De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 245] [p. 245] [Nummer 6] Sjoerd Spanninga: Terras Hoe mannich skepsel lit him hjir biwûnderje en freget driuwend om attinsje in nonsjelant gebeart dat moaije fuotten tilt mar nimt men mear notysje fan de show wer sedich yn 'e rok fordwynt wylst hat in pear pikante knibbels de strakke nijlonhoas misdiedich oer de kop dat jin it bloed nei boppen foezelt en 't rakkertsreau der even oars fan wurdt oft har bretael bidoelen him forrif'le fielt mar op itselde stuit flitst har ûndogensk wêzen jin sa faei tomjitte út it swart foudrael dat men fan skrik in bline taest docht nei jins deugdsumheden en hiel de strjitte dûzelt foar in amerij. [pagina 246] [p. 246] De mannen fan Pimelepom Hjir komme de mannen fan pimelepom it wyt draeit har meast yn de eagen om hja libje fatsoenlik nei letter en wet in glim op 'e skuon en de skjinne mansjet: hja witte hoe't gerke by 't gokken him warret hwer't ritsema jouns yn 'e rokken bidarret hjir smyt men it lean fiersto rij oer de balke dêr wasket men suver de bern yn 'e molke dy fint hat in pet op sa fet as in slak dy kriget syn dochter noch thús mei it pak hwat giet der foar praet by kryn en konsorten de helt fan 't legaet bistiet út tokoarten? nou - sei 'k it jim net? - ha mar even geduld allegear nep - oan 'e hals yn 'e skuld dus dêrom rint durkje mei hoedene trêdden of is der by har miskien hwat to rêdden? sa tinke de mannen fan pimelepom en 't wyt draeit har slim yn de eagen om hja libje fatsoenlik nei letter en wet in glim op 'e skuon en de skjinne mansjet... [pagina 247] [p. 247] Mimeringen In pear forwaeide lieten fan de sé oanspield troch de weagen dat is alles hwat der fan ús bliuwe sil in simpel seil weidounsjend yn 'e fierte sa binaude lyts en pûr allinne dat de wjokslach fan in fûgel kin it wol biflappe dochs hawwe âlde en forstoude stjerrestelsels yn ús wenne en oer broeiske wyldernissen in bitovere spoekebosk wâdzjend troch it wolkich wetter de skob- en segelbeammen of it swierich rintfear en de geile calamiten gie forwoeden en bilust yn driftige orgasmen in tiidleas streamen del har skimering in bline wale hong damp en dizich foar de sinne 't waeijerjend akwariumljocht - ek lei it frjemd forline fan de ammoniten sliepende sieradiën neigeanich ûnder 't slyk biwarre wol earne oan piratekusten djip bidobbe yn ús hert - so hat elke forkalking syn asyl en dy forstienne sompen de wolvepoat en rûgebal hja sochten net forgees yn ús har weelderich herbarium en wûnderlike libbensstyl hwant mannich bloarre út in earme striesek berne [pagina 248] [p. 248] docht nou al wakker stoer by syn genoaten en kriget geastlik de hik sont him de mûzels pleagen of stjonke de miasmen dompich nei de holle sa eigen rûkt syn wêzen jin tomjitte seit ús in weak gefoel dat neat bart om 'e nocht - itsij men klaget giel syn gal en hat it sa geweldich troffen mei himsels dat men der dwyl fan wurdt en raest om hoantsjepik in heksebiezem dy't it moannefjûr oanfaget as wer de ûlekoffen dwale om 'e poel. Notabene Mannichien moat syn eigen leechte oerskreauwe wol er him forsteanber meitsje tusken de toeters - it sil syn reden dus wol ha de stjerren stouwe allegear fansiden hie men in spoek sjoen oan dizze kontreijen neffens it radioskopysk kontakt - en dat notabene wylst hja skoan fornimme hoe't wy ús útslove om hwat to wurden en to wêzen... Vorige Volgende