| |
| |
| |
Reimer van Tuinen:
Oarloch yn in glesdistrikt
It werjaen fan myn erfaringen tidens de maeijedagen 1940, kin net oars bistean as út in breklike rekonstruksje, hwerby't ik my hoopje to hoedzjen foar de duveltsjes fan it moaijer meitsjen, it skematisearjen en it histoarysk en idéeel falsifisearjen. Hwant, noch net wittend fan it Tsjerne-forsyk yn 1964, haw ik doedestiids gjin forslach makke. Wol in bigjin fan in deiboek, mei allinne hwat eksakte notysjes oer feiten, dy't letter gauris blieken gjin feiten to wêzen, mar dêr't ik de twadde deis al yn hingjen bleaun bin, meifierd as ik waerd troch hûndert totael nije emoasjes (nammers, dy lju dy't sa gau klear stean mei de pinne, mei yn alle gewelt en gerûs al it formogen ta objektivearjen, lizze my net). Sadwaende de folgjende hwat brokkelige notysjes, dy't net mear wêze wolle as werjeften fan hwat ik noch opdjipje kin út dat frjemde berchplak dat men ‘ûnthâld’ neamt - mei in earlik bisykjen om kommintaer efternei der bûten to kearen. Myn ûnderfinings wiene unyk, tagelyk sa algemien mooglik. Ik hoopje dat in persoanlik aksint se min of mear lêsber meitsje sil.
Doe't dy tsiende maeije, de moarns om likernôch fjouwer ûre, alle biwenners fan myn Naaldwijker kosthûs yn pyama op it ‘platsje’ byinoar, in Koolhoventsje nei ûnderen wjukkeljen seagen, hie ik opslach it bisef: dit is in brekpunt, alles hwat tonei komt sil oars wêze. Uteraerd hie ik op dat stuit hyn ofte nei net in foarstelling fan it hoe en hwat en it hwertusken; miskien in yntuïtyf oanfielen fan de ein fan in ripings(rottings)proses, mar moai dúdlik yn elk gefal it bisef fan in caesuer, in bisef dat him yn dy fiif dagen geandewei fordjippe. Nei dizze oarloch soe alles oars bilibbe wurde, ik soe it oars bilibje, ik soe noait wer op 'e selde wize tinke, fiele, sjen en hearre, it dékor soe in oare gedaente oannimme, de sfear oars priuwe. De sinne soe syn baen wizigje, de ierde in oaren-ien wurde en hwat ienris west hie to skiednis forfalle yn 'e djipste sin fan it wurd. En, hoe koe 't oars, tagelyk mei dat navrante gefoel kaem ûnwjersteanber boppe syn twillingbroer: it heimwé, dat ûnútdylgber heimwé nei in absolút forline, dat ik noait sterker ûndergien haw as de fjirde oarlochsdei, tidens in fytstocht troch it Maeslanner polderlânskip. It wie hwat in wémoedich lânskip mei syn hofsteden en weteringen, in rustike wrâld, doe al dúdlik bidrige fan oanrukkende kassekomplek- | |
| |
sen. De loft wie biroun, it wie sahwat nearich, op 'e eftergroun hearske read-lôgjend oarlochsgewelt, en it fleach my oan: forline.
Dy fiif dagen bin ik net troch bûkele allinne mei heimwégefoelens, al of net fytsende wei kultivearre. It wie ien fan dy ‘hûndert emoasjes’. Dat machteleaze Koolhoventsje briek de spanning. It moast der fan komme, wy hiene in novimberkrisis hawn, hwerby't dy histoaryske sneontojoun foarhistoaryske fjildartillery troch de Naaldwijker strjitten davere om oan 'e kust stellingen to bisetten - dêrnei in jannewaris- en aprilkrisis, dat it wie dy iere moarntiid in forromming. In healslachtige posysje wie foargoed in ein oan makke en wy wiene oan it goede front bidarre. Yn novimber, dy sa rûzige joun, mei (Amerikaenske) geroften oer neijerby kommende Ingelske ynfaezjefloaten, hiene wy noch efkes spookbang west, troch alderûngelokkichste militaire en politike manoeuvres oan 'e foute kant reitsje to sillen. Wol forsekere in artillerist my gnyskjend dat se it geskut opstelden mei de lopen it lân yn rjochte, mar men koe noait witte, en tominsten in artillerist, in bytsje dronken fan opwining en bier, koe it net witte. In oarloch, op himsels al in kranksinnichheit, koe soms fan dy kranksinnige oanliedingen ha (a dream within a dream) en fan dy kranksinnige fronten skeppe: Emsder dépêche, La Rochelle, de 30-jierrige oarloch. It wie goed bislein, wy wiene oan 'e goede kant torjochte kommen. Hwat in bifrijing joech it weifallen fan de spanning dêroer!
‘De goede kant’. Hwer't wy yn myn kosthûs de lêste jierren ek oer tsierden, al of net ‘prinsipieel’, ien ding stie as in peal boppe wetter: Dútsklân, dat wie de forkearde kant, yn ‘prinsipe en yn 'e praktyk’. Lit my earlik wêze: by dy praktyk tocht ik alderearst oan politike en geastlike ûnfrijheit, net oan in likwidaesje fan ‘folksgenoaten’ mei ôfwikende stambeammen. Hwa soe soks forwachtsje fan in folk mei safolle biskaving en Kristendom? En wurke der op 't lêst net in wjerhâlding fan it kwea, en bistie der dan net Kuyper syn algemiene graesje? Dy parachutisten yn 'e dunen wiene och sa korrekt (seine se), se bitellen alles hwat se naderen mei Hollânsk jild (seine se), wiene hoflik tsjin froulju en bernich mei de bern (seine se). Foarsafier't ús riddenaesjes âlde styl noch fierd waerden, dy fiif dagen, krigen se in oar karakter: se waerden aktuéler, echter. Hwant, skeptysk as wy ús definsje altiden bioardiele hiene, waerden wy der nou moai gau wis fan dat dizze revolúsje net by Zevenaar keard wurde soe. De striid
| |
| |
fan ien Koolhoven (al wer dat ding) tsjin in mannich Messerschmidts wie typearjend. Wy seagen troepen dy't hinne en wer dirigearre waerden, kommandanten dy't de kluts kwyt rekken, hawar, it rounom bikende byld fan in militair debacle. Dúdliker noch tekene him dat ôf tsjin de loft, dy strieljend blauwe loft, yn 'e dunen (‘Hollands duinen’) en fierder ôf by de havenkompleksen en brêgen fan Rotterdam. Frjemd dat der, mei it debacle foar eagen, sa'n bytsje défaitisme wie yn myn kosthûs.
Hwat fielt in minske as er foar 't earst yn in oarloch bihelle wurdt, al is it dan ek mar as freedsum, ûnmilitair túnfeint? Heimwé, forromming, frees foar de takomst, mar ek ‘lustgefoelens’, dy ‘thanatische zinnelijkheid’ fan J.B. Charles? Ja, forfal nou mar ris net yn neipraet! Ik wit fan it hearlike gefoel, dy twadde deis, doe't ik in mannich parachutisten yn 'e fierte delkommen seach, hurder, folle hurder as de bidoeling wie, hwant Nederlânske soldaten skeaten de parachuten fakkundich oan flarden. De korrekte, gefoelige mannen, jonges noch, foelen as balstiennen. Ik dounse der oer. Siet dêr mear efter as de foldwaning dat ‘der wer in pear opromme wiene’? It is mooglik, hwat sei, sels wierskynlik. De oarloch, men hie der in ôfgriis fan, wis, mar der siet ek hwat ûnbiskriuwber opwinends yn, nou yn oanrekking to kommen mei de wrâld fan bloed, triennen, deaden, in wrâld mei reade hoarizonten en yninoar donderjende stêdden. Ik bûch de holle. Frjemde, my ûnbikende ynstinkten kamen soms boppe driuwen, nea liker as wiene se wekker skodde troch de bombardemintstrillingen fan de ierde; en yn de âlde Adam bigoun it somtiden to buorreijen, dat ik op 'e flecht sloech foar mysels. En dêrnjonken en dêrby: de forûntweardiging, de bittere toloarstellingen, de leafde, de haet en it fêste bislút om noait to forjitten. Hwa ken syn hert?
Bloed en deaden haw ik net sjoen, allinne in frontsoldaet dy't frontkoarts hie. Hy siet op it trottoir, hingjend tsjin in muorre. Hy trille oan ien wei, syn mûle flústere ûnforsteanber en syn eagen seagen freeslike fisioenen. In kliber boargers stie der omhinne, bisykjend him moed yn to sprekken; ien fage him de holle ôf. Dy man hie ien dei yn 'e dunen west en kaem as in psychysk wrak werom. It skeat my yn 'e skonken en ik bin hastich ôfset om militanter, bimoedigjender figueren op to sykjen. Bygelyks dy sergeant dy't by ús ynkertierd west hie, in earsten flapdrol, mar sûnt de tsiende maeije fol nasio- | |
| |
nael oarlochsfjûr. (Letter waerd er n.s.b.-er, en ek noch in minnen-ien). Der wiene mear dy't net réagearren neffens it skema. Dy dikke legerdûmny, in hwat bombastysk figuer, dêr't wy yn 'e ûre fan it gefaer neat foar telden; hy wie fiif dagen lang net by syn ‘jonges’ yn 'e dunen wei to slaen, al of net ûnder fjûr, it koe him gjin spat skele. En dan ús pasifist, ekskollega-kostgonger, âldfeint, hwat apart, in prachtminske, syn libben lang suteljend mei brosjueres foar Kerk en Vrede, anti-alkohol, anti-viviseksje. De twadde deis kaem ik him tsjin (ik bin tûzenen tsjin kommen). ‘Laat ze allemaal dood vallen.’ ‘Ho, ho, Zomer, en jou pasifisme dan.’ ‘Ja, maar dit is de duivel zelf.’
Al hoe skriklik in oarloch is, dochs haw ik oanstriid om it klisjé-eftige ‘ik soe dy fiif dagen net misse wollen hawwe’ hjir del to skriuwen. Hwat libbe men fûleinich, mei in hiel scala nije gefoelens, krekt as krige it libben inkelde forrassende diminsjes mear, en ik tocht soms: soene dy forrekte moffen nou ek noch gelyk hawwe mei har Krieg as libbensdoel? En mear fan dat tsjuster praet. Fiif lange dagen en fjouwer koarte nachten oan it binnenlânsk front: lju oanklampe yn de altyd rûzige en waerme strjitten, forheftich riddenearje, geroften opheine, forgreatsje en trochjaen, warber hinne en wer reizgje fan de iene sensaesje nei de oare. Ik moat al iten en sliept ha, mar arbeide yn gjin gefal, dat bihearde al ta de legere oarder fan in ordinair bistean. Hwant, hoe dan ek, ik woe meidwaen oan dizze oarloch, as soe myn oarloch dan ek allinnich mar fan bitsjutting wêze foar mysels. Hwer't ik op wachte haw, wie in rede fan de boargemaster op it plein, 17e-ieusk bistjûrlik sintrum, en ik haw sels ris bisocht op it gemeentehûs in amtner efter it loket dúdlik to meitsjen dat it folk der op wachte. De man sei freonlik: boargemaster hie oare dingen oan 'e holle, en ik moast kalm oan 't wurk gean. Och ja, foar boargemaster wie oarloch ek hwat gloednijs, mar ik stelde my foar, as alle boargemasters ris op har hordes forskynden, sûnder ketting, sûnder aubades, en se hâldden in rede, sa'n ien bygelyks: ‘Boargers fan Naaldwijk, oarloch is foar ús in nij en raer ding, en wy sille meiinoar leare moatte om der yn to libjen. Mar lit ús fuortendaliks ôfprate dat wy frije boargers binne en dat bliuwe, en dat wy noait, noait tajaen sille as it om ús frijheit giet. Wy hâlde de kop der foar, ôfpraet?’
Us boargemaster hat net sprutsen, oaren ek net, en ik hie sterk it gefoel dat se de kâns om hwat der ûnder it folk libbe ‘produktyf’ to meitsjen, slûpe lieten. Nei myn misse loop nei
| |
| |
it loket haw ik op myn kostgongerskeammerke dwaende west mei in rede, út to sprekken troch de boargemaster! Ik haw der sels mei ûnderweis west, mar him healwei yn 'e feart mikt.
In brokkelich forslach, net wanlyk oan dy fiif dagen, en ik sil my dan ek net fortille oan it skeppen fan in slutend gehiel. Hwant hwat in stik libben waerd der gearparse yn dy mennich dagen. It wiè in libben, en skriuwende wei dat libben wer oproppend, wurdt it my hwat langer hwat klearder dat der gjin bigjinnensein oan is. Ik lit se fierder mar rêste yn 'e úthoeken fan it ûnthâld: dy kwajongeseftige, persoanlike patrouilletocht troch de útstoarne strjitten fan Monster, in romleas ein finend doe't wy, in freon en ikke, om in hoeke lyk op eigen mitrailleurs ynrieden; de flecht fan de keninginne, dy't ik ‘sels sjoen haw’ (en dy't se tsien oare routes lâns ek sels sjoen hawwe); de geroften, meastentiids tsienfâldige forgreatings fan dingen dy't net bard wiene; de sfear fan de koarte en sa broeiske nachten, aloan flitsend forljochte; dy gekke solidariteit mei de gekste minsken; de noed om thús dêr yn it warleaze noarden. Lit mar rêste dat chaotysk gehiel fan eangst, swit, nervositeit, wille, jawis, wille, nije ûnformoede wille. Lit mar rêste dy duvelske paradoks: in útlittene maeijeloft fol gewelt, nachten fol geroften.
De ynset: in forlern loftgefjocht, de útsetter: in mislearre reis. Brânnend Rotterdam en de kapitulaesje foarmen gjin geroften. It stiet my net botte helder mear foar de geast, hoe't de lju om ús hinne it ûndergyngen. By inkelden in ynstoarting, by oaren miskien wèr in gefoel fan forromming, by fierwei de measten in soarte fan fordôving. Myn bislút foarme him samar: ik tied yn 'e joun nei Hoek van Holland, rjochting Ingelân. In ûnwezentlike tocht, in ûndergeande wrâldstêd, it koelhûs op 'e Haak yn ljochte lôge, en de eksploasjes fan oaljetanks aloan tichterby. Sels it âlde, sombere en hwat apathyske kustfort op 'e Hoek bigoun nou oanienwei fjûr en reekkolommen út to braken, as yn in alderlêste útbarsting fan grammoedigens. ‘En in oar hynder teach út, fjûrread...’
It wie yn 't earstoan slim drok op 'e dyk fan minsken, komplete húshâldings soms, dy't sa foar 't each frij doelleas en moedeleas op 'e swalk wiene, mar hoe tichter by de Hoek, hoe stilder it waerd, binearjende stil. Yn dy spoekige, flammige joun forwoeden fierder traepjend, my amper réalisearjend hoe't dat moast: ik mei myn wetterfrees nei Ingelân oerstekke, stjitte ik op in ploechje mariniers, dy't forbittere en
| |
| |
losslein fan alle discipline, op eigen manneboet nei hûs ta setten. Bistie dat hûs noch, of wie it ûndergien yn orgiën fan flammen? Koe men oerstekke, frege ik. Né, ik hoegde wier net fierder, alles hwat driuwe koe wie al ûnderweis, gjin roeiboat, sels gjin flot mear to bisetten, alles op hoop fan hegere segen it wetter op. Op dat stuit briek foar 't earst it bisef troch, opsletten to sitten yn in reusachtige, feale gefangenis. De mannen treasten my en harsels, like simpel as nochteren: hie in dûbeltsje it oait fan in kwartsje woun? Nou dan, hwat tiid dwaen, it kaem wol wer foarelkoar. Kop op, broer!
Ik bin mei de mannen weromgien en haw se meinommen nei myn kosthûs, dêr't doe (en letter) altiten plak wie. Dy nachts, dy earste koartsige bisettingsnacht, ûntstie in namleaze bruorskip, dy't it fiif jier úthâlden hat.
|
|