strjitwei del nei Menaem fytste, hie ik in ûnnoflik gefoel fan leechte efter my.
De oare moarns skau de frontlynje by Marsum oer my hinne. In swijende, stadich ridende motorkolonne, sletten, driigjend, net réagearjend op 'e minsken oan 'e kant fan 'e wei, dochs loerende eagen en lopen dy't der by de minste fortochte biweging yn baerne soene. Men wie biset gebiet. Ik miende op it Coulonhûs it hânskrift fan in Dútske emigrant út 'e wei bringe to moatten, mar men wie net op biskûl bringen klear.
De pinkstersneintomoarns stie ik op it Langpaed to Menaem en seach keppels hynstefolk de strjitwei passearen. Ynienen draeide, sûnder wifkjen, as kamen se hjir alle dagen, in kolonne de Mieddyk op. De Menamer klok, dy't lette foar tsjerktiid, hâldde samar op. Hwat miskien sûnt ieuwen net foarfallen wie: der is gjin tsjerke hâlden. It spul moast yn 'e buorren en dêr flak by om ûnderbrocht wurde. By myn faems âlden krigen se in ploechje soldaten en in ûnderofsier yn 'e skuorre, mei de hynders. De oarder wie maksimael, it spul dat se útjoegen, minimael. Men krige it idé, dat se ynstruearre wiene om de bifolking sa min mooglik oerlêst oan to dwaen. Oer de forhâlding fan Nederlân en Dútsklân hiene se net it minste bigryp. It wiene ienfâldige jonges fan it plattelân of út lytse stedtsjes yn eastlik Dútsklân. Hja hiene ek al yn Poalen west. ‘Jetzt kann man sehen, was ein Kulturstaat ist’, hearde ik ien sizzen. It wie in strieljende maeijedei. It lânskip om Menaem hinne hie der net better forsoarge útsjen kinnen as doe. Greate plakken koalsied blonken feestlik giel, de ierappelloffen hiene it lân yn, blijgriene nôten stiene wazich boppe de groun. Gjin fearn lân wie ûnbinut. Spitich dat hjir yn Nederlân in regear wie dat him tsjin de Dútske freonen forsette; hja woene hjir allinne mar lâns om nei Ingelân. It hie ek gjin sin. De Ofslútdyk: ‘Zwei Stunden Arbeit!’ Trouwens, Ingelân wie net folle mear: ‘Zwei Tage Fliegerarbeit.’ Foar de Dútske útstjûring fan 'e BBC hiene se gjin ynteresse. Mar doe't de pinkstermoandeis it geskut by de Ofslútdyk boldere en bikend waerd dat se dêr sa daelk hinne moasten, wiene se dochs o sa stil. Ear't se ôfstieken
retten se alle strie en hynstestront yn 'e skuorre kreas op.
By Schat-en-dy hiene se in Feldwebel ynkertierd krige. In Hamburger. Unsympathyk en dom. By harres wie de foarútgong folle greater: ‘alles elektrisch’, en de hounen diene dêr neat op it trottoir. Frou Schat koe him wol sjitte, fanwegen