Sjoerd Leiker:
De kraek fan 1944
‘De Kraek’, sa't de Fryske KP-ers de oerfal fan 8 desimber 1944 op it Hûs fan Biwarring to Ljouwert altiten neamd hawwe, is troch dr. L. de Jong fan it Buro foar Oarlochsdokumintaesje keazen as ûnderwerp foar in film, omdat neffens syn eigen wurden, yn dit ûndernimmen ‘in foarbyld jown is fan minsklike solidariteit’, yn in tiid doe't ûnder fijânlik biwâld it oppakken fan minsken, it mishanneljen en it sûnder foarm fan proses deasjitten oan de oarder fan de dei wie.
‘De Kraek’ to Ljouwert stiet as feit net op himsels. It is ien oerfal út in lange rige. De iene is hwat better slagge as de oare. Der binne ek gâns ‘kraken’ en ‘kraekjes’ mislearre. Likernôch 500 oant 600 KP-ers binne by dy aksjes sneuvele.
‘By dizze oerfal, dêr't gjin bloed by floeide, hawwe minsken har libben op it spul set om freonen to rêdden. En dat founen wy it wêzen fan it Nederlânske forset’, sei dr. L. de Jong op de feestjoun fan freed 21 desimber 1962 yn Hotel Amicitia to Ljouwert, nei de Fryske première fan de film De Overval. Pyt Kramer (P.G. Oberman) hat op dy joun - better sein: dy nacht - de makkers fan de film en de akteurs tank brocht foar har wurk.
De âld-Knokploechlieder sei op 'e feestjoun sûnder ynlieding, sûnder omhael, sa't dat fan in kommandant forwachte wurde kin: ‘dan woe ik mar fuortendaliks bigjinne... Lou (dat wie tsjin dr. L. de Jong), jij hebt ons volkomen aangevoeld.’ De producer fan de film, de sakeman Rudolf Meyer, krige fan Kramer to hearren: ‘wij mensen van de illegaliteit hebben hoge eisen gesteld; we zijn je dankbaar dat je die zo royaal bent nagekomen.’ En tsjin de Ingelske regisseur Paul Rotha, sei de KP-man: ‘Paul Rotha, wat ons heilig was, was bij u in vertrouwde handen.’
It sil wol selden foarkomme dat minsken, hwa't it forhael fan har eigen libben yn in film foarspile wurdt, der sa tofreden oer binne as Pyt Kramer.
‘De werklikheit wie oars, wie spannender as de film’, sei ien fan de dielnimmers oan de kraek, dy't njonken ús oan in taffeltsje siet. ‘De útbarsting fan freugde bygelyks fan de finzenen, doe't hja murken dat hja frij wiene, haw ik yn de film mist. Mar dêrom net, it is in bêste film.’
De film hat syn eigen werklikheit. De forsetters, de mannen fan de echte kraek, hawwe har der net tsjin forset. Hja wiene