Krityk yn it koart:
Ta oantinken en warskoging
P. Wybenga, Mei de rêch tsjin de muorre, forhalen út it Frysk forset. Nû. 255 Fryske Akademy. Utjefte T. Wever, Frjentsjer - 1965.
Ta gelegenheit fan it fjirde lustrum fan de bifrijing hat P. Wybenga, chef-redakteur fan it Friesch Dagblad, in tweintich artikels oer it forset yn Fryslân yn 'e oarlochsjierren, dy't fan him mei oare yn syn krante stien hawwe, yn omwurke foarm gearbrocht. Foar oersetting út it Hollânsk hat foar in part de auteur sels soarge, foar in oar part wie dat it wurk fan S.S. de Jong Dsn. Under taforsjoch fan de Fryske Akademy hat útjowerij Wever der in kreaze en hânsume paperback fan makke yn in passend omslach fan Jan van der Bij.
Yn syn Forantwurding dielt Wybenga mei, dat er fan doel is letter yn it Nederlânsk in greater wurk út to jaen, dêr't ek syn oare artikels yn ûnderbrocht wurde sille. ‘Forhalen út it Frysk forset’ is hjir de ûndertitel. Dat earste wurd moat net opfette wurde yn de sin fan ‘optocht spul’ of ‘literaire skepping’, hwant de ynhâld fan dit boek birêst op histoaryske feiten en biskriuwt minsken en forhâldingen sa't dy yn werklikheit bistiene. ‘Reportaezjes’ soe men dit wurk ek neame kinne.
As ien fan 'e eardere lieders fan it forsetswurk yn Fryslân wie de skriuwer tige goed op 'e hichte mei syn stoffe. Hy wist fan de organisatoaryske forhâldingen tusken b.g. LO en KP, koe hûnderten forsetslju persoanlik, hie weet fan hwat him efter de skermen fan dat forset ôfspile hat. Dochs moat de skriuwer, om sa yn details en sa krekt dokumintearre to wêzen, de lêste jierren noch mei tsientallen oerlibjenden of mei neibisteanden fan forsetsslachtoffers praet hawwe. Dy dokumintaesje makket ien fan de wearden fan dit boek út. In oarenien is, dat de forsetsman, de minske, hjir sintrael stiet. De auteur is him net to bûten gien oan it sykjen fan sensasionéle en sterke stikken, né, hieltyd wiist er der op, dat Kiel hwat ienfâldige minsken it as fanselssprekkend achten har libben foar de frijheit en de meiminske to weagjen. Sûnder sentiminteel to wurden wit Wybenga oan ien wei de krekte midden to finen tusken de saeklike meidieling fan spikerhurde feiten en in waerm meilibjen mei barren dy't it bisettingsleed oan 'e lea field hawwe. Oan persoansforhearliking bikweadiget er him likemin.
Der is ek om tocht dat alderhanne aspekten fan it ûndergrounsk forset yn dit koarte bistek nei foaren kamen, lyk as de help oan ôfsketten RAF-fleaners, it ûnderdak bringen fan Joaden (dêr't sa'n 1500 fan yn Fryslân de oarloch oerlibbe hawwe), oerfallen op distribúsjekantoaren, wapendroppings, de Snitser bloednacht ensfh. Teffens hat de skriuwer der grif rekken mei hâlden dat it biskreaune, alhoewol fansels fier fan folslein, him yn ûnderskate hoeken fan Fryslân ôfspilet: yn 'e Wâlden sagoed as op 'e Klaei en yn 'e Súdhoeke.
It is in bêst ding dat in boek as ditte nou nei 20 jier forskynt. De jongerein foaral heart to witten hwat der tusken '40 en '45 yn Fryslân en dêrbûten bard is. Ta oantinken en to warskôging.
D.A.T.