De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 52] [p. 52] Rainer Maria Rilke: Oersettingen fan Fedde Schurer It olivehof (Der oelbaumgarten) Griis gong er op yn 't grize olivehôf ta de ienlikheit, ûntwyk foar alle wurgen en hat syn holle, skier fan moude en stof djip yn syn moudge, hjitte hannen burgen. Nei alles dit. In útein njûr en swart. Nou sil ik gean tonei as in forblinen. En hwerom wolstû, dat ik sprekke moat fan Dy, as ik Dy net mear wit to finen - Ik fyn Dy net. Net yn my, as foarhinne. Net yn de oaren. Net yn blom of sinne. Ik fyn dy nearne mear. Ik bin allinne. Allinne, net mear winske en net yn tel by hwa't ik tsjûgje moast fan dyn bifel, en Dû bistietst net. Der is inkeld hel. Letter sei men: der kaem in ingel del - Hwerom in ingel? Och, it wie de nacht dy't ûnforskillich rissele yn 'e blêdden. Freonen forskeukten, sliepende op hwat seadden. Hwerom in ingel? Och, it wie de nacht. Dy nacht dy't foel dêr oer de olivekroanen hie neat dat neamen wurdich wie: lykmoedich, sa foar libb'nen as forstoarnen och, in hwat drôvigen, och, sa'n gewoanen dy't wachte oant it wer ris moarntiid wie. Hwant by sa'n bidder giet gjin in gel sitten en nachten wurde net om sa'n ien great. Dy't sa forliest, is nearne mear bigeard; de heite knibbel hat him glide litten, de memme skerte hat him bûtenkeard. [pagina 53] [p. 53] Gesang fan 'e froulje oan 'e dichter (Gesang der frauen an den dichter) Sjoch, sa binn' wy; 't wurdt alles iepenbier; hwant wy binn' neat as dizze sillichheit. Hwat inkeld bloed en nacht wie yn in dier dat woechs yn ús ta siele út, en geit as siele fierder. En it skreaut om dy. Mar faeks hast ús mar yn dyn oandacht set as lânskip, koel, fan alle hertstocht frij. En dêrom tinke wy, dû bist it net om hwa't it skreaut. Lykwols, dû bist it doch yn hwa't wy ûnbitinge libje en stjerre - Hoe wurde wy earne oars itselde noch? Mei ús moat it ûneinige forgean. Dû lykwols, bliuw, dû mûle, dat wy hearre; dû, lykwols, dû, ús-sizzende, bistean. [pagina 54] [p. 54] Earnstich stuit (Ernste stunde) Hwa't nou skriemt earnehwer yn 'e wrâld, redeleas skriemt yn 'e wrâld, skriemt wol om my. Hwa't nou laitsje moat earne yn 'e nacht redeleas laitsje yn 'e nacht, laket my út. Hwa't nou giet earnehwer yn 'e wrâld, redeleas giet yn 'e wrâld, giet ta my. Hwa't nou stjert earnehwer yn 'e wrâld, redeleas stjert yn 'e wrâld, sjocht my oan. [pagina 55] [p. 55] De leste huzen De lêste hûzen. Hjir en dêr in klint en nije bousels, dy't as frjemde dingen bisykje út it stêdsgewoel to kringen en witte wolle hwer't it fjild bigjint. De maitiid kriget nea hjir 't rjochte skot, de simmer moat efter dy skedden kjirmje, de kersebeammen en de bern fortsjirmje - inkeld de hjerst hat hjir ik wit net hwat, hwat mylds en wiids; men fielt de dei forgean en sjocht, wylst yn it lân de dieren rêste, in ienlike âlde skeper by de lêste lantearnepeal forlern to drôgjen stean. Vorige Volgende