Meidieling
De ynhâld fan dit dûbele maeije-nûmer fan De Tsjerne bistiet yn haedsaek út bydragen dy't op forsiik fan de redaksje skreaun binne. Sa't de titel fan dit nûmer al seit, wie it doel om yn proaza of poëzij persoanlike oantinkens wer to jaen oan de earste oarlochsdei (-dagen) 1940, doe't de Dútskers, nou 25 jier forlyn, to Nederlân ynfoelen. Sa'n tweintich skriuwers hawwe op ús forsiik posityf réagearre en har oan de opjefte hâlden; in inkeldenien is dêr yn oerliz mei de redaksje hwat fan ôfwykt. De yllustraesjes fan Janmurk de Vries binne spesiael foar dit nûmer tekene, lykas ek it omslachûntwerp fan Jobs. Mulders. Dizze ekstra typografyske forsoarging waerd mûglik makke troch jildlike stipe fan it Provinciaal Anjerfonds, dat dêrfoar gâns tank takomt.
Fan dit nûmer binne in tal eksimplaren ekstra oplein foar boekhannel en fierdere losse forkeap. De priis fan dy losse nûmers is f 2,50, to bistellen by Administraesje De Tsjerne, Goudtsjeblomstrjitte 29, Ljouwert. (Leeuwarden).
REDAKSJE EN ADMINISTRAESJE