mar it hert seit fan né, dat hast hjoed al in kear faker sein, Suzanneke.
(Kasper is efter har stean gien, sa tichte by har, dat syn mûle suver by har bier komt.)
(bleek, sûnder to forwegen)
Ja. Hwat wolst fan my, Kasper?
(grypt har ynienen om 'e skouders, draeit har nei him ta, tutet har)
Ditte.
Né! Kasper!
(Jowt him in feech om 'e earen, stiet in momint stil en sjocht him oan as forwachte se in leech werom krije to sillen, dan draeft se mei in snok yn 'e hûs. Izerheak fluitet efkes fan ‘Mandalay’. Kasper stekt in sigaret oan, syn hannen trilje.)
Se wist dat ik hjir wie. Dêrom kaem se nei bûten ta.
(Komt nei foaren nei de balustrade, sêft, mei ynhâlden triljen fan syn lid)
Ik wie de earste dy't Suzanne hie, dat wie dêr yn
| |
| |
it boatshûs op in bringst âlde netten, Izerheak. Se spartele en hime ûnder myn hannen as in fink.
(Mei in fûstslach tsjin de latten)
Dat forrekte fanke, dêr't ik mar net los fan komme kin.
(docht it soudersfinster wer iepen, ropt ûngerêst)
Kasper! Hy jowt gjin lûd. Erna, hwat bang) Wy wachtsje op dy.
(ûngeduldich)
Ik kom wolris.
De lytse jonge wol dy nacht sizze.
(Hy anderet net, stiet to smoken. Hja docht it finster wer ticht.)
(mei in hastige biweging)
Wurdst bitanke. It is mar better dat ik nei hûs to gean.
(grypt Kasper mei syn heak beet)
De earste joun oan lân moatst net by dyn swalkersmaet wei gean, noust de gong fan de weagen noch yn mage en skonken fielst. Gean sitten, en stel dy net oan as in knaep dyt' noch mar ien reis makke hat.
(Kasper giet wer sitten. Der geane in pear dakfinsters iepen, it iene frouminske praet mei it oare.)
Nei it miel, mei salm en wite wyn, is alleman nei bûten gien.
(De brulloftsgasten komme nei bûten en geane op it terras sitten. De toersklok slacht.)
De klok sloech tsien.
(Mear soudersfinsters wurde iependien, mear hollen komme derút.)
TREDDE FROULJUSSTIM:
Kleurde lampen kamen oan, op tafel flessen en glêzen derby.
(De lampen wurde opstutsen, glêzen en flessen op 'e tafel set, alles bart mimysk, sûnder lûd.)
(forûntweardige)
Ien greate sûppartij.
(oerstjûr)
Dat soks yn Langhelle bart - ik skamje my!
(docht de earms biswarrend omheech)
Ik bid foar de sûndige sielen, dat Gods wjerljocht delslaen mei!
(fanatyk)
Wy wekje en bidde mei!
(yn it soudersfinster)
O, wie ik wer jong op dizze dei!
(út 'e hûs wei, kalm)
Tønnesen, gean nou lizzen, sliep moatst ha.
(Hy bliuwt stean. De toersklok slacht twa.)
Ear't ik op bêd gyng sloech de toersklok twa.
(Docht it soudersfinster ticht.)
(Mear ljocht op de brulloftsminsken dy't o sa maneuvele ha en sûpt en al mar útlittener har tjirge ha, mar sûnder lûdjaen. Nou brekt it los, der wurdt op 'e gitaer spile, lake en lûd praet. Borgen stiet swaeijend op in stoel, de holle skean, lynfend op Izerheak, dy't tsjin syn glês tikket.)
Ssst! De breugeman wol it wurd.
Myn nije freon Izerheak, ús filosoof en poëet, sei niis dat wy Flora omdope moasten ta De Arke fan Noach, hwant hjir, sei er, binne de stikmannich rjochtfeardigen yn Langhelle
| |
| |
fannacht byinoar. Mar noch leaver as De Arke fan Noach soe ik as namme De Hope kieze wolle, hwant it liket my ta dat it yn dizze ljochte nacht oer ús rûst fan ûnsichtbere seilen en it is tinkt my, neat liker as wiene wy op sé, mei alle lampen oan en oan board wurdt spile op 'e gitaer en songen!
Helje skipper Tønnesen, wy moatte in kaptein oan board ha! Hy is âld en heal blyn, mar likegoed better as wy, hwant wy hawwe gjin bistek dêr't wy neffens stjûre kinne,
Helje Tønnesen! Helje skipper Tønnesen!
(tikket tsjin syn glês, oerein)
Ik wol ek klinke op De Hope. Mar as Borgen in âlde trijemêster kiest, dy't ek noch op 'e boaijem fan Biskaeije, op Europa's tsjerkhôf leit, dan lit er syn wier réaksionair aerd sjen. Wite seilen binne moai, en ienris stiene se fol yn 'e wikseljende winen, dy't har om 'e wrâld hinne fierden, al koe it ek moannen of sels jierren duorje.
(Ynien fûl, suver hurd):
Mar nou waeit der in oare wyn, hearen! En hy waeit Langhelle glêd foarby, Langhelle ienris in warbere haven foar sylskippen, nou in stilsteande poel efter de eilannen, dêr't gjin frisse séstreamen oan ta komme.
(Mei oanwinnende klam):
Hjoed-de-dei bart der sa 't ien en oar op 'e wrâld, hearen. De minske spjalt atomen sa dat de stofwolken driuwe oer Nevada, Siberië, de Sahara en it Japanske eilânneryk. En fuortynienen stiicht in skreau op yn mannich sprake, dat it minskdom yn gefaer is. Mar de bangen ha ûngelyk en de fuortgong kin net keard wurde! Hwant de bangens is tagelyk deastriid en nij libben: de âlde wrâld giet ûnder, letterlik ûnder yn sé. Hwant as de poalmûtse raent, sil de floedweach oer it lege lân spiele dêr't de dekadinsje as forgiftige poddestuollen opsjit yn 'e greate stêdden, en dêr't op it plattelân de féodale hearen har groun troch slaven biarbeidzje litte, dêr't healwize grinsskiedingen lizze as âlde stienbulten yn in efterôfgat, en dêr't elkenien oer alle mooglike dingen syn eigen miening der op nei hâldt.
(Yn ekstaze):
Mar tagelyk wurdt der in nije wrâld berne, en alle minskerassen sille meiinoar de taek oernimme dêr't de
Europeanen it sitte lieten, ûnder greate lieders: ien machtige kollektive mienskip fan de Atlantyske oant de Stille Oséaen. Alles komt ûnder kontrolle: de machten yn 'e natur en yn 'e minske, it irrasionele elemint yn 'e minskegeast sil útband wurde troch in nije effektive foarm fan ûnderwiis, it tinkbyld fan 'e Frânske revolúsje fan gelikens sil werklikheit wurde, hwant alle minsken sille gelyk wurde, en yn in materiéle wolstân libje, dy't utgiet boppe alles hwat wy ús foarstelle kinne. Mar de minsken sille dêr net tofreden mei wêze,
| |
| |
en dan bigjinne de reizen nei de planeten en de ûntdekking fan it hielal.
(ropt)
Muzyk!
(Skrille, lawaeijerige jazz. Print hâldt mei maneuvels fol.)
(Suzanne kriget har breidswale byinoar en bigjlint to dounsjen, daliks hat se trije fan 'e sélju efter har oan, hja dounset mei alle trije, aloan erotysker. len fan harren is Kasper. Se komme mei Tønnesen oansetten, dy hat syn skipperspet op, hy wurdt mei jûchhei en mei in glês ynhelle. De dounsmuzyk wurdt sêfter. Men kin Kasper en Suzanne heal en heal efter hwat hingjende fisknetten stean sjen. Egil en Toril dounsje. Borgen sit stil. Print is wer sitten gien.)
(jowt Borgen in dúst)
Sjochst dy? In haei hapte my de hân ôf, mei de forlovingsring der by. En doe tocht ik: nim noch mar in hap, dou loeder, mar doe kaem my yn 't sin alle brandewyn en al it froufolk dat ik dan net mear krije soe, en wite en brune en swarte liven en heupen bigounen my foar de eagen to draeijen, as wie ik by in striptease yn Marseille. En doe stiek ik it mês yn him mei de hân, dy't ik noch oer hie, en yn in kolk fan bloed en sé focht ik mei dy âld doerak oant ik it lêste restje libben derút feegd hie. Doe't ik thúskaem hie Mathilde my bidragen mei in Frânsk matroas en dêr meistou bliid om wêze, hwant fan sa'n dirty akkefytsje kaem sa'n moaije faem as Suzanne.
(Suzanne komt nei foaren, stadich folge fan Kasper, hja stekt in sigaret oan.)
It komt foar, master Borgen, dat der leeljes op in dongbult waechsje, dat is wol de greatste kunst yn it libben, leeljes waechsje to litten op in dongbult.
(Hy forliest him yn prakkesaesjes. It bliuwt efkes stil.)
(koart, op kommandotoan)
Skerp bakboard!
(wurdt wekker, herhellet)
Yn oarder - skerp bakboard, skipper!
(Tønnesen klimt op in tafel, sjocht as oer de sé en jowt koarte oarders. Izerheak herhellet se. Kasper stiet mei in gitaer, spilet en sjongt sêft: ‘Mandalay’. Egil sit op 'e trep, Toril, oan syn fuotten, sjocht út en troch foreale nei him op. Suzanne stiet efter Borgen, mei de hannen op syn skouders, hja fielt dat Kasper nei har sjocht. Njonkenlytsen falle se allegearre yn, it sjongen wurdt al mar lûder. It ljocht wurdt stadich minder. It sjongen duorret efkes langer.)
GERDYN
|
-
voetnoot*)
- Ut it Noarsk oerset troch dr. J.H. Brouwer en A.J. Brouwer-Prakke. Oarspronklike titel Byen ved Havet. Fan dit toanielstik, dat fan 't simmer yn Beetstersweach yn it iepenlofttheater spile wurdt, folget hjir it earste bidriuw.
|