ûnfatsoenlik bihannele. It bidriuw wurke noch wol, mar yn gjalpen en opstigingen. Ik stie by Rauwerda op it Bolwurk, doe't Grundmann en syn feinten yn in mannich auto's oer de Frouwepoartsbrêge rieden mei fjirtjin finzenen, dy't efkes letter by De Ryp deasketten binne; op ien nei, dy't him dea hâldde, mar it net wie. De kearn wie ûnforbetterlik, dêr omhinne sweve faeks hwat folk, dat njonkelytsen wol yn goedens woe. De Rexisten op it Burmanjehûs bleaune gefaerlik oant de ûre fan har forfarren oer de Ofslútdyk.
Yn elts gefal wie der amper mear reden om it wûndermoaije ûnderdûkplak yn ús hûs to brûken. Us technyske buorman hie it makke yn in forlern en ynboud stik souder, dêr't wy it bistean fan jierrenlang net witten hiene. It wie in soarte ding út tûzen en ien nacht, al gyng it net iepen op it sizzen fan Sesam open u; mar op in lyts stjitsje wykte dochs in paniel yn 'e souder en waerd in treppentsje sichtber, dat nei ûnderen helle wurde koe. De ûnderdûkers koene it boppe ynhelje as wie 't op in skip; it paniel klapte ticht, en der wie sels gjin naed mear to sjen. It wie in plak foar massagebrûk; by need koene der tsien man yn. Der hat wolris in hiele kloft ynsitten.
Yn de earste aprildagen kaem domeny Kalma noch mei in soad illegale lektuer yn syn learzens, mar it soe gau net mear nedich wêze, sei hy. It wie him goed ôfgien, hwant nimmen wist hwerom't er net ris pakt wie. Ienris, doe't er it net bitroude, wied er ûnderdûkt yn Huzum. Mei syn majesteitelike twa meter koeden de measten der him daliks wol fan. It wie gjin sukses. In ljip kin ûnderdûke tusken de ljippen, mar in swan net tusken de einen.
Myn twongen wurkleazens roun op in ein. It hie nammers gjin echte wurkleazens west, hwant ik hie altiten wol hwat to dwaen hawn. Op de Kânselderij hie ik in jier of trije in fêste klant west, en faeks hie ik myn skriuwmasyntsje noch nea safolle brûkt as yn dy tiden. Nou wie de illegale parse der nei oan ta, legale parse to wurden, en iksels, journalist to wêzen lyk as ik it foarhinne west hie, allinne hwat âlder en hwat riker oan ûnderfining. Yn dy earste aprildagen wie ik to set oer in stik foar it bifrijingsnûmer fan Je Maintiendrai: 1813 en 1945, twa bifrijingen, de oerienkomst en it forskil. De stúdzje, dy't der foar nedich wie, wie learsum; it die bliken, dat yn 1813 de hiele hegerein yn in kollaboraesjeforhâlding stie ta de Frânsken en folle banger wie foar in folksopstân as bliid oer de ein fan it útlânsk bistjûr. Mar doe, lyk as yn 1945, wie der de massale flecht fan soldaten en oar frjemdfolk foar de legers yn opmars.