D.A. Tamminga:
Fonkje fan in wraldbran
‘Militaire oefeningen, ju.’
‘Ik wit it net, ik stean dit net.’
Earne fier bromme fleantugen. It bolderet yn 'e fierte.
‘Oefeningen yn Den Helder,’ siz ik. Efkes is it, as hear ik myn heit deselde wurden sizzen, doe't ik lyts wie. Mar dat wie yn 'e oarloch, of leaver yn 'e foarige mobilisaesje. Gau soe it wêze moatte: yn Wrâldoarloch I.
‘Ik leau net, dat it hwat is.’
Wy stiene togearre op it kampterrein, myn ‘ûnderkommandant’ Pier Nauta en ik. Ljochtskyndei wie it al, mar de kampkok hie noch net let foar reveille. Yn en om 'e sliepbarakken by de boskrânne wie it deastil. De jonges hiene de sliep noch; de ‘bonte avond’ juster, de lêste foar it pinksterforlof, hie ryklik lang duorre. In prachtige maeijesinne skynde al boppe de Gaesterlânske bosken dy freeds. Dêr kaem de kok, dy dikke Tukker, it middenpaed deldribbeljen, it grouwe liif prottend boppe de bân fan syn blau-rútsjese wurkbroek. Hy gyng nei it klokhús op it middenterrein en bigoun to lieden. Us jonges troffen moai waer nei hûs. En wy...? Wy, wurch en sêd fan gâns regelingen en geheister mei dy tachtich woelige knapen, wiene oan stilte ta. Wy soene ús, mei maeimoanne pronkseal om ús hinne, fjouwer dagen mei de húshâlding bimuoije kinne èn mei ússels.
Doe't ik yn it haedgebou op it kantoarke kaem, siet de administrateur foar de radio. Wyt en skier om 'e holle. ‘De Dútsers,’ sei er, ‘se binne der...’
Meiïiens davere in messerschmidt oer, de earste en de lêste dy't we dy deis seagen.
Nauta kaem der by rinnen. Mei ús trijen sieten wy foar it strieminne tastel, dat de krisistiid oan to sjen wie. It ding op akku's pipe en fluite. ‘Troepenverplaatsingen... overschrijden grens... Grebbelinie... parachutisten...’ De stim fan 'e omropper wie heas fan opwining.
‘Dy jonges moatte fuort,’ sei ik ynienen en hie de telefoan al beet. Lang om let krige ik it slûge lûd fan de Balkster busûndernimmer. ‘Daliks mei twa bussen komme... Der moatte trije-en-sechstich oer Staveren... Man, wy binne yn oarloch... Mei Dútsklân... Jawis!’ Pats, hoarn op 'e heak.
‘Wês mar hwat foarsichtich,’ joech Nauta my to hâlden, ‘it