| |
| |
| |
Anne Jousma:
Boadskip fan boppen
Ja, dokter, jo miene it fêst bêst mei my en ik ken jimme methoade fan opskriuwe litten. Ik wit diverske skoan, hwer't jimme dy forslaggen foar brûke; mar ik moat jo al warskôgje. Ik haw sels ek wol in pypfol psychology smookt en ik bin net - hwat jimme miene - gek. Net dat ik der biswier tsjin haw, hjirre hwat by jimme to bliuwen, hwant yn it koart moat ik dochs nei dy bank ta. As hja my der jitris siket, moat ik der wêze, tinkt jo ek net? Miskien is it foar jimme, dokters, ek noch wol de muoite wurdich, hwat fierder barre kin; faeks wol sa learsum as dit opsteltsje. Mar mei jimme, psychologen en psychiaters, is der dochs gjin salve oan to striken: jim fine it bêst as Abraham of Noach eartiids boadskip fan boppen krige, mar mei soks moat men jimme hjirre en noutiids net oankomme! Hwant dat past net yn jimme kream fan sielkunde sûnder siel en dus kin it net...
Nou, my tinkt, ik hâld mar op mei myn wurd foarôf; ik fornim, dat ik jusjes haetlik wurd. Sukses!
‘Lekker sliept?’ frege er en hy glimke my ta. Om ús hinne rûsde de wyn troch de tsjokke beammekrunen en dêrtrochhinne tsjotteren in stikmannich fûgels.
Ik wie der suver hwat mei oan. Hie ik op dy bank wier-wier sitten to sliepen? Midden op 'e dei? Ik glimke sa'n bytsje werom. Syn eagen wiene djipblau, syn ljocht hier lei mei in lok foardel, blank forbarnd it gesicht, sa't dat is by lju, dy't ljocht fan fel en hier binne en lang yn 'e sinne sitten hawwe.
Ik kaem net ta in andert; suver hwat minskeskou wurden de lêste tiid en grif tsjin guods oer, dy't ik net koe. Yn it pensiondoarp hie ik noch gjin kunde, hwant ik wie krekt de deis fan to foaren oankaem. Eins alhiel tsjin myn eigen sin.
‘Hwat rêst brek’, hie ús âld dokter sein. ‘Jo moatte der ris út, it wurk in skoftke loslitte. Jo pikerje fierstentofolle. Né, net thús bliuwe, alles om jo hinne loslitte - alle bannen in skoftke forbrekke.’
Yn 'e goedichheit, de man die gjin lichten: en sa wie ik fuortrekke út myn studearkeamer en by myn boeken wei. Sa net, dêr heefde ik dochs al net folle fan bitsjutten út de lêste wiken.
‘Lekker sliept?’ frege er jitris en by bûgde syn holle myn kant hwat oer. ‘It skynt sa’, sei ik en tagelyk seach ik, dat it
| |
| |
gjin hy wie, mar in sy, dy't nêst my op 'e bank siet. Men kin dêr noutiids suver gjin ûnderskie mear yn sjen: koart hier, boksen om 'e skonken, sa'n foech bûsgroentsje oan mei wylde kleuren... En as der dan ek noch in moai leech lûd by komt, hwa soe him dan net forbjusterje litte! En dat giet dan ek noch mar by pûrfrjemde manlju op 'e bank sitten. Ik wit net, hwer't it hinne moat langer!
Hja sei: ‘Nou, jo hoege net sa noartsk to sjen! Sit ik jo yn 'e wei faeks? Dan ha jo it mar to sizzen.’
Nou hat dat lange tahâlden yn de greate stêd my dat slach fan hoflikens bybrocht tsjin froulju oer, dat men dêrre foar wenst hat: in soarte fan oerbliuwsel út de tiid fan de hoofske roman. Mar ik skyn sa nou en dan tobek to fallen yn it ‘foarhoofske’, as ik net oppas. Dat wie mear wenst yn myn jonge jierren op ús doarp en it fernis wol wolris loslitte, binammen as men fan 'e wize brocht wurdt. Ik forfette myn glimke fan earst en andere sokssahwat fan dat ik net it minste biswier hie tsjin sok jong en noflik selskip. Sa wylst ik dat sei, skeaten my ynienen bylden troch de holle fan de dream, dêr't ik krekt út wei kaem: flamjende loften fol droanjende swarte munsters, wite en prize en smoarge poddestuollen fan damp en stof en in machtich lûd, dat boppe ta alles út rôp of bazune. De Apokalyps, tocht ik, ja, dat moat it wêze. En ynienen wist ik, dat dat swiere lûd tagelyk dy frage west hie: ‘Lekker sliept?’ Nuver, sa't it forhevene en it profane yninoar oergean kinne, as ús deistige remmen loslitte.
Ik murk, dat myn buorfrou my mei har wûnderblauwe eagen oanseach; stie der in krûmke spot yn? En ynienen waerd de gentleman yn my wekker en ik sette it petear yn. De krekte wurden fan it bigjin wit ik net mear en dy komme der ek net op oan. Lykwols, it duorre net lang, of it die bliken, dat wy elkoar skoan forstiene en it bjuster lykfine koene oer alle mûglike fraechstikken. Ik rekke yn de tsjoen fan har linige anderten en liet my fange fan har fragen. Yn in kertier hie ik mear oer mysels loslitten as ik ea foar mûglik hâlden hie en der kaem in gefoel by my op, as hiene wy elkoarren al jierren kend. Hja koe suver oer alle dingen meiprate: oer boeken, polityk, filosofy en - nuver foar in frommes, tocht my - fysika.
Ik leau wol, dat it sahwat op dizze wize gien is; fan it iene kaem it oare, mar fan it forrin is my it measte net bybleaun. Ik forgeat alhiel de Hid. Yn gjin wiken, yn gjin moannen hie ik sa'n petear fierd oer saken, dy't my sa nei giene. En dat noch wol op de earste dei fan myn fakânsje, dêr't ik earlik sein tsjin oan sjoen hie as tsjin in berch. En mei in partner sa jong,
| |
| |
sa yntelligint en - ik moast der ynwindich om gnize - sa bjustere kreas! ‘Ald strûk’, giisgoude ik yn mysels, ‘hwerstou al net om tinkste!’
Sa't ik sei, fan de omballingen is my it measte net bybleaun; ik wit mar ien ding mear klear en dúdlik, lyk as men dat ha kin by hwat in skoft lyn bard is.
Ik sei: ‘Jo sykje de moeting mei it ryk oan de oare kant, mei it lân, dat hjirefter leit. En ik moat jo sizze, dat liket my forstanniger ta as it ûndersyk fan de romte en it fleanen nei Mars of Venus, dêr't de measten fan ús jonge minsken fol fan sitte.’
En noch dúdlik kin ik dy greate blauwe eagen foar my krije, dy't my fol oanseagen, deun foar myn gesicht. Ik skrille der suver fan!
‘Kenne jo dat lân?’ sei se en har lûd like my noch swierder ta as earst.
‘Ik woe, dat it wier wie’, joech ik werom. ‘Ik haw der in libben lang om socht, in minskelibben lang. En ik leau deryn sa wis as hwat.... tominsten, soms tink ik, dat ik deryn leau. Somtiids wit ik it sels hast net. Us dûmny, sa'n foech fyftich jier lyn, dy wist der krekt alles fan, suver alles. Op it fraechlearen hat er ús faek mei de himel en de hel konfrontearre - binammen mei de lêste fan dy twa. Oft er dêr it measte fan wiste, of dat er it foar ús fan mear bitsjutten foun, dêr wol ik ôf wêze. It hat gâns in skoft duorre, ear't ik der boppe út groeid bin, mar it is slagge op in dûr. Sa net, it hat my nea rjucht oan wollen, fan dy ivige fordommenis en sa. En it is my net gien, lyk as folle oaren fan dizze tiid, dy't alle leauwe forlern ha.
Ik soe net libje kinne, as ik net leaude yn de machten, dy't it libben stjûre en drage. Mar wy binne allegearre bern fan dizze tiid, sa slim, dat wy soms sels net mear witte oft en hoe't wy leauwe.’
Hja gie ynienen oerein en seach op my del. ‘Ik wol graech nochris mei jo prate. Ik tink, ik haw tynge foar jo. Mar ik moat nou fuort, oars kom ik to let.’
Yn 'e fierte lette in foech klokje en suver foardat ik der erch yn hie, waerd hja wei tusken de beammen en liet my forbjustere allinne. En wylst ik nei myn pensiontsje roun, bisaude ik my skodholjendewei oer myn gemiensum petear mei dat pûrfrjemde frommeske, dat sa nuver fuortroun wie.
De earste dagen neitiid wie it hwat bluisterich, mar sadré't de sinne him wer sjen liet, sette ik op dyselde bank ta oan de boskrânne. Ik hie myn tiid fordien mei krantelêzen en sawier bisocht om fordivedaesje to finen yn in detektive; mar
| |
| |
dy ivige en erflike moarderijen en útsikerijen en sjitterijen en forhearen, dêr't se dan ek noch tsjin alles oan stean to ligen, dat is allegearre neat foar my, dokter. Dat haw ik doe al lang bisjoen, hoe goed oft jo it juster faeks mei my mienden, doe't jo se my oanretten.
Dat ik woe mar sizze, ik seach der tige nei út om it petear mei myn charmante en forstannige partner wer op to nimmen. Mar der siet nimmen op 'e bank: it wie suver in toloarstelling. Ik treaste my der lykwols mei, dat it de earste kears krektlyk west hie: doe siet ik yn it bigjin ek allinne. Dat ik joech my lekker yn 'e sinne del en seach ris goed alle kanten út. De beammen stiene moai ticht op elkoar, mar tusken de stammen troch seach ik yn 'e fierte in soarte fan wyt gebou skimerjen. Ik bigriep efterôf, dat soe dan wol de psychiatryske ynrjochting wêze, dy't hjir ommers stean moast. Dat krong doe pas ta my troch: ik bin faken hwat laks yn it lokalisearjen en réalisearjen fan de dingen. Ik skodholle ris oer myn eigen sleauwens en skikte noflik yn in hoekje op de bank. En dêr bin ik fêst wer yn 'e sliep fallen, hwant ik wit oars neat mean as dat ik ynienen de eagen opsloech. En ja, hja siet der wer en glimke spotsk.
Ik fearre rjocht oerein en sei: ‘Soa, dêr wiene jo dus wer!’
En hja andere: ‘Krekt like goed as jo, soe ik sizze!’
Tagelyk murk ik, dat hja nou as frou klaeid wie en hja fornaem, dat ik dat murk en sei: ‘Bifal ik jo sa better?’ Hja skikte myn kant hwat út en ik moat sizze, ik waerd der suver in bytsje oars fan.
Prate oer waer en rein, dat wie der by ús net by. Ik sei: ‘Ik ha tige nei jo útsjoen, hwant jo hiene it deroer, dat jo boadskip foar my brochten. Dat haw ik dochs goed ûnthâlden, is 't net sa?’
Hja wachte even en seach my stiif oan. Doe bigoun hja samar to fortellen. Ik sil bisykje har wurden moai likernôch wer to jaen, sa't hja se glide liet - hwat ientoanichwei, as tocht hja lûdop.
‘Ik bin út de greate stêd, út 'e haedstêd. Net ien lyk as jo, dy't earst bûten op in doarp wenne hat. Ik bin hikke en tein tusken stiennen, stiennen, stiennen. Wy plichten wolris mei heit of mem of beide nei in park ta to gean, mar dêr wie it wer smoarfol minsken, minsken, minsken. En op 'e strjitten raesden de auto's en taxys en trams en boppe ús de fleantugen. En op skoalle - in machtich greate skoalle - bern en bern en jitris bern. Ik leau net, dat ik my dêr bjustere thúsfield ha. Mar och, as men lyts is, hat men dêr it measte erch
| |
| |
net yn, men nimt de dingen sa't se binne en sa't men se fynt. Folle is my út myn bernetiid net iens bybleaun; der stiet my allinne in sé fan daverjende drokte foar, dêr't mar in hiel inkeld eilantsje fan ûnthâld út opdûkt. En ien dêrfan, dêr komt it by ús petear op oan. Dat wie, doe't wy op in frije dei fan heit kuijeren troch in part fan de stêd, dêr't ik net earder west hie. De strjitten wiene der o sa smel en it lawaei hearde men der hast net. Wy gene troch in foech poarte en it waerd noch stilder. Doe stiene wy foar in gebou mei in hege toer. Sa'n ien hie ik ek wol in inkeld kear yn de drokke strjitten stean sjoen, mar tusken de hege flatgebouwen foel it net op. Hjirre wol: breed, foars en heech lei dit gebou dêr allinne oan dat deastille pleintsje. Ik wist wol, dat se it in tsjerke neamden, mar dat wurd hie gjin ynhâld foar my. Der kaem muzyk út de wild iepen doar, frjemde stadige muzyk en hja songen der ek by: hiel oars as wy wend wiene op skoalle of op de jeugdklub. Ik sei tsjin ús heit: ‘Hwat is dat, dêr boppe de doar?’ Hy bleau stean en my tocht, by wie oars as oars.
‘Dat is Gryksk, en der stiet: Ik bin de wei, de wierheit en it libben.’
‘Hwat is Gryksk?’ frege ik, ‘en hwa seit dat, dat by it libben is?’
Us heit seach my oan en syn eagen stiene frjemd en dûnker. ‘Gryksk, dat is de tael fan de âlde Griken.’
‘Mar hwa seit soks fan himsels, heit, ik bin de wei?’
‘Dat bigrypst net’, sei heit. ‘Kom, wy geane fierder.’
‘Hat dy man dan gjin namme? Ik wol allinne syn namme mar witte.’
Ik loek heit oan 'e hân, dat er wer stean bleau en ik seach omheech nei syn gesicht; dat wie noch altyd oars as oars.
‘Kristus seit dat.’
‘Hwa is Kristus?’
‘Dêr't de lju hjir yn de tsjerke oer preekje.’
‘Is Kristus God?’ Ik hie wolris heard, dat hja yn de tsjerken oer God preken. Us jeugdlieder sei, dat wiene oerbliuwsels út de minne tiid foar de revolúsje.
‘Dan is it mar in sprookje, dêr boppe dy doar. Sille wy der ris yn?’ Ik loek heit mei en wrychtich, hy liet him lûke en wy kamen troch in tsjustere brede doar mei in porteal yn in hege romte mei in machtich forwulf. De muzyk wie deunby en fier fuort dêr skimere it wyt mei goud en blau en read en dêr stiene guods yn kleurige mantels. De minsken, dy't der wiene, leine op 'e knibbels en ynienen - ik waerd der kjel fan - ynienen foel ús heit ek op 'e knibbels en lei syn gesicht
| |
| |
yn 'e hannen. Ik wie der mei oan en wist net better to dwaen as ek mar to knibbeljen. Heech boppe ús hollen dreau it fan sjongen en spyljen: ik moast derfan gûle.
Doe't it út wie, raemde heit my oerein en skuorde my suver ta de doar út. Hy sei: ‘Hjir praetst mei gjinien oer, tink derom!’ Us heit wie in machtich man yn de Partij.
Dêrtroch kaem it grif mei, dat ik trochleare mocht. Ik koe op skoalle altyd tige meikomme en doe't ik tweintich wie, hie ik myn stúdzje yn wiskunde en fysika klear: fier binnen de stelde tiid .. .
Op de feestdei fan de revolúsje waerd ik om myn prestaesjes foarsteld oan de presidint en de lieder fan it regear. Hja wiene bjustere freonlik tsjin my en bigounen in petear oer myn takomstplannen.
‘Fiele jo hwat foar it romte-ûndersyk?’ sei de lieder. Nou wist ik wol, dat men dêr ornaris manlju foar brûkt, dat ik wie suver yn 'e sûs fan de eare en de tinderskieding.
En ik haw my hurde en traind en studearre dat it sta sei, noch in jiermannich lang. Yn de fluchste masines haw ik sitten, it fleanersfak kin ik út 'e pinne. De alderswierste proeven ha 'k trochstien.
Hawar, dat kin jo it measte net skele. Mar hwer't it op oankomt, dat is in skoftke lyn bard, sahwat twa moanne lyn. Doe bin ik yn in raketkapsule omheech brocht, fier bûten de atmosfear. It doel wie, hja soene my nei de moanne sjitte as earste fan de ierde. Dêrfoar hie ik al twa-trijeris om ús wrâldbol hinne gisele, fjirtich kear efter elkoar.’
Ik lei myn hân op har earm. ‘Mar dan binne jo...’
Hja lei har hân op mines. ‘Stil’, sei se, ‘gjin namme. Doe't ik ôfstekke soe foar dy moannereis, hiene hja der gjin gewach fan makke; allinne de lieder kaem mei syn lju om my to bigroetsjen. Hy wie bjuster op it snjit en tute my op beide wangen: dat is syn wenst sa. Hy knypte myn hân yn sines en sei: ‘Ik winskje dy in tige goede reis ta en aste soms de Alde dêrboppe sjochste, dan moatst him foaral de groetenis fan ús dwaen. Siz mar tsjin him, dat wy it hjir bêst sûnder him rêdde kinne.’
Ik haw him doe fêst al tige forheard oansjoen, hwant hy skattere it út en tute my jitris oan beide kanten; it gefolch skattere mei.
In kertier letter stoude ik yn myn raket omheech en noch in kertier letter lei ik yn myn baen nei de moanne. De ierde waerd fan in flak earst in greate en doe in lytsere bol. De sine gie der net mear efter forside, mar bleau oan ien tried wei
| |
| |
sichtber, op in dûr mei in hiel oar skynsel as ornaris.
Ik hantearre myn ynstruminten en praette mei it fleanfjild dêr't ik opstiigd wie troch myn radio. De lieder himself die my de eare fan in oprop en neamde my ‘moannegoadinne’. Syn lêste wurden wiene: ‘En jo witte, hwa't jo dêr omheech de groetenis dwaen moatte, as er him sjen of heare lit!’
Undertusken jage myn kapsule troch de romte: al lytser waerd de ierdbol; frjemd ljochtsjend stie de sinne tsjin in swarte eftergroun en fier fuort, folle lytser, mar bitsjoenend kleurryk de stjerren.
Ik wist, dat ik al twaris safier wie as myn fierste foargonger in healjier lyn en ik socht myn ynstruminten ôf op oantsjutting fan mûglike strielingsgebieten. Forbylde ik it my, of bigoun de radio-aktive wizer jusjes to triljen? En ik sels trille ek - ik fielde my ûnwis as nea fan to foaren.
Ik rôp de ierde oan: gjin andert, hja réagearren net. Blykber in forsteuring fan de radioforbining. Soks koe forwachte wurde; mar myn radio-aktive wizer forweegde, dêr wie gjin mis op. Ut myn telefoan kaem ynienen wer lûd, wûnderlik sjongen mei ûngewoane muzyk. Ik moast ynienen tinke oan de moarns, dat ik mei heit yn dy tsjerke wie, lang lyn.
Ik seach nei bûten: heech boppe my stie in dûnker forwulf, rjochtút in skynsel wyt mei blau en sulverich read en goud en oeral om my hinne strielen de kleuren. Earst forstie ik neat fan it sjongen; mar doe makke der him in lûd út los, krekt ús heite lûd.
‘Kear om nei de ierde, bern. Ast fierder giest, kin dat net mear. En doch dan dêrjinsen bileaven de groetenis werom.’
Ik stammere: ‘Heit...’, mar it lûd forfette: ‘Doch it gau, oars is it to let. En by dêrûnder moat dochs f'ral de groetenis hawwe fan dû-witst-wol-hwa.’
Ik griep nei myn knoppen, trape op pedalen. Myn kapsule makke in bocht, fleach tobek. De radio-aktive wizer kaem ta rêst, stie stil! Ik rôp it fleanfjild oan. Hja anderen nou wol. ‘Trochfleane! Hwat mankearret jo! Wês rêstich! Is der hwat stikken? Né? Dan trochsette! Dy forbrutsen forbining komt strak fansels wer goed... Hwat kinne jo dy strielen dwaen? Jo binne dochs op alle boegen ôfskerme?... Foarút, omkeare en der trochhinne... Wy bliuwe oan de mikrofoan en aenst heare jo ús fansels wer... Jo binne dochs net foar it earst de romte yn, wol?... Wachtsje ris, hjir is de lieder sels foar jo.’
De lieder lake fortroulik troch de telefoan. ‘Hwat skeelt der nou oan, fanke? Kom, kom, dochs fêst gjin simmeltsjes? Tink
| |
| |
om 'e eare fan it lân. Ast werom komst nei de reis, dan haw ik hiel hwat moais foar dy... Hast al wer de goede kant út stjûrd?’
En doe sei ik; ‘Hy - jo-witte-wol - hy hat my de groetenis werom bisteld oan jo, kammeraet lieder.’
It bleau stil oan de oare kant. ‘Hy hat my sizze litten, dat ik omkeare moast en jo bileaven de groetenis dwaen. Dat sadwaende...’
Der kaem noch gjin andert. Ik miende wol, dat ik him praten hearde tsjin de lju om him hinne. Ik forstie it gepreuvel net krekt, mar soks as ‘yn de plasse slein’ en ‘froulju bliuwe froulju’ tocht ik op to heinen. Doe sei er ynienen tige rêstich: ‘Bist dêr noch, moannegoadinne? Kom dan mar werom, wy sille dy helpe mei ús ynstruminten... Kom mar!’
En doe waerd de ierde wer greater, waerd in flak. Ik moast út de kapsule springe en dat sil ik ek wol dien ha; al dy hantgrepen gienen automatysk. Ik wit der neat mear fan, neat mear as dat ik wekker waerd yn in stille wite keamer en dat hja my der wakker ûndersocht hawwe, op alle manearen.
En as ik fortelde, dat ik weromstjûrd wie en hoe, dan laken hja my freonlik ta en knikten en seine: ‘Ja, ja! Wy bigripe it!’ En ik bigriep ek hwat; ik bigriep hwer't hja my foar oanseagen! Hwa't dingen moete hat lyk as ik en deroer praet kin soks forwachtsje, nei't it skynt.
Hawar, it wie der rêstich en ik hie 't der goed. Ik liet dy dokters fierder mar stil prate, krektlyk as hja it my diene.
Op in moarn kuijere ik yn it greate tún en gie op in bank sitten, krekt as hjir nou. Der lei in krante op; fêst in dokter of in suster, dy't him dêr forgetten hie. Yn gjin dagen, wiken, hie ik my oer kranten bikroade en ik blêdde it ding hwat ûnforskillich troch. Partijkongres hie der west, konferinsje mei bûtenlânske ministers en al soks. Hea, ynienen foel myn each derop, in foech birjochtsje tusken de greate koppen yn.
‘Fan de moannekapsule, dy't trije wike lyn ôfreizge is, binne gjin seinen mear ynkaem. It kontakt is forbrutsen. Wy moatte wol oannimme, dat de forneamde astronaute S. op de iene of oare wize forûngelokke is. Dit bitsjut in swier forlies: regear en partij hiene greate forwachtings fan har.’
Ik knypte mysels yn de hannen, ik bitaestte myn gesicht... Ik fleach mei it ding nei de suster fan tsjinst en wiisde it har oan. Hja glimke lyk as wenstich, lei my de hân op it skouder en sei: ‘Och, lit se mar skriuwe, dy krantelju. Jo hawwe it hjir dochs goed?’ Hja loek my rêstich en foarsichtich de krante út 'e hannen.
| |
| |
Ik hie al in pear kear bisocht en kom der tusken, mar koe it safier net krije. Nou hime ik: ‘Mar hoe yn fredesnamme komme jo hjir alhiel, safier fan jou eigen lân ôf? En hoe kinne jo ús tael sprekke?’
Sa't ik it sei, hearde ik yn 'e fierte wer dat klokje lieden en myn buorfrou gie hastich oerein.
‘Miskien kin ik jo dat letter ris fortelle - o, ik moat nou nedich fuort. Hark mar, hja roppe.’ Hja bûgde nei my oer, patte my efkes op 'e foarholle en roun al tusken de beammen, de kant fan it wite hûs út. Forstuivere seach ik har efternei; hja sweve as in skime troch de skimerjende beammen en strûken.
Ik koe de oare dei hast net ôfwachtsje. Mar ik bleau allinne op de bank sitten en sa gie it ek de dagen dêrnei: hja kaem net wer. In nuvere ûnrêst griep my oan en dy waerd slimmer al neigeraden it langer duorre.
Op lêst - it wie jounich en ik hie grif in pear ûre sitten to wachtsjen - die ik, hwat ik al earder dwaen wold hie. Ik stiek deselde kant út as hja, op 'e skimering fan it wite hûs oan. De brede foargevel kaem tichter en tichter by. Ynienen waerd ik moedich en ik skille. In grouwe portier die iepen en frege myn boadskip.
Ik sei: ‘Tja..., it is hwat in nuvere fraech...’
Hy gnyske. ‘Binne wy hjir wol wend, mynhear, siz it mar.’
‘Ja, ik woe freegje, oft der hjirre by jimmes ek in astronaute opnommen is - in útlânsk frommeske.’
Hy seach my hwat meilydsum oan. ‘It muoit my, mar oer pasjinten mei ik gjin ynljochtings jaen.’
‘Ja, sjugge jo, it is tige wichtich foar my. Hja hat my tynge fan bitsjutten brocht en ik forwachte har wer en...’
‘It spyt my. Miskien kin de haedsuster jo efkes to wurd stean.’ Hy liet my yn in wachtkeammerke. Op 'e tafel leine hwat kranten en tydskriften, sa't men dy yn sokke tideleaze romten altyd fynt. Ik naem der ien fan yn 'e hannen, in printsjekrante, en it earste dat ik seach, wie har portret.
‘Fan de moannekapsule, dy't in wykmannich lyn ôfsketten is, binne gjin seinen mear ynkomd. Dat men moat wol oannimme, dat de forneamde astronaute...’
De krante foel my út hannen, krekt doe't de suster deryn kaem. Ik wiisde op dy foto en stammere sahwat fan: ‘Dat is hja, dy sykje ik. Is hja hjirre by jimmes? Suster, is hja hjirre? Hja hat my boadskip brocht fan de Alde dêrboppe, witte jo en fan it lân hjirefter...’ Fierder wit ik suver neat mear.
| |
| |
Allinne, dat ik wekker waerd yn in stille, wite keamer.
Ik bigryp skoan, hwer't ik bilânne bin en as ik it de dokters en de susters útliz fan myn sykjen en fan hár boadskip en fan dy groetenis, dan glimket elts fol meilibjen en seit: ‘Kalm oan mar, rêstich oan. Jo hawwe it hjirre dochs goed by ús? Hja hat hjir wier net west, dat wy witte!’
Krekt, tink ik dan. ‘Dat wy witte.’ Hwant hwat witte jimme en hwat wit ik en hwat witte wy allegearre. Hjá wist hwat en hár kin ik net mear werom fine.
Mar oer in skoftke mei ik wol ris kuijerje; dat meije sokken as ik wol: ûngefaerlike gekken. En dan gean ik nei dy bank to en... hwa wit!
Nou, dokter, dat wie it dan. Sa wiene myn bifinings foar't ik jimme gast waerd, sille wy mar sizze. Ik bigryp skoan, dat jimme it forslach foar - nou ja, foarsichtich sein - foar abnormael opnimme sille. Hwa't groetenissen fan boppen bringt of kriget, of tynge út it lân hjirefter, dy is net gewoan, dat wol ik graech tajaen.
My tinkt, ik hear jimme myn gefal al útraffeljen. De terminology en de nomenclatuer binne my ridlik goed bikend. Ik soe sizze, jimme moatte mar tige analisearje, as it tominsten de muoite wurdich is. En ik wachtsje ûndertusken rêstich op de dei, dat ik kuijerje mei. Dan gean ik wer nei dy bank ta.
Neiskrift.
Hiele lang kinne jimme my hjir fêst net mear hâlde. Hwant sels as wy oannimme, dat ik hwat yn 'e war bin, dan bin ik yn elts gefal folslein ûngefaerlik.
Ik moat der net om tinke, dat ik in minske hwat oandwaen soe! Like min as ien fan jimmes!
|
|