De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 254] [p. 254] Jan Dotinga: Negerpoezij Angelina Weld Grimke Tenebris Hwat oerdei in beam hyt hat nachts in skaed in mânske hân, mei lange swarte fingers. Dwers troch it tsjuster skuort de swarte hân oan it hûs fan 'e blanke, yn 'e sêfte wyn skuort er oan 'e stiennen. De stiennen binn' o sa lyts en kleure mei bloed. Is it in swarte hân, of is it in skaed? Richard Bruce Skaed Sylhouet op 't gesicht fan 'e moanne bin ik. In donker skaed yn it ljocht. In sylhouet bin ik op 't gesicht fan 'e moanne, mei kleur of libben en fleur tomin, mar desto skerper oantsjut omt ik donker bin, swart op it gesicht fan 'e moanne. In waechsend skaed bin ik yn it ljocht, net bigrepen as it dei is, mar desto gauwer sjoen omt ik in skaed bin yn it ljocht. [pagina 255] [p. 255] Kommentaer fan 'e krinkjespuijers Dou praetst as waerden der ûnder yn 'e sted gjin dreamen forret. Fansels wol - mar wy haww' it oer Harlem, net! Eilan Yn it tsjuster binne de strjitten twa rivieren bjuster, noard fan it park. Swart en wyt, gouden en brûn - fan sûkelade-custard in stêd boud yn brún. Dream binn'nyn in dream, ús opkearde dream. Goemoarn, leafke! Hast it al heard? (fortaeld út it Ingelsk) Vorige Volgende