Fedde Schurer:
De foarste dei
Doe't er kaem, de oarloch, koe ik syn gesicht net thúsbringe.
Sûnt himelfeartsdei, doe't ik mei myn frou en ús jonkje fan acht jier yn 'e dunen fan Aerdenhout lein hie, wist ik dochs dat it komme soe. It wie dêr ynienen mei wissichheit op my fallen, as in wicht op myn lea. Ik wie wis fan syn kommen. Mar it wie lyk as mei de dea. Elts wit fan him, mar as er komt, ken men him der net fan.
Dy nachts waerd ik ynienen wekker, as hie immen roppen. Bûten wie inkeld it sêfte, djippe gounzjen, dat al ta de bitroude lûden hearde, oerfleanders. ‘Ik gean efkes bûten’, sei ik. Hja kroande licht, as teken dat hja it bigriep.
It wie trije ûre. De strjitte wie djipper as oare nachten. Hielendal ûnderyn dy kleau stiene wy as skiep byelkoar. De strjitlampen hiene elk in krânse fan mist. Troch it gounzjen hinne kamen fan fier ôf by tuskenskoften lichte, ûnderbrutsen ploffen. ‘It is wol sa,’ sei de stallingbaes, mei de pyamaboksen ûnder syn oerjas wei. ‘Op it plat dak sjogge wy mear.’
‘It is oarloch,’ sei ik hastich tsjin myn frou yn it foarbygean.
‘Lûk in jas oan,’ sei hja. ‘En lit Andrys sliepe.’
‘It is hjir oarloch. De poepen,’ hearde ik mysels sizzen.
Op it plat dak wie it kâld. Wy sochten om bar lijte tsjin de skoarstien. Stadich makke Amsterdam him los út de nachtdize: hûzeblokken, kranen, tuorren, in stêd dy't yn fredestiid biferzen en noch hielendal geef wie.
Wy koene elkoar amper, buorren yn in greate stêd, mar wy waerden in keppel fé en seagen troch elkoars eagen. Boppe ús fearen in pear kloften guodlike, sulveren fleanmasinen. Dêromhinne dreauwen lytse grize wolken, dat gjin wolken wiene.
‘Bommen,’ sei de sigareman, en nimmen praette him tsjin. It hiele barren wie frjemd; en dan de nacht en de lichte dize. Wy koene it wurd parachute wol, mar nimmen koe it toplak bringe en nimmen spriek it út.
Dêr't de doffe droanen weikamen, dêr moast Schiphol sahwat lizze. Doe doarst ien to sizzen: ‘Se bombardearje Schiphol.’
Men hie gjin hâldfêst oan feiten. It wie allegear ûntaestber. As in operaesje, dêr't men by weimakke wurdt. Ja, hoe kin men oars gewoan brea-ite en thédrinke? Sels de krante wie