| |
| |
| |
Hein Faber:
De ringfjochter
Ik ha it nou seis rounten folhâlden tsjin The Flaming Kid. Dat is mear as de measten my tatocht hiene. Ik krij gauris in iepen doekje, hwant it is nou ienkear sa dat it folk almeast op 'e hân is fan de swakste. Nou is de Kid mei syn ûnbidige ringerfaring ek gjin noflike tsjinstanner. It slimste is dat ik sa op myn iepenst wêze moat foar streken, dêr't wy yn Rotterdam net op sinne soene.
De spouns fan myn helper, in greate Ier dy't yn de ring net mear mei kin, giet oer myn gesicht. ‘Ik kin him hawwe,’ siz ik tusken de tosken troch.
Hy bûcht him spounzjendewei oer my hinne en seit, suver sûnder de lippen to biwegen: ‘Soe dat wol forstannich wêze?’
‘Ik win,’ siz ik.
De spouns glydt oer myn antlit. ‘Der sitte gâns swiere jonges dy't har jild op The Kid set hawwe.’
‘Ik win,’ siz ik.
‘Ik sil in auto klear stean hawwe,’ lústert de spouns oan myn ear.
De gong giet.
The Flaming Kid hat grif hwat to hearren krige yn syn hoeke. Mei gewelt komt er opsetten. Sa gau as er my rikke kin in fûle linkse direkte mei as in blits in rjochter hoek der oer hinne. Trochsichtich, soks. De linkse hein ik op myn want en foar de rjochter bin ik der net mear. Fansels, sa jowt er him bleat foar myn rjochter. Bang... yn de mage. Dat sil him wol hwat foarsichtiger meitsje. Dy neger hat sa'n hurde kop dat ik moat al witte hwer't ik him reitsje, oars slaen ik myn hannen kapot. The Kid wurdt hoedener. Fan alle kanten hat er al heard hoe gefaerlik dy rjochter fan The Dutchman is. Hy tripket om my hinne en bisiket mei hiele searjes razend flugge stjitten my yn 'e war to bringen. Ik lykje bytiden wol in punchbal, mar alles sit op myn dekking en ik loer op myn kâns. Hy ek fansels. Ik kin fornimme dat it him ôffalt. Ik lykje in iepen bokser en dat wie ik ek... yn Rotterdam. Mar myn trainer en de wedstriden dy't ik hjir yn de States bokst ha, hawwe my ien en oar leard. Hy fortrout my net, al stiet er fansels op punten in ein foar. Mar The Kid wint altyd troch knock-out.
As de gong giet is it him net slagge my del to slaen. Mar dochs moat ik net to lang wachtsje.
| |
| |
‘Stiet de auto klear nei de achtste rounte?’ freegje ik sa tusken myn tosken troch. ‘Dan wol,’ seit de Ier en wriuwt my mei de spouns oer de holle. Nimmen sjocht dat wy prate. Myn helper nimt in rûge handoek en rost my nekke en kop droech. Gjin swit yn de eagen. ‘Tink der om, dat er gjin bloed makket,’ lústert de handoek. ‘Gjin liif-oan-liif-wurk, hwant dan rost dy nikker mei syn hurd hier dyn biswitte hûd iepen en tipt dy mei dyn eigen bloed de eagen ticht. Dan plakke de eachteisters oanelkoar en hast gjin sicht mear.’
‘Gjin noed. Ik win.’
Gong.
The Flaming Kid bisiket daliks yn de clinch to kommen, mar ik hâld him fan my ôf mei stopstoaten. Hy hat grif opdracht krige de saek to forsearjen. Hy wurdt wylder. Ynienen sjoch ik myn kâns en lit him komme. Hy raemt my beide fûsten mei gewelt yn de mage en bisiket my mei de holle in hurde skouwer oer it gesicht to jaen. Der ha 'k op rekkene en meiiens brek ik út de clinch mei in hurde opstoat, mei in linker direkte der fuort efteroan. Krekt op it nipperke kin er de kop der foarwei draeije, mar de linker draeit mei en de rêch fan de hân patst op it wang fan de neger. Dat docht him neat, mar bringt him ien tel yn de war. Krekt de tel dy't ik nedich ha. Bang... in rjochter hoek mei alles hwat ik bysette kin op it uterste tipke fan it kin. The Flaming Kid hat der net folle fan field, mar as er de eagen opslacht hat de referee him al útteld. Ik help him oerein. Eins ha ik in bytsje meilibjen mei him as ik syn forsleine troanje sjoch en hear nei de minsken dy't my bijubelje. Stom is dat, dat ha ik nou altyd.
Lon, de Ier, springt yn 'e ring en goait my de badjas oer de skouders. Ut de eachshoeken wei sjoch ik de swiere jonges stean to mûskopjen. ‘Kom mei,’ driuwt myn helper en helpt my to de ring út. Tusken hagen fan jubeljende minsken troch geane wy nei de klaeikeamer. ‘Hjir net,’ seit de Ier en skout my troch. In eintsje fierder giet in doar iepen en wy steane bûten. Mei iepen portieren stiet dêr in auto. De doarren slane ticht en de auto raest fuort. De tocht duorret net sa lang. ‘Dit hotel,’ seit Lon, ‘is yn oarder. Hja kenne ús.’ Hy stapt nei de man fan de resepsje, praet der eefkes mei, krijt in kaei en jowt my de wink mei him yn 'e lift to gean. ‘Second-fourty two,’ seit er tsjin my, wylst er sels de lift bitsjinnet.
It is in hiel knappe keamer dêr't er my yn lit. Hy wiist op in doar. ‘Your bath is waiting. Doch it dy oan tiid. Ik soargje foar it oare.’
De badkeamer is in lustoarde, dat ik doch der wier noch al
| |
| |
eefkes oer om my wer toanber to meitsjen.
As ik de keamer yn kom is Lon krekt oan it telefonearjen. ‘... that you? Kom mei Joe nei de Silverstar. Leafst sûnder in oar.’ En dermei leit er de telefoan del.
‘Ik ha mar fêst hwat helle om ús it wachtsjen to koarten,’ seit er.
‘Helle?’ freegje ik, ‘wurdt it hjir net brocht?’
‘Nou wit nimmen, útsein de portier, hwer't wy sitte,’ glimket de Ier. ‘Cheerio.’
Lang hoege wy net to wachtsjen, hwant sa great is it ein nou ek wer net. Earst komt de masseur der yn, syn forbokst gesicht ien greate glim. ‘The daring young man,’ seit er hertlik. Hy nimt ien fan de folle glêzen. ‘Your health,’ en set it leech wer del.
‘Well?’ freget Lon.
‘Wachtsje mar op Joe,’ seit de Kanadees.
It duorret net sa mâlle lang, dan is de manager der ek al. ‘Hi, you stupid brave boy,’ bigroetet er my en huft my op it skouder.
‘Well?’ freget Lon op 'e nij.
‘It wie great,’ glimket Joe. ‘Wy yn de klaeikeamer mar wachtsje. Ik fielde my net bot op myn gemak. Dit namen de mannen net, dêr wie ik wis fan. Ik sei krekt tsjin Buck: ‘In knap bokser, in bokser fan klasse, mar dochs...’ En doe spatte de doar iepen. Trije fjouwer mannen protten der ta'n yn en sleaten de doar sekuer efter har. Hja seagen my forbaesd oan en doe nei Buck dy't tsjin de lege masseartafel hong.
‘Where's your darling boy?’ frege dy greate, swiere keardel, dy Mac Laughan. Ik helle de skouders op. ‘Hy sil daliks wol komme.’
De mannen joegen har del. Twa oan wjerskanten de doar.
‘Boadskip?’ frege ik.
‘Ja, de forkearde woun,’ sei Mac Laughan.
‘He's a good boy,’ glimke ik.
‘Wis, to goed.’
‘Hwer bliuwt er nou?’ frege Mac.
‘Ik wit net,’ sei ik, ‘ik sil ris sjen.’
‘You stay,’ sei ien fan de mannen by de doar.
‘As hy net gau komt... we beat you up,’ sei Mac Laughan.
‘Oh né,’ kaem Buck der tusken.
‘You a brave boy?’ sei Mac.
‘Yes,’ sei Buck. De mannen seagen elkoar ris oan, mar ús kanadeeske âld-bokser hie noch wol hwat mei to sizzen, dat hja lieten it sa.
| |
| |
In hiel skoft sieten wy der gesellich neat to sizzen doe't der ynienen op 'e doar slein waerd.
‘De jonges fan de krante,’ sei ik.
‘Wis,’ sei ien fan harren, ‘dêr is er dus net.’
‘Lit se der mar yn,’ sei ik.
‘Sille wy wol útmeitsje,’ sei Mac.
Buck nei de doar. De beide mannen oerein. ‘Soe 'k net dwaen,’ sei Buck, ‘it is gjin gesicht foar dy krantejonges.’
De mannen seagen nei Mac. ‘Lit mar,’ sei dy.
Buck die de doar op en fuort spatten de journalisten der yn.
‘Wy binne forkeard,’ sei Don, jimme witte wol de bikendste sportforslachjower fan Frisco, ‘dit binne de backers fan The Flaming Kid.’
Mac Laughan joech syn trawanten de wink en hja gyngen der út.
‘Hwer is your Dutchman?’ frege Don.
‘Ik woe dat ik it wist,’ sei ik.
‘He can smell danger,’ lake ien fan de oaren. Joe wie it.
‘Dat is net alhiel wier,’ ûnderbriek ik him, ‘it wie Lon.’
De manager gyng troch as hie ik neat sein. ‘Der hie kopij yn sitten,’ sei Don, ‘mar goed, wy ha it nou wol sjoen. Kom jonges!’
Der sieten wy dan. En mar wachtsje. ‘Hjirsa, witst hwat Buck sei?’
‘Lit mar,’ sei Buck.
‘Buck sei: ik mei dy Dutchman wol. Wy hiene in soad spul krige en sa jong bin ik ek net mear.’
‘Mar goed, doe kaem dyn telefoantsje, Lon. Wy nei bûten.’
‘Der wie neat to sjen,’ foel Buck yn, ‘en mei alle ljochten op hiene wy sicht by 't soad. Foar alle wissichheit bleau ik nouris foar in winkelrút stean en roun Joe troch en dan bleau Joe stean en roun ik troch en sa koene wy goed neigean oft wy ek folge waerden. Neat to fornimmen. By de Silverstar seine wy goodbye en gyng Joe fierder op.’
‘Ja,’ seit de manager, ‘en ik hâldde earen en eagen goed iepen. Neat to rêdden. Doe bin ik hjir ek hinne komd. En sels al hat ien fan de mannen hjir yn de lounge sitten, dan hat er noch neat fornimme kinnen, hwant de portier seach net ienris op fan syn krantsje doe't er my talústere: ‘Second-fourty two.’
‘Hja binne kopskou wurden fan de krantejonges,’ seit Lon de Ier.
‘De kaert is nou foar har forjown,’ seit de manager, ‘mar oars, dou dóarst wol.’
‘Ik koe winne en ik ha woun. Ik hie net wedde op The Kid.
| |
| |
‘Yn elk gefal hast nou de kranten mei,’ seit Buck, de masseur.
‘De earstkommende wedstriid is hjir net yn Frisco,’ seit de manager.
‘As jimme mei my stean,’ siz ik en sjoch de mannen bar om bar oan, ‘sit it wol goed. Ik wol gjin oaren en nim gjin oaren. I'm a Dutchman.’
Deselde jouns skriuw ik oan myn wiif dat ik slim langst nei har ha en nei Rotterdam. Ik skriuw har dat ik myn earste greate wedstriid woun ha en stean der by har op oan dat hja net nei de televisy sjen moat as der bokst wurdt. Boksen is hjir gjin sport mar business, dêr't in bulte jild mei mank giet. Gjin clean business. Dizze joun, skriuw ik, hat my net allinne in protte jild oplevere, mar hwat gâns better is, trije goede freonen. Nou rêd ik it wol. Sa gau as ik genôch jild by elkoar bokst ha kom ik wer by dy. Ik hâld fan dy... yn Hollân, hjir net.
Ik jage de manager op. Yn sa'n koart mooglike tiid woe ik genôch jild byelkoar bokse om hjir wei. Mar dêrfoar wiene nedich wedstriden, wedstriden, wedstriden. Ik sparje noch mysels, noch myn maten. Buck, de Kanadees, is myn trainer en by en Lon tagelyk myn sparring partners. Wy wolle it ploechje sa lyts mooglik hâlde. Moarns ier-en-bytiid binne wy al bûten foar it roadwork. Myn skonken dogge it goed. Dan in lichte moarnsbrogge en it binnenwurk. Toudounsje, skaedbokse, punchbal en it wurk yn de ring. De manager komt geregeld to sjen. It giet him to mâl.
‘De bôge kin net altyd spand wêze,’ seit er.
‘In bokser moat witte hwat er wol. Ik bin hjir to let komd. It jongste is der ôf en nou moat it yn koarte tiid helle wurde,’ siz ik.
‘In bokser hat ek mar ien body dy't er knoeije kin,’ seit de manager.
‘All right... all right. Ik pasje wol op mysels. Doch dou it oare,’ siz ik.
Nou, by soarge goed foar de public relations. Nea kaem ik ien fan de krantelju to wurd. As hja der op oan stiene sei er: ‘The Dutchman hat it net oan tiid.’ Dat wie ek mar goed, hwant ik hie it noait sa moai fortelle kinnen as hy. Hjirsa: ‘Ja, hy moat hurd wurkje. Dêrjinsen yn Hôllan binne syn âlden dêr't er foar soargje moat, crippled as hja binne fan de Nazi's. Jawis hat er broers en susters en dy moatte ek troch de tiid. O, ja, hy is de oarloch trochkomd as forsetsstrider en The Flaming
| |
| |
Kid is wier net de earste dy't troch syn formidabele rjochtse delgien is. In hopen SSers kinne der fan meiprate as hja tominsen nei dy tiid noch prate koene. Bang?... The Dutchman?... dat hat er yn de oarlochstiid wol ôfleard. Der oer prate? Hy? Né, hy is sa biskieden as in Dutchman.’
It die fortuten. Ik luts folle sealen en nou mocht ik mysels wysmeitsje dat it om myn boksen wie, mar foar in part dochs ek om de man to sjen dy't as foech jonge tsjin de Nazi's striden hie. He is always good for a good fight. Op it lêst wie it safier dat ik oan de frou skriuwe koe: ‘De tiid stout foarby. Nou noch de lêste match en ik kom foargoed by dy. Ik sil der út helje hwat der yn sit, sa dat wy earne yn de stêd in flinke saek keapje kinne. Ik hoech dan net wer yn 'e ring en kin alle dagen by dy wêze.’
De lêste wedstriid is wer yn Frisco. De mannen hawwe nou in bokser foun dy't my bislist to mânsk is. Hy is efkes greater as ik en as wy op 'e skealjes komme in poun as seis swierder.
‘Hwat tinkt dy?’ freget myn helper.
‘Ik koe syn heit wêze, mar dan hat er in oare mem hawn as Willy,’ siz ik.
‘In gefaerlik man,’ seit de greate Ier. ‘In boarst as in gorilla en suver like lange earms. Der sit izer yn dy hannen.’
‘Dit is de lêste wedstriid,’ siz ik, ‘op hwa sette jimme jim jild?’
De manager komt der oanrinnen. Hy hat de fraech heard.
‘As wy yn New York wiene, op The Slugger. Hy is de helte jonger.’
‘Hy is wol to reitsjen,’ seit de Kanadees,’ ‘ik ha him goed bisjoen.’
‘Hy is net út to slaen,’ seit de Ier, ‘Ik ha him boksen sjoen. It is in hooker, in minslike masine.’
‘Hoe is de referee?’ freegje ik.
‘Dy is wol O.K.,’ seit de manager.
‘Set myn jild dan mar op The Slugger,’ siz ik, ‘ik moat der út helje hwat der yn sit. Hwat dogge jimme?’
‘Wy binne yn Frisco,’ seit de manager.
‘Sure,’ siz ik.
Yn de ring sirkelje wy hoeden om elkoar hinne. It publyk wol aksje. ‘Set him op, Dutchman, set him op.’
Ik ha it al sjoen. De oare hâldt syn lange earms tige leech. It is in hooker. Fan âlds bin ik in iepen bokser, mar de measte foefkes binne my net frjemd. Ik ha se hjir de hurde wei lâns leard. Mar der moat hwat barre. Dy kop is net dutsen en
| |
| |
ynienen flitst myn linker direkte pal yn syn snút. It docht him neat. Hy hat it kin op it boarst om dat net bleat to jaen foar myn rjochter. Ai, dy linker fan The Slugger is fast en daliks de rjochter der efteroan. Der ûnder troch, Bep, en in rjochtse opstoat. Syn dekking is poor. De want strûpt by The Slugger lâns ûnder tsjin de noas en skuort de kop omheech. Der is nou al bloed. Ik hâld der net fan. Hy wurdt grimitich. Dat moat ik ha, mar lit him net gean, noch net... As er dat kin mar fan 't boarst helle. O ja, hy is wol to reitsjen. Op syn gesicht. Mar der is er net bang foar. Ik ken dat type. Hy is allinne bang foar in hooker, lyk as er sels is en foar myn rjochter as dy syn weak plak wit to finen dat er earne efter syn lege dekking forskûle hat. Moatst dy idioat sjen, stapt yn suver sûnder dekking. Myn linker direkte ‘pats’ midden yn syn wêzen. It docht him neat. Tink der om, Bep, net yn de clinch. Dy fint is net to stopjen. Klets, bang, slacht er my krekt ûnder de ribben. Hy hat izer yn 'e hannen. Dit hâldst net lang fol, Bep. Ut de clinch mei in opstoat. Myn hiele body sit der efter en skuort him it kin fan 't boarst. Krûp wei yn dyn linker dekking! Der komt in stomp op myn linkerearm dy't dy suver dôf makket. Ik bin wer frij fan dy bear.
Hy hâldt syn earms mar leech. As er de kâns kriget slacht er my oan grom. Wer myn linker yn syn troanje en wer en wer, Fordomme, ik woe dat ik yn myn linker hie hwat ik yn myn rjochter ha. Mar sa lang as dy linker it úthâldt kin ik him by my wei hâlde.
As ik wer yn myn hoeke sit, seit de Ier: ‘Hoe giet it?’
‘Goed, goed. Ik sil de lju waer jaen foar har jild.’
‘It is in hooker,’ seit er.
‘It is,’ siz ik.
Al dy rounten troch bisiket The Slugger liif oan liif to kommen om alle piid út my wei to slaen. Faken slagget him dat, ek al sit myn linker oanienwei yn syn troanje. Ik tink der net mear by, it giet automatysk. As er yn de clinch is krij ik in bêste ôframmeling, ek al kin ik al gau syn earms tsjin my fêstknipe. Mar ik bin noch lang net ynein. Wist ik mar hwer't dat weake plak is dat er sa goed forskûle hâldt. Myn linker wurdt wurch. Myn stopstoaten kinne him net mear tsjinhâlde. Nou is 't gau dien, Bep! Mar dochs, der is hwat, der is eat dat net doocht. Ek de skiedsrjochter fornimt it en springt om ús hinne as in duvel út in doaske. Lykwols der is gjin sprake fan foul play... mar dochs... The Slugger driuwt my yn 'e touwen. Ik wol der net yn, mar ik kin myn linker mar kwalik mear tille en mei de rjochter jow ik my tofolle bleat. Ik fiel
| |
| |
de touwen yn de rêch. De lange earms bigjinne to arbeidzjen as de driuwstangen fan in masine. Klets, klets, klets... ûnder de ribben, dat der oeral reade plakken op myn hûd komme. It klinkt as sloech er op wiet seildoek. Klets... klets... it is bûten wol to hearren. Hjirwei Bep, hy slacht dy ynelkoar! Au... in forheftige pine skuort troch my hinne. De eagen pûlje my suver út de holle. Net tsjin de groun, Bep, net tsjin de groun! Dat loeder hat my mei alle macht yn it weak fan it liif slein, in ein ûnder de gurdle. Net falle, Bep, net falle, dan hat er it forlern troch foul play! Lit dy net oer de staech sette! O, dit fordomde Frisco!
Ik krij wer sicht. De referee hâldt The Slugger mei ien earm by my wei en sil hwat sizze. Net sizze, man, siz neat! Ik doch in stap nei foaren. It swit brekt my oan alle kanten út. ‘Né,’ siz ik, ‘it wie in ûngelok. Trochgean.’ Hy hellet de skouders op, stapt fansiden. Der stiet The Slugger. Hy bigrypt it net. Ik hie delgean moatten. Hy is der mei oan. Ik sil dy krije swijn! In opstjit út de heup mei alles hwat ik noch bybringe kin. Ik sil dy krije. Yn de flecht wei draei ik de fûst dat de rêch fan de want by syn noas lâns giet en de richel fan de manchet der efter heakket mei sa'n gewelt, dat de kop efteroer skuort. It bloed spuitet dernei. Dou great kring, dou forrekkeling! In linker direkte op dy bliedende noas. Pats... in swing op de earen... pak oan... in rjochtse hoek op 'e kop dy't er krekt ôfdraeit. Ik bin sa lulk, dat ik him wol formoardzje koe, dat ik myn pine der suver troch forjit.
De gong giet.
As ik yn de hoeke sit fiel ik my raer en slop en de pine jaget mei fleagen troch my hinne. Mar ik bin noch net mei him útpraet.
‘Foul play, the big swine,’ seit de Ier grimitich. ‘Boy, hwat sjochst der út. I saw it. You are busted. How do you feel.’
‘Min. Dy smearlap. Mar ús jild is noch wis. Sa lang as ik it op fuotten hâld, sil ik him leare it boksen to haetsjen.’
‘Take care of yourself. What means money.’
‘Quite a lot,’ siz ik, mar kin mysels mar kwalik forstean.
De referee stiet by The Slugger mei de finger omheech. De helpers bisykje him wer toanber to meitsjen.
De striid moat trochgean. Ik bin net mijen mear. Hy kin my neat mear dwaen. Mar ik him wol en ik sil him sa tatakelje dat er út syn eagen net mear sjen kin. Ik moat ommers winne. Ik sit him oanienwei op 'e lea. Links... rjochts... op dy falske smoel. Ah, as dit dien is sil de plastysk chirurch de hannen oan him fol hawwe. Yn 't earst lit er him ôfstraffe. It wol der
| |
| |
noch by syn stompe harsens net yn dat ik net delgien bin. Sa... hy wurdt lulk. Hy hat nou genôch hawn. Hy komt opsetten. Oh, hwat is er hoeden, sa lulk as er is. Ja, ik wit it, ik moat winne. Hjir bist, ik helje dyn kop útelkoar. Dat helpt, nou sil 't wêze. Hy hat binammen in hekel oan myn rjochter. Der komt in hoek op de boppe-earm om de krêft der út to slaen. Draei de kop derfoar...
As ik wer by myn sûpe-en-stút kom, hear ik de skiedsrjochter tellen. Net to gau, Bep, net to gau! Sa, hy is útteld... ik bin útteld. Ik kin hjir net lizzen bliuwe. Ik moat oerein, hwat bliksem! Ik krij de knibbels ûnder my en steun op 'e hannen. It wol net mear. Ik sjoch nei myn helper. Mei ien hael is er by my en pakt my sa hoeden op as wie ik in bern. De Kanadees is der ek al by en slacht my de badjas om.
Neat skine litte, Bep! Mei de linkerhân ûnder de jas steun ik myn liif en stap stiif as in blikken boartersguodmantsje nei de oare hoeke, dêr't The Slugger alhiel forslein op syn stuoltsje sit. Ik fûstkje mei him. Dat stiet knap. ‘Brave boy. I gave you something to remember me by.’
De Ier en de Kanadees helpe my út de ring en mei de automatyske biwegings fan it boartersguodmantsje stap ik tusken harren yn. De tichte hagen fan minsken dêr't wy tuskentroch moatte bijubelje my... de forliezer. Yn de klaeikeamer lizze hja my sa foarsichtich del as leine se my op aeijen.
De manager bucht him oer my hinne: ‘I saw quite a lot of tough men, you are the thoughest.’
Ik glimkje. ‘Nice of you to say so.’
It swit spat my ta alles út. De greate Ier strykt it my sa foarsichtich út de eagen as wie ik in frommis. ‘You won, boy,’ seit er heas.
‘We won,’ siz ik.
In klop op 'e doar. Ik bisykje dy kant út to sjen. De greate, swiere Mac stiet op 'e drompel.
‘Go away,’ seit de Kanadees grimitich, ‘I murder you.’
‘He likes us twice,’ seit Mac, ‘but still he is a kind of a guy.’
‘Oh, go away!’ seit de Ier.
‘Wy sille wer in auto brûke moatte,’ siz ik en hâld mei beide hannen myn ûnderliif beet, ‘ik kin net mear gean. I am busted.’
De dokter en twa mannen mei in brancard komme der yn.
|
|