ren, dat de oarloch net to kearen is en troch gjin wûnder to ûntgean en dat allegearre yn in lân, regearre troch lju sûnder hert en sûnder fantasij, lju dy't ús melkers nei Dútsklân twinge om plak to meitsjen foar wer mear krêften yn Hitler syn wapenfabriken, lju dy't kwânselje yn oalje en nikkelstiel, lju dy't as heechste wysheit lykje to hawwen, dat de greate flater fan de demokraty is dat it gjin diktatuer is. Men is âld, as men sein hat, nei't de nazi's Denemarken en Noarwegen binnentrape binne: nou binne wy oan bar, nou kin men de dagen mar ôftelle. Men is oerâld as men alles wit en al lang lyn fêststeld hat, dat men nea wer skrieme kinne sil, mar heal leafhawwe en flauhertich haetsje, om't men mei de rêch tsjin de muorre stiet, ien tsjin allegearre; eigen minsklikheit rêddend net yn djipte fan gefoel, mar yn bigryp, yn idéalisme mear as yn konkrete humaniteit.
Mar dan is it as antimilitarist en antifascist forbjusterjend om tagelyk in djippe smert to ûnderfinen om hwat der bart èn hwat fan in wylde freugde mei't de hiele brot yninoar donderet, in ûnbidigen hate tsjin de fascistyske ynkringer èn in djip en great meifielen mei de lânslju, dy't syn gewelt ûnderfine moatte.
Fortrietlik is de driging fan hwat komme sil, mar tagelyk is der forromming dat kommen is, hwat fatael, al jierren, op ús takrûpt.
It is safier tink ik, as ik, foar achten noch, nei de faem fyts. Strakblau is de loft en dat is meiiens al in hiel oar dekor as dat dêr't ik it stik wit hoe faek yn repetearre haw. Ik forwûnderje my oer it feit, dat it foar my net iens in fraech is: aenst nei it wurk. En ik forwûnderje my oer myn gefoelens foar lângenoaten yn de fjûrliny. Hwerom is dit oars, reéler, djipper as it meifielen mei Ingelsken, Frânsken, Poalen? Hwerom in sentiminteel tinken oan it lânskip yn Nederlân, wylst ik wit dat de grins fan datoangeande wier gjin grins bitsjut.
As ik op 'e saek myn fyts yn 'e kelder sette, komt H. my tsjin, dy't groetsje wol. Ik réagearje net en wit, dat ik salang't de oarloch duorret, gjin N.S.B.-er of oare fascist mear oansjen sil of in wurd mei him wikselje.
Op 'e ôfdieling wurdt noch mear praten en redendield as oars. Ik haw it gefoel dat ik der mear byhear as oars. Dat der net nei my harke wurdt om nuvere idéen to hearren en dêr tsjin yn to gean, mar om't it op harsels wearde hat, samar. Hoe lang it duorje sil, wurdt der frege. Twa, trije dagen siz ik, mar de measten kinne dat net leauwe. De direksje hat ommers in kantoar yn Den Haech fêstige, mei it each op in