is as kunstner folwoeksen genôch om fan elts fers ‘in fers fan spanninga’ to meitsjen.
Dêr komt by dat yn it dichterskip fan spanninga in ûnpersoanlik elemint sit. It fers kringt hjir net troch yn it ik, yn de eksistinsje fan de dichter, mar it is oarsom: it ik lost himsels op yn it fers. Spanninga liket op dit stik mear op in sjineesk skilder as op in westersk yndividualistysk lyrikus. As er skriuwt, pinsielet er stilte, makket er hwat hearber, dat men eins net hearre kin. It ik fan de dichter komt allinne yn poëtyske spegelingen op de lêzer ta. It gefolch dêrfan is dat in persoanlike problematyk, it âlder wurden om mar hwat to neamen, him net of allinne tige yndirekt uteret. Dit dichterskip is statysk ynsté fan dynamysk. It poëtysk produkt moat wol itselde bliuwe, hwant it is net direkt keppele oan it foroarjende, yndividuéle libben. Dêrom binne dizze fersen, al binne hja nea tsjuster, net altyd like maklik tagonklik. Hja geane ommers yn sekere sin nearne oer. De bylden dy't op jin tastreame, kin men bisjen; men kin der fan genietsje, mar hja binne to fragyl om mei to nimmen en fêst to hâlden. Dizze poëzij is in soarte fan ‘poésie pure’, oars hielendal neat as poëzij. As men der oer prate wol of skriuwe moat, forfalt men yn tautologyen. Lês mar hwat ik skreaun ha: spanninga is spanninga en syn poëzij is poëzij.
Mar ek al is de dichter net folle foroare, syn nije bondel is oars as al syn oare. Kymgong is spanninga syn meast folsleine bondel. Fan alle soarten fersen dy't er skriuwt, fynt men hjir in rom forskaet. De lange, frije fersen, dêr't rattelmansreau allinne út bistie, ûntbrekke net, mar ek de koarte miniatuereftige gedichten, dy't de lêzer al koe út spegelskrift en finzen en frij fynt men hjir. Der binne kwatrinen by en sonnetten. Spanninga skriuwt satyryske, boartlike en ek folslein lyryske fersen. En hy kin it sawol eksperiminteel as tradisioneel.
In kolofon of sokssahwat fynt men by spanninga nea - yn de tiidleaze romte fan it skeppen binne data irrelevant -, mar ik leau net, dat al dizze fersen earst sûnt de lêste bondel ûntstien binne. Nei myn bitinken wol spanninga mei dizze bondel eat oanbiede, dat ynsté fan chronologysk thematysk in gehiel foarmet. Qua foarm en eksplisyt ûnderwerp meije dizze fersen noch sa forskille faninoar, meastentiids hawwe hja hwat to meitsjen mei it geheimsinnige wurd kymgong dat op it omslach stiet. It komt foar yn it fers yllusia op ierde dat spitigernoch to lang is om hjir yn syn gehiel sitearre wurde to kinnen.