De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 7]
| |
Marten Sikkema:
| |
XV
Dû leaust miskien net dat ik iensum wie
it libben wie in ôfskie dei nei dei
de dagen waerden stil en tsjuster wei
en 'k wist mar amper dat ik sels bistie.
Dû leaust miskien net dat ik iensum wie
soks is to wrâld ek wier net fan gewicht
it libben wie in frjemde domme plicht
ien dy't dyn twiivler eins mar heal forstie.
Mar leau nou dat ik nea mear iensum bin
hoe soe ik noch - ús iensens ús forstean
binn' fol bitsjoening: dagen nachten gean
bliid ljochtsjend op en del yn wiis forrin.
Wier, leau mar dat ik nea mear iensum bin
hoe soe ik noch dû bist my ommers nei
altyd aloan oeral by nacht en dei -
neat dat ús loksforboun ea brekke kin.
|