De dichteresse siket mei ynmoed, mar noch mear mei moed om dit forlerne paradys, en hja fortrout op dy gefoeligens yn har fingerseinen, op dat wichelroedeynstinkt, op dy ‘seis sawn sintugen’ dy't har in fin mear jowe as in bears. Dy wichelroede is faken de tael, de wurden sels, dy't de wei fine as frije dieren yn it wâld. Yn April lit hja se springe en tjirgje, en sels de ‘slûge flinterpoppen’ sykje, dy't se strak ‘as konfetti’ út har hân oplitte sil.
De godstsjinstige tinzen dy't út dizze fersen opwâlje geane net, sa't men by ‘natûrpoëzij’ forwachtsje soe, de pantheïstyske kant út, mar binne fan in boartlike frommens, sa't men dy yn it noarden net wend is to finen. Dêr is Snein en Joungebetsje dy't like ticht steane by it konkretisme fan 'e spirituals as by de roomske devoasje. Bloeiselsnie is in dionysysk feest fan wurden, it plôkjen fan de goede dei troch in tankber minskebern.
Ien fan de bêste fersen neamde ik noch net: Wersjen. In bêst fers om syn iepenens, om syn warleazens, syn bleatlizzen fan alle eangsten en freugden, en binammen fan de skamte om dy warleazens sels:
ik kin it risiko net rinne
Der giet al in leginde oer dizze gedichten dat hja ‘slim’, ‘experiminteel’, yn elk gefal net maklik binei to kommen wêze soene. Lit de lêzer him dochs ienkear losmeitsje fan it skroomlik misbigryp, dat men in gedicht tomjitte komme moatte soe as in bitooch of as in krúswurdpuzzle. It is in kwestje fan oerjaen, jinsels iepensetten, net om hwat nijs to learen, mar om werom to finen hwat men altyd witten hat, mar forgetten wie. Dêr binne de dichters foar, om jin dy dingen wer yn it sin to bringen.
Krekt haw ik Frysk en Frij lêzen, en ik wurd dus pleage fan skuldgefoel; ik haw wer op myn wenstige wize bijubele, sûnder dizze dichteresse har plak mei sin oan to wizen en it karakter fan har ‘engagement’ oan to tsjutten. Ek hie it faeks net ûngepast west har mei de finger omheech to sizzen hwer't hja har tonei foar to wacht hat to nimmen. Sille wy it mar litte? Hja hat har nearne foar to wacht to nimmen, hwant hja hat torjocht mear bitrouwen yn har eigen wichelroede as de mjitstók fan de kritikus. Ik woe inkeld mar in tankbere lêzer wêze - en it risiko net nimme dat hja laket.