De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 41] [p. 41] [Nummer 2] Leo Popma: Ballet folklorico de Mexico Hwat moat ik sizze as hjir immen ris forsylt en freegje soe, hwer't elkenien bidarre is? Siz dat wy it fjild yn binne foar de sûkerrispinge. En as er my net leaut... Lit him ús doarpen sjen; fortel hoe't sinne en wyn ear- tiids dit opskipe lân ûntheisteren; dat de manlju ris fan frjemden lobbe, de froulju forkrêfte en weifierd waerden. Mar... Wiis it paed troch de gloppen, dêr't de bern swijend mei skrinkels boartsje, en bring him yn de kilnten, dat er ús âlden stjerren sjocht. En hwannear't ik as iennichste oerbleaun bin... Nachts op it strân silst dy klaeije yn de pronk fan dyn folk. Faeks hearste fan fierren it feestrumoer. Wy komme net werom, foar'tst alle lieten en dounsen kenst. Sa kin it wêze, dat men har treft b.g. yn de Royal Theatre fan Drury Lane, har tjirgjend yn 't forjit fan it Mexican Fiesta, in ûnwennigens, blau fan dagen. [pagina 42] [p. 42] Brulloft yn Tehuantepec As skimerjouns fannijs de lije ivichheit bigjint waret de deade buorren troch it ûntreastber liet fan de dronken breugeman fjouweresom slacht yn de têdde xylofoan de wyn it sulver oan dat filten toanen dripket op it korael en oan it strân skaedzje bilangeleaze palmen de swiere fammen op it ûntagonklik breidsfeest fan har eare Fiesta yn Veracruz Ut en geduerich fûgelfaei libje dizze sjongers op har oerdwealske feesten as gleije pleinen warleas oan de rânne fan de bittermar yn it jounich sân twirje de skrokke roffels fan de hakkedouns lôgje nuete stikels fan forjit it braeklân oer fan har ûntsette kielen wrynskje ûnbidimme hynders mar jimmerwei bikeare hja wanmoedich har útsinnige fioelen mei de koele treast fan de konfettyrein Vorige Volgende