| |
| |
| |
Marten Sikkema:
Itselde liet - en hieltyd op deselde wize!
‘Fortel my hwatstou lêst, dan sil ik dy fortelle hwatstou bist!’ Dat moast ek wol jilde foar de fjildgrize mannen, dy't de tsiende maeije fan 1940 as dieven yn 'e nacht oer ús grinzen kamen. Yn har rânsels hiene hja gauris stikjes Kultur. Hwat hja oan kultuer efter harren forbaernd hiene: wurk fan Heinrich Heine, Thomas en Heinrich Mann, Franz Werfel, Christian Morgenstern, Bert Brecht en oaren, dêr praetten hja leaver net mear oer. It oare, dêr't hja gelokkich mei wiene, woene hja ús ek gelokkich mei meitsje. Faeks wiene hja dêrom by ús oer de flier kommen?
Oft ik de blomlêzing Volk im Kriege wol koe, hat ien dy't by uzes ynkertierd waerd, my ris frege. Nou né, dy eare hie ik net. Hawar, dan hie hy wol in eksimplaer foar my to missen, de ynhâld wie gau sa wichtich as dy fan de Galgenlieder fan Morgenstern, dy't er by my yn 'e boekekast stean seach. Dat koe hy net bioardielje, wie myn andert, dat spul wie ommers yn de Heimat forbean; dêr't er it andert op skuldich bleau... Yn elts gefal, ik krige it bondeltsje Volk im Kriege en sei tankewol. It wie yn Dútsklân o sa forneamd, fortelde er noch: it waerd op gâns skoallen brûkt, in protte minsken hiene it thús yn 'e kast stean - en forskate soldaten hiene it mei op mars. Ik haw it boekje noch.
Volk im Kriege is útjown fan Eugen Diederichs Verlag yn Jena yn de Deutsche Reihe, yn 1934; myn eksimplaer is fan 1941 en heart ta it 26e oant 35e tûzental. Under it Nachwort stiet, dat Peter Diederichs de gearstaller is, grif ien út de famylje fan de greate Eugen. Hy wit it machtich moai to stâllen:
‘Dass Dichtung in ihrem eigentlichen Sinn Ausdruck völkischen Gemeingefühls ist, hat keine Zeit gewaltiger gezeigt als die des grossen Krieges. Was damals aus dem Innern des Volkes in plötzlich befreiter Sprache hervorbrach, gab dem Erlebnis gemeinsamen deutschen Schicksals unvergänglichen Ausdruck. In der Kriegslyrik ist uns des unmittelbare Zeugnis jener heroischen Selbstbesinnung erhalten, die Deutschland in dem Kampfe gegen feindliche Uebermacht zu unerhörter Leistung befähigte.’
De gearstaller hat it hjir oer de foarste wrâldoarloch; de fersen dy't de blomlêzing ynhat, spylje allegearre yn dat he- | |
| |
roysk tiidrek en binne skreaun fan minsken, manlju yn haedsaek, dy't dat tiidrek bi- en bytiden ek oerlibbe hawwe. Meiinoar sawnenfyftich fersen, yndield yn seis skiften: Aufbruch, Dem Feind entgegen, Kampf, Das feldgraue Herz, Die Heimat, Klage und Vermächtnis.
De earste ôfdieling iepenet mei Der Fahneneid fan de net ûnforneamde dichter Heinrich Lersch (berne 1889), dy't ek noch fjouwer oare fersen bydroegen hat. Dêrnei komt de hwat âldere, frijhwat forneamder dichter Richard Dehmel (1863-1920) oan it wurd mei in Lied an alle:
Sei gesegnet, ernste Stunde,
Die uns endlich stählern eint;
Frieden war in aller Munde,
Argwohn lähmte Freund wie Feind -
Dêr komme dan noch trije soartgelikense strofen efteroan; de slútwurden binne:
Dat is aldergeloks net trochgien, de earste kear net en de twadde likemin. Dehmel, oars in sosiael-fielend man, hat it tusken de forlerne oarloch en syn dea noch krekt oan tiid hawn en kom to oare tinzen: ‘Der Menschheit war besessen vom Weltkriegswahnsinn!’ skriuwt er letter, mar yn dit bondeltsje paste soks fansels tige min!
In gâns oare figuer wie Rudolf G. Binding (1867-1938), hjir fortsjinwurdige mei it fers Ausbruch:
Dreimal heilig sprang der Krieg aus dem Herzen der Völker.
Dreimal heilig ergriften alle die Waffen. Ensafuorthinne.
Hjir fine wy al de folsleine fjochtersmystyk, dêr't de nazi's yn letter jierren sa sterk yn wiene. Yn it tredde ryk hat er dan ek altyd tige yn 'e gunst stien en op Nederlânske middelbere skoallen waerden by de Dútske lessen (godbettert!) syn proazaforslaggen fan Dútske heltedieden yn de foarste oarloch ek al gauris as lêsstoffe brukt (‘Wir fordern Reims zu Uebergabe auf!’).
In noch swierder gefal is de poëet Hanns Johst, dy't ús hjir bisiket wys to meitsjen: ‘Wir haben den Krieg nicht gewollt!’. Letter, yn Adolfs tiden, wist er it to bringen ta ‘Schrifttumleiter’ ..
| |
| |
De al neamde Heinrich Lersch fortelt ús yn syn Soldaten-abschied fiif kear yn it refrein: Deutschland muss leben, und wenn wir sterben müssen. Jawis, de dea yn 'e fjildslach is ommers de moaiste dy't in Dútske jongfeint fine kin!
Karl Bröger (berne 1886) hat ta dit boekje ek forskate fersen bydroegen. Syn Bekenntnis set sa útein:
Immer schon haben wir eine Liebe zu dir gekannt,
Bloss wir haben sie nie mit einem Namen genannt.
Als man uns rief, da zogen wir schweigend fort,
Auf den Lippen nicht, aber im Herzen das Wort:
De twadde ôfdieling set útein mei in Reiterlied fan Rudolf Alexander Schröder (berne 1878) mei fjouwerris it refrein:
Fur dich will ich leben, für dich will ich sterben,
Deutschland, Deutschland!
Daliks hjirnei komt dan it sa forneamde Deutsches Matrosenliet, dat ek yn de twadde oarloch omdôch ophelle waerd: Denn wir fahren gegen Engeland! De dichter, Hermann Löns, forneamd wurden troch syn kronyk út de tritichjierrige oarloch Der Wehrwolf, in man dy't ek it platdútsk út de pin koe, foel yn 1914 foar Reims en hat it mislearre farren dus net meimeitsje hoegd.
Fan in oare dichter dy't de earste oarloch net oerlibbe hat, Walter Flex, fallen yn 1917 by de bistoarming fan Oesel, is in fers Patrouille opnommen. De tredde ôfdieling set útein mei in anonym gedicht Am Abend vor der Schlacht, in stikje reportaezje op rym. Dêrop folget in fers fan Will Vesper, dy't yn de nazitiid gâns namme makke hat as inketslaef en ‘Schrifttum-leiter’. It tredde fers, De Brummer is yn it platdútsk skreaun; it hannelet oer it forneamde kanûn:
Wat ick kann, dat weet ick, ensafuorthinne.
It is yn elts gefal tige nofteren, mar de dichter Gorch Fock wie dan ek in man dy't mei beide fuotten op 'e groun stie. Dat er neat fan in ‘Schwärmer’ hie, blykt ek út syn proaza. Boeken as Seefahrt ist not!, in roman oer it sémanslibben yn Finkenwärder, en Hamborger Janmooten, forhalen en fersen yn it platdútsk, binne it lêzen noch wol wurdich. Fock is yn maeije 1916 omkommen by de slach yn it Skagerrak - in gefoelige slach foar de literatuer yn it platdútsk.
| |
| |
Fierder fine wy hjir in tal fersen oer fjochterij to lân, op sé en sels al yn 'e loft; de fallenen wurde hieltyd wer plechtich útlet en suver gelokkich prize yn forliking mei dy't noch libje...
Yn de fjirde ôfdieling treft jin in ferske fan Alfons Petzold, dat úteinset mei de wurden: Bitte, schickt mir Grimms Märchen ins Feld!! Wis, dat is ek sa'n stikje Kultur, dat yn 'e slach net ûntbrekke mei, hwant de helt moat tagelyk in bern wêze. Dêrnei in allike roerend liet Weihnacht im Felde, laden mei falsk sentimint. De skriuwer is nimmen minder as Hans Friedrich Blunck, yn de nazidagen tige yn 'e gunst, en, hoe koe it oars, ek alwer ‘Schrifttum-leiter’.
Deselde earfolle rang hie ek Edwin Erich Dwinger, hjir fortsjinwurdige mei Der Kriegsgefangene, wer in knap stikje oarlochsromantyk.
In fers fan immen mei in hast Nederlânske namme: Gerrit Engelke, docht nofterder en suver sympathiker oan. Dizze dichter soe by de nazi's faeks net folle kâns makke hawwe, mar dat hoegde ek net: hy foel yn 1918 by Cambrai (Kamerik).
Fan Max Barthel (berne 1893) fine wy hjir it fers In den Argonnen mei de forneamde slútrigels: Heiss ist die Liebe - Kalt ist der Stahl!
Yn de fyfte ôfdieling in fers fan in frouminske: Gertrud von Le Fort. It hjit fan Sieg en it bigjint sa:
Nun mögen ruhig über unsre Städte
Wir werden still die fremden Kriegsgeräte
Dat is fansels likemin trochgien as it farren tsjin Ingelân.
Fierder fine wy hjir in gedicht Deutsche Antwort fan Hans Franck, mar oft dit de forneamde ‘Gauleiter’ is, dy't him letter as goeverneur fan Poalen misdroegen hat en noch wer letter yn Neurenberg syn ein foun, is my net bikend; it liket my net ûnmooglik ta.
In folgjend fers, anonym, is wer yn it platdútsk: Slap, min Kind.
De Wind speelt in dat Blädermeer
Un singt ein Wegenleed di vör.
| |
| |
Dor steiht di Vadder op de Wacht
In Frankrik woll to später Nacht.
Dat unser Herrgott in de Nacht
Ok öwer dinen Vadder wacht.
Yn al syn primitivens is dit ferske, ûntstien yn de sjitfuorgen by Roye, ien fan de inkelde minsklike uteringen yn dit boekje.
Oars stiet dat mei in oare platdútske utering, fan Hermann Claudius, dy't ek yn it heechdútsk inkelde gedichten bydroegen hat: Slapenleed.
Nu schree di man keen'n roden Kopp.
Din Vadder passt für Dütschland op.
Slap in, slap in un blarr nich mehr.
Din Vadder driggt en Scheetgewehr.
En Scheetgewehr, dat schütt so rod,
Schütt all de oln Franzosen dod.
Den letzten schall he för di fang'n.
Slap in, denn durt dat nich mehr lang.
Denn kaamt se all mit Klink un Klank.
Denn kaamt se all de Straten lank.
Denn kümmt din Vadder wedder, Kind!
Denn giwwt das Groten Hans mit Krint!
Al mei al in rûch stikje smaekleaze humor fan de minste soarte, en ek dêr is it platdútsk tige brûkber ta. De lêste ôfdieling is binammen oan it stjerren en de dea wijd. Frjemd docht jin yn dit formidden in fers oan fan de greate Georg Trakl, dy't yn 1914 yn in fjildhospitael by Krakau syn ein foun. Syn fers Grodek is suver in oanklacht tsjin de oarloch, mar dat hat de gearstaller blykber net preaun!
| |
| |
| |
| |
De âldere Stefan George (1868-1933), romantysk oanbidder fan de skientme, sels yn de oarloch, hat in fers bydroegen: Einem jungen Führer - né, net oan dy fan letter, mar likegoed in yn syn ‘Schwärmerei’ ûnsympathyk fers, modern fan uterlik en opbou, mar echt âlderwetsk-dútsk fan ynhâld; dêrom mocht it der fansels ek yn!
Juffer Ina Seidel, letter forneamd wurden troch har syklike forearing foar de Führer, de echte diskear, is ek fortsjinwurdige, mei in Totenklage. Har âldere roman Das Wunschkind hat destiids nochal forneamd west. Sûnt 1960 is hja wer op it appèl, mei de roman Michaela.
Max Barthel, dy't wy al earder tsjinkamen, makket yn Die toten Soldaten dúdlik, dat de soldaten dy't fallen binne, meirinne mei de striders as ‘Brüder in dem Geisterheere’; lyk as wy letter hearre yn it liet fan Horst Wessel: Kam'raden die Rot Front und Reaktion erschossen, Marschier'n im Geist in unsern Reihen mit! Neat nijs ûnder de Dútske sinne dus.
Helte mear noch hie ik ut út bondeltsje oanhelje kinnen, it opfallendste lykwols is der sa wol úthelle en it is fierder frijhwat ien-tût-mem. Ik haw der mar ien ding mei dúdlik meitsje wollen: oarlochsromantyk, falsk pathos, bryk heroïsme, gearmjuksel fan brutens en sentimint, hja binne allike âld as de mythe fan it ivige, hillige Dútsklân. De jongere generaesje fan fjildgrizen, dy't ús dy nachts oer it mad kaem, hie it allegearre mei de tate ynkrigen fan it âldere skaei dat yn dit boekje oan it wurd is, en dêrnei hiene ûnderwiis en jeugd-organisaesje der harres noch ta dien. Hja wiene ryp makke - èn rottich. Harren Führer en Befehlshaber wie gjin geny, hy hat yn wêzen neat gjin nijs útfoun, mar mei syn maten inkeld handich gebrûk makke fan dizze nihilistyske mentaliteit, ta stifting fan de dútske ôfgoadetsjinst, dêr't hy sels de falske profeet fan wurde moast.
De leauwigen songen lykwols itselde liet - en hieltyd op deselde wize.
It boekje Volk im Kriege stiet noch altyd by my yn 'e kast: relikwy fan de dwaelleare, corpus delicti, kuriositeit; dêrnjonken de Galgenlieder. Fan de lêste binne yn Dútsklân fierstomin songen!
|
|