oan 'e kant is. Dy saneamde keine Fryske fammen haw ik nea net sa folle ynsjoen, better by de wasktobbe as op bêd. Né, fordomd, hwerom trou ik einliks net mei har?’ (95). Op 'e weromreis nei Waekswert formulearret er syn opdracht, hy sil Paula trouwe: ‘As dy man net weromkomt, fansels. En oars moat ik as man tsjin man mei him prate. As Paula it wol. De kar oan him oerlitte. Prate as Brugman, byneed. Mar safier is 't ynearsten noch net, myn boadskip oan Paula is genôch, dêr giet it hjoed mar om. Dy man komt noch lang net, as er komt. Der is in soad to dwaen yn de kommende tiid. Weropbou.’ (129). En fierder jitris: ‘Jo soene suver winskje dat dy man net weromkomt, goddomme hwat is dat foar skriklik en wreed dilemma. De ien syn dea, sei Jolt. Mar ek dit heart by myn opdracht: my nuttich meitsje yn de mienskip. De bealich derop. Ik nim alle konsekwinsjes, yn dy wurden leit myn bislút bisletten. (130).
Wadman hat de tiid net nommen noch de muoite dien om it wurd dat alles seit to sykjen, mar hy hat de makliker wei keazen fan it mar njonkeninoar setten fan oantsjuttingen dy't meiïnoar in byld oproppe moatte. In foarbyld: Rotgefoel. Achtentweintich jier is se. Ik trijeëntweintich. De heare mei it forhoedzje. Ik fordom it. Ik haw it net wollen.’ (76). Soms wurde synonimen, hwerfan't nei alle gedachten it lêste it foarlêste oanfolje of forbetterje moat, op in rychje set: ‘hy woe earst prate, babbelje, in sfear fan bitrouwen en yntimiteit skeppe,’ (35); ‘dat er mar in forfanger wie, in twadde kar,’ (39); ‘It bistean fan Jolt yntrigearre him ek, gyng him oan,’ (73-74). Eigenaerdich is it gebrûk fan heale of hele synonimen yn 'e folgjende foarbylden: ‘Foar har, foar har allinne, tocht er (song er),’ (30); ‘Ik bin net fan har ôf, tocht er, wist er,’ (72); ‘O ja, frou fan myn dreamen, sei ik, tocht ik.’ (138).
Yn it great herhellet him dit kwea: ynsté fan in détail sa goed to skriuwen dat it je it hiele boek troch en langer bybliuwt, en it dus net nedich is der op werom to kommen, herhellet Wadman de fielinkjes en tinskes fan syn haedpersoan slach op slach, sûnder resultaet, lykwols. Hoewol't de labbekak it út en troch hat oer Paula's man dy't it trije kear per nacht kin, wylst hysels ensfh., wol it my net oan dat er in minderweardichheitsfielen hat. Wie 't mar sa! Der mei dan in pear kear stean dat de labbekak him net lekker fielt om syn lamlindige hâlding yn 'e oarloch, nearne blykt dat hy der serieus mei ompakt. Greate wurden brûkt er, dy labbekak: ‘Hoe tichter de bifrijing by kaem, hoe mear de hiele forhâlding mei Paula him bineare. Skuld lei him as in stien op 'e mage,’