De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 15] [p. 15] Fedde Schurer: Survival foar Tiny Mulder Hear God, wy grize slim fan massamoarden, wy tinke oan seismiljoen ûnskuld'ge Joaden; sa ha wy Eichmann, nei ús bêste witten, ta straf troch 't himpen finster kypje litten. Né, kneppels, galgen en forgassingskeamers bin gjin objekt foar dichters en foar dreamers, hja leauwe net dat soks to wrâld bistiet en Tiny Mulder sjongt har heechste liet. Dochs giet it net, oan alles jin t' ûntwinen, dochs bliuwt it knap om sok ding út to finen. Nim Werner Braun, dy't yn syn liddige ûren V1 en 2 nei Londen wist to stjûren. Al moasten der hwat Ingelsken om stjerre, Braun is ta earedoctor promovearre. Hy bleau himsels - mar yn Amearika, en Tiny Mulder sjongt en sjongt mar ta. Hal Eatherly himsels hwat to forwiten? Hy hat in bom op Hirosjima smiten, ja, dêr forbarnden doe sa'n hûnderttûzen - 't is op sa'n mannichte altyd min to rûzen - mar de earste klap jildt jimmer jit in daelder en hwa sjocht yn it fean dan op in baelder? Wy stoppen Eatherly yn in klinyk en Tiny Mulder sjongt in klear kantyk. Raketten sûzje troch de himeltunen om drystwei Mars en Venus to bistrunen; al dy raketten hingje as safolle swurden fan Damocles boppe ús holle. Dat foarrjocht moat' wy mei de Russen diele en dêrom mear as ea ús feilich fiele. Wy bin net bang, wy meitsje inkeld bang en Tiny Mulder sjongt in leafdesang. [pagina 16] [p. 16] Al falt it soms net ta mei ús bitrouwen, twa stuollen bin der jit om op to bouwen: de poddestoel heech boppe Christmas-eilân en de âlde skommelstoel fan K., ús heilân. Hy sil nou gau wer, dat moat elk wol fiele, op heech niveau mei Chroestsjov redendiele. Ik wit datstû net sjochste hwat ik sjoch - mar Tiny Mulder sjongt, en sjongt mar troch. Ja, boetprofeten sjogge en witte alles, hja krûpe smûk by Jona yn 'e stalles, en sil strak Ninivé yn pún forsakje dan sitte hja guodkeap op 't bêste plakje. Us techno-, demo- en meritocraten hâlde tonearsten noch wol stof ta praten, hoe't men op 't Pentagon de kânsen hifket foar hwat noch tusken dea en libben wifket. Mar wylst hja kuere as wachters op 'e moarn sjongt Tiny Mulder tsjin 'e klippen oan. Us âld morael stiet kreakjend yn syn bynten Kotälla, Lages, Fischer, Aus der Fünten, lit har nei hûs gean - hwat hja ek bidreaunen: hja binne dêr ek ûnder NAVO-freonen! De Gaulle kin sels, al bliuwt it Frankryk boppe, dochs ek al moai ‘Es lebe Deutschland’ roppe. Wol J.B. Charles stomp rinne op 'e muorre en as in hiemdogge oan syn keatling skuorre, es lebe Deutschland, 't jowt him dochs gjin sprút, mar Tiny Mulder sjongt boppe alles út. De lytse folken sjogge it stûf tomjitte, hja meije Hongarije of Cuba hjitte. Dy't net yn goedens wol moat it bilije, kin bernemoal noch medisinen krije en likemin yn 't westen as yn 't easten is dêr in freonehân om har to treasten. 't Moat al him foegje nei in heger wil mar Tiny Mulder hâldt har dochs net stil. [pagina 17] [p. 17] Hear God, de earme minsken wolle ite, yn wurk en spul har simple dagen slite, hja witte net dat der mesinen binne dy't yn ien tel jins skepping skrasse kinne. Dan is der nimmen mear om mei to praten, gjin jirpels mear, gjin brea en gjin tomaten al sylt de ierdbol troch yn de âlde spoaren in spoekskip, hwaens bifarders lang forstoaren, dan wurdt it ûnbiskriuwber stil en near en dan sjongt Tiny Mulder ek net mear. PRINS, dy't de ieuwen troch 't hielal biwâlde, lit ús it dochs op Tiny Mulder hâlde, wy binne útstaet en mei rjocht forballe, de bot wurdt sûnder ús wol grounich galle. Mar siz nou sels, wer moatte wylju hinne as der gjin dichters mear op ierde binne? Hjir leit, Jo witte 't en wy woll' 't bikenne in eale tael to rotsjen op 'e skerne - mar jow, hwat ûnheil 't waerbirjocht biskriuwt dat Tiny Mulder dochs oan 't sjongen bliuwt. Vorige Volgende