sykje de saek wer op gleed to krijen. Hy docht dat op in eigenaerdige wize, hwant hy freget omtinken foar in net-Wierumer: de kristlike ûnderwizer Theo Vogel dy't yn Wierum skoallehaed wurdt. Mei syn frou Dine komt er út Drinte wei, by fielt gâns foar it doarp en syn biwenners en sjocht ynienen in greate taek. Fansels wurdt er fuortdaliks in wichtich man yn it lytse rountsje fan de grifformearden, mar ek dêrbûten siket en kriget er kontakt, by rûch en wyldseauwich mar yn wêzen sljocht en earlik folk fielt er him tige thús, en dat makket, dat er yn it eigen rountsje gjin tel mear is. Op it lêst komme sawol dûmny en tsjerkerie, as ek syn eigen skoalbistjûr tsjin him yn aksje.
Lyk as yn De ramp binne ek hjir binammen dûmny en âlderling Van der Zee de lilke bisten, hja binne like dom as eigenwiis en like koartsichtich as ûnkristlik. Master Theo is dêrfoaroer wol in kristen, faeks net nei de letter, mar dochs wol nei de geast, sa wol de skriuwer him alteast foarstelle: hy wol him bigryplik en sympathyk meitsje. Mar as men de man better bisjocht, is er eins allike eigenwiis en allike koartsichtich as dy oaren. Mar goed, hy hat syn taek, syn opdracht: hy moat ommers de soune, natuerlike krêften yn it doarp bondelje. Hoe't er dat docht, wurdt net dúdlik. Hy bistriidt noch it isolemint fan it doarp, noch de yntylt, noch de rabberij, noch de sosiale misstannen, en binammen de slijens nei drank net, hwant dat guod mei er sels fiersto graech en hy komt bytiden skeef thús.
Sa ûntsteane der dan twa partijen yn it doarp: guon binne wiis mei de man, oaren bisykje him kwyt to wurden. En dêrmei is syn opdracht folslein mislearre. Hy rekket oerspand, syn wyfke siket mei it iennichst bern oars earne ûnderdak, op skoalle makket er der neat mear fan; sels syn trouste oanhingers krije foar it forstân dat dizze hearsksuchtige hillige net goed mear mei de holle is en by eintsjebislút wurdt er dan ek, nei gâns drokte en spanningen, fongen en yn in ynrjochting opburgen.
It is spitich, dat de figueren om dizze stumperige tragyske helt hinne, de Wierumers dêr't it krekt om to rêdden wie, net bisûnder út de ferve komme: it bliuwt by de feale, forblikke portretsjes dy't Brouwer by syn ûndersyk yn it doarp faeks sjen litten binne. En ek de Wierumer mienskip as gehiel krije wy suver net to sjen, hoewol't dat neffens de skriuwer sels hwat tige aparts wêze moat. Dêrfoaroer steane dan wiidweidige biskriuwilngen en petearen, bytiden wol aerdich, mar oare kearen alhiel oerstallich. Moatte wy nou wier, as der ien op reis giet, ynljochte wurde oer de wize fan reizgjen, de wei dy't folge wurdt, it lânskip, de bouwurken en alle mooglike histoaryske bisunderheden dêr noch op ta? Ut en troch liket it oft Brouwer oan it wurk is foar de geakunde; mar ja, as men safolle byinoar sneupt hat, wol men it ek brûke!
De skriuwer wurket tofolle mei swart-wyt skema's en dat makket, dat er gauris forfalt ta ûnwierskynlikheden, binammen yn de twadde helte fan it boek. Der stiet lykwols gâns spanning tsjinoer en dat is ek hwat wurdich.
Sa sil dan dit diel, lyk as it foarige, binammen dyjingen hwat to sizzen hawwe, dy't net al to kritysk binne en dy't ré binne, har troch de forteller Abe Brouwer meifiere to litten. Hy docht dat aldergeloks yn in Frysk dêr't net folle mankemint oan sit. De útjefte is allike kreas útfierd as it foarste diel. Foar de mear kritysk ynstelde lêzer is dat lykwols mar in lytse treast.
MARTEN SIKKEMA