Sjoerd Spanninga:
Forkenningstocht
De gefoelens en gedachten yn ús lân sille meastepart wol wakker gelyk west hawwe by de Dútske ynfal, mei men oannimme, en hwat de bifiningen yn dy earste oarlochsdagen oanbilanget, hawwe oaren tinkt my helte mear rjocht fan praten, binammen de lju yn militaire tsjinst en de biwenners fan de doelen, dy't de foarste klap opheine moasten. En dat liigde der net om; hja hawwe 't slim genôch hawn, hat wol bliken dien.
By de boargers wie der in machteleaze haet en forbittering, dy't fansels noch sa goed as neat út 'e wei sette koe, mar him dochs al rillegau oppenearre yn in hâlding fan koele distânsje foar de fijân oer, hwer't in djippe forachting efter biskûl gie foar it hiele rotsysteem fan Hitler en konsorten.
Dat lykwols mannich soldaet fan it heilsleger alle respekt hie foar de Ofslútdyk, de deadewei, neffens bar sizzen, wie net sûnder reden, mei men fan tinken wol hawwe.
De skrik siet der al bihoarlik yn, foardat hja dêr by hûnderten weireage waerden.
Mar hoe't it der winliks útseach, hjir yn 'e omkriten of fierderop, koe men net folle oer gewaer wurde. Al wisten party to fortellen, de poepen leine ûnderweis by bosjes yn 'e feart. Mar hwat soe der allegear fan oan wêze? Dêr moast men nei riede.
En om ris mei eigen eagen to sjen, hoe't it der feitlik foar stie, bisleat ik op in middei dy kant ris in ein út to fytsen.
Seldsum-moai sinneskyn waer. As men sa troch de lânsdouwen trape, yn it strieljende ljocht, woe 't jin amper oan dat it oarloch wie, sa fredich lei de wrâld der hinne. It like earder in sierlike maitiidsdei, om simpel fan to genietsjen.
Mar folle folk seach men net op 'e lappen. Ek yn Boalsert gie it stil om en ta. En om't ik nou dochs ienkear op 'e sweef wie, tocht ik by mysels: ik kin likegoed hwat fierder gean, en ris oer Wûns en Koarnwert op 'e kop fan de Ofslútdyk tasette. Eventueel troch nei Harns en dan de oare kant lâns werom. In iensume swalkerij; it barde mar komselden, dat men immen tsjinkaem.
Under Wûns murk men al tekens, dy't wiisden op gewelt. Dus mar gewoan dwaen, oft men hjir thúshearde, yn dizze kontreijen.
Earst by Koarnwert lei der in espeltsje soldaten bisiden de