skaffing kaem troch de bank net sa gau iepen. Hja wiene yn kostúsjeko en hjoed de dei wit ik noch hoe't dat rûkt as it der op reind hat. Beets, De Tynje, Oerterp, fan dy kusten kamen hja opsetten nei it ierpeldollen. ‘Jo hawwe maklik praten,’ seine hja, as ik harren delbêdzje woe. Ik koe harren net goed fortelle, dat ik ek mar trichtich goune yn 'e moanne fortsjinne.
Letter forslachjower by Hepkema, earst sechstich en doe njoggentich goune yn 'e moanne. En noch wer letter by Het Volk yn Utert, einlings op in lean dêr't ik der fan komme koe. Mar de wurkleazen stiene op 'e hoeken fan de strjitten; en it waerd iderkear dúdliker, dat de dingen yn Dútsklân glêd forkeard gyngen. Yn Utert bigoun Mussert nei foaren to kommen, en der wie dêr wol mear oan 'e hân. Jan Baars spriek mei seis keardels yn unifoarm om him hinne; neffens him wiene wy net mear it folk fan Piet Hein, Jan de Witt en De Ruyter, mar fan Albert Heyn, Simon de Wit en De Gruyter. Der waerd grute, dat dizze Jan it efterstik fan in hynder west hie yn in revu fan Henri ter Hall. Foar myn gefoel hwat ûngefaerlik wiene de saneamde solidaristyske streamingen yn roomske rounten.
Meimankoarren wie it lykwols berneboarterij yn forgeliking by hwat yn 1933 yn Dútsklân barde. Hitler oan de macht: it swurk biloek nou foargoed. Mar to'n earsten bleau it noch rêstich. Foar my folge op Utert Grins; it wie de tiid, dat yn Eastenryk de Dollfuss-diktatuer him mei gewelt ynstallearre. Op Grins folge Amsterdam; wichtige feiten wiene yn dy snuorje de nacht fan de lange messen yn Dútsklân en it wurkleazeoproer yn de Jordaen. Persoanlike notysje: troud yn Augustus. En doe yn desimber, nei it Volksblad yn Ljouwert.
Dy Ljouwerter tiid, dat wie deselde fan de boargeroarloch yn Spanje, fan Mussolini syn oanfal op Abessinië, fan Hitler syn legeropbou, fan de earste anti-joadske maetregels. Alles dreau nei ûnheil. Underwilens stiene ek yn Ljouwert de wurkleazen op 'e hoeken fan 'e strjitten, en de sterke man Colijn ornearre, dat it Nederlânske folk soberder libje moast.
Yn 1938 gyng de needlotsstream hurder en hurder; Eastenryk foel sûnder slach of stjit yn de iere maitiid en yn septimber kaem mei de Sudetendútske kwestje de greate krisis. Neville Chamberlain spriek it biskiedende wurd; it kaem der op del, dat Tsjecho-Slowakije foar de wolven smiten waerd, mar de frede biwarre bleau; doe noch al. Der wie yn dy hjerstmoanne gjin populairder figuer as de Ingelske premier mei syn paraplu en syn huodtsje. Hwat wie moaijer as frede? Ik haw lykwols de flagge net útstutsen en, nochris, ik kin biwize, dat