De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 6] [p. 6] Jan Dotinga: Lytse erotyske suite I ik haw foar ús twaën plak bisprutsen yn de romten fan it lok en elke dei dêr hinne sil in paed mei blommen wêze. en dou dou silst wenje tusken de waermte fan myn wurden, deun oan de hertslach fan in duorjende bloei. II dy myn fruchtbigjinsel draech ik op de tsjelken fan in lichte leafde. de stâlle fan it freegjen lâns wynderje ik sêft sniene blêdden, yn it forhoalen fan in trilhier waechs ik wachtsjend mei. yn de fioelen nacht libbet it ljocht op de hûd fan in blom. III embryonale sliep yn de klûs fan elkoars tokoart - wachtsjend op de oanfal fan it ljocht. Vorige Volgende