De Tsjerne. Jaargang 20
(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 78]
| |
is tige oerdreaun fansels, mar in moai rychje hawwe wy stadichoan àl: nimmen minder as Shakespeare, Heine, Osborne, Sartre, Dürrenmatt en neam mar op. En nou hawwe wy Jan de Hartog ek yn it Frysk. It bliuwt altyd hwat nuver, dat soms yn it Frysk oerset wurdt út in tael, dy't alle Friezen lêze kinne, mar it sil ek wol net oan syn Nederlânske ôfkomst to tankjen wêze, dat it Frysk Nasionael Boun dizze kear it each op in stik fan sines (Het hemelbed) falle liet. It hat der mear fan, dat it feit dat it stik der, bihalven yn it Ingelsk, ek yn it Nederlânsk wie en troch opfieringen troch biropstoaniel en foar de televisy by elkenien, dy't hwat bilangstelling foar toaniel hat ek wol bikend, op de keap ta naem waerd. Mocht der ea snobisme yn de Fryske toanielwrâld, dy't it avontûr mei Brecht like goed oandoarst as mei Sartre, west hawwe, dan dizze kear net. It wie deagewoan to dwaen our it stik. En hwerom, sa is der frege, dizze kear net - lyk as de tradysje fan de lêste jierren it hawwe woe - in modern stik, in stik dêr't, hwat der ek fan tolânne brocht waerd, yn alle gefallen oer praet wurde soe? It antwurd liket net sa slim. It Frysk Nasionael Boun nimt nou al in jiermannich it inisiatyf ta it spylje litten fan in (oerset) stik, dat nivo hat en foar spyljen op de wenstige krite-toanieljounen nou fuort net keazen wurde sil. It Boun hat dêr sukses mei hawn; it inisiatyf is weardearre, de kwaliteit fan de opfieringen wie akseptabel en it sealtsje yn Ljouwert wie by de première altyd wol fol. Allinne: it soe in moai ding wêze as sa'n toanielbarren hwat fierder kaem as Ljouwert. En sjochdèr, fan 't jier barde dat ek. Net allinne Ljouwert, mar ek Frjentsjer, Drachten, Burgum en Grins hawwe har It prielbêd (ja, ûnder dy titel is it oerset!) hawn. En der is reden om tofreden to wêzen: in ‘goed’ stik, bêst spile en tige weardearre troch it publyk. It iennige hwat der op tsjin is, is dat it meielkoar sà foldocht, dat der sein wurdt: sa moatte wy takomme jier wer. En om earlik to wêzen: dat soe my muoije. It Frysk Nasionael Boun hat de lêste jierren foar it Fryske toaniel wichtige dingen dien. It hat foar stikken, dy't fan bitsjutting binne, de bêste spilers dy't it krije koe, byelkoar socht en de kwaliteit fan gjinien fan de opfieringen hat sa min west, dat it stik ûneare oandien waerd. Dat rjochtfeardiget in fierder gien op dit paed. Jan de Hartog syn It prielbêd kin dizze kear syn wearde hawwe, omdat der in nij publyk mei lutsen wurdt; wy sille hoopje, dat datselde publyk takomme jier weardearring hawwe sil foar in stik, dat (al is it ek oerset) nije ynspiraesje jowt oan it lyts ploechje goede spilers dat wy hjir hawwe. Wy moatte It prielbêd (knap oerset troch Tabe Beintema) dan mar as in yntermezzo sjen. Jan de Hartog hat dit stik oer in houlik yndield yn seis tafrielen, dy't stik foar stik hwat werjowe fan de lytse swierrichheden, dy't yn de rin fan de jierren foarby geane (in bytsje ûntrou, hwat lijen mei de bern, in oar slach fan skoansoan as dat men hawwe wollen hie) en dy't de konklúzje dat it in goed houlik west hat, hielendal net ûnmooglik meitsje. It is, sa't men dan seit, in minsklik stik en it komt wier wol hwat út boppe de Familie Doorsnee, dêr't it earne hwat ûndogensk en ek wol hwat ûnridlik mei forgelike waerd. Dit stik foar twa persoanen freget gâns fan de spylster en de spiler, binammen omdat dy earst foar jonge breid en breugeman en letter foar it âlde pear, dat nei it rêsthûs ta sil, spylje moatte. Jeltsje Das en Pyt van der Zee hawwe dizze lang net maklike rollen op har | |
[pagina 79]
| |
nommen. Binammen Jeltsje Das hat har rol treflik, nuansearre spile. As wy ús in mannich oare rollen fan in hiel oare ynhâld, dy't hja de lêste jierren spile hat, foar de geast helje, dan wurdt it ús klear hokker knappe en alsidige spylster hja is. Pyt van der Zee foel perfoarst net by har wei, mar as wy positive dingen oer him sizze moatte dan komme wy binammen op syn regy, dy't dit hwat stadige stik sa libben mooglik hold. Ja, it wie allegearre goed en bêst. En is in goed houlik net in treflik yntermezzo yn in rige moderne stikken, dy't hast altyd fan defekten en mislearringen útgeane? Dochs tidigje ik foar takomme jier mar wer op in defekt. PITER TERPSTRA |
|