As ik myn sin siz...
(Yn dit rubrykje sille út en troch koarte réaksjes opnommen wurde fan Tsjerne-lêzers, dy't har sin sizze oer of tsjin dingen dy't yn dit tydskrift stien hawwe of mear yn it algemien oangeande de gong fan saken yn de literatuer. By de fraech fan al of net opnimmen sil foaral tocht wurde om krekte en skerpe formulearring; jeuzelderij komt net yn 'e bineaming. Skriuwt men ûnder skûlnamme, dan moatte namme en adres by de redaksje bikend wêze. It wurd is oan ús earste lêzer. REDAKSJE.)
It forhael mei de titel 333777 fan Inne de Jong yn it july-augustus-nûmer 1964 (bls. 255 ff.) hat by my in leffe smaek neilitten. It paradyslike byld dat dêr tekene wurdt fan de moderne steat Israël en syn biwenners is sadanich romantisearre, dat it net moai mear is. It libben yn dy jonge steat is wier net sa rôzich en healsêft as de skriuwer it foarkomme lit. De striid om it bistean ûnder Israéliërs is spikerhurd; oergunst, korrupsje, ynwindich skeel, politike en religieuze tsjinstellingen hearskje dêr yn like greate mjitte as yn ús Westerske lânnen. Hoe soe it ek oars? De Joadske immigrant hat ommers himsels meinommen! Hy is gjin superminske, mar minske.
As in ynwenner fan Israël dit forhael fan Inne de Jong lies, soe er him fêst in aep laitsje om al dy moaimakkerij fan it minsklik bistean yn syn lân. Sa't ek in Fries him krom laket as in ûtlanner skriuwt oer ‘Friesland, waar in iedere trotse, norse boer een edelman schuilgaat’.
It slot fan it forhael hat troch syn pathos op my in komyske útwurking. ‘Ik tankje dy, Judith, datst nei my harke hast, ik tankje dy foar de treast fan dyn eagen.’
Seit in moderne Israéliër, al is it noch sa'n swiete piter, soks tsjin syn faem? It is by Courts Mahler om en ôf. En dan dy lêste sin: ‘Judith sloech him de earmen om 'e hals en lústere: Ben Asser, leafste.’ Utrekkene op sa'n bislissend stuit wurdt hjir de held fan it forhael troch syn oansteande oansprutsen mei foarèn efternamme. Ik kin 't net helpe, mar sa'n dialooch heart falsk.
As sy dy't nou myn frou is my eartiids yn sa'n situaesje (of yn hokker oare ek) bijegene hie mei ‘Gjalt Dykstra, leafste’, dan hie 'k it opslàch útmakke.
In goede rie: lit Inne de Jong de roman Thieves in the night fan Arthur Koestler der noch ris op neilêze. Dêryn wurdt ek romantisearre, mar it byld dat fan Israël oproppen wurdt mijt net de navrante kanten dy't elk minsklik gearlibjen nou ienkear eigen is, ek yn de steat Israël.
Gj. DYKSTRA Asn.