Marten Sikkema
Oer it oersetten fan poëzij
In literatuer dy't eat betsjutte wol, kin net bestean sûnder de begelieding fan oersettings út oare talen; it is sels mooglik, út de kar en it nivo fan de grûnteksten it peil fan dy literatuer ôf te lêzen. De opmerking: ‘It is mar in oersetting, heart dus net ta de eigen literatuer’, is wol foargoed in misser, al moat it fansels ek wer net sa wêze dat it tal oersettings oerhearsket.
Wannear't ik oersetwurk tepraat bringe sil, wurdt dat benammen de poëzij, mei't op dat mêd it measte fan de oersetter frege wurdt. As men derfan útgiet, dat foarm en ynhâld in ienheid útmeitsje, moat men jin hâlde oan fersfoarm, ritme, mjitte, klankkleur en sfear; en tagelyk oan de ynhâld, al mei al in eask dy't net samar ferfolle wurdt.
It is dan ek net omdôch, dat de Dútske literatuerkenner Friedhelm Kemp it oersetten in foarm fan ferrie neamt. It giet der dus om, dat ferrie yn elts gefal sa lyts mooglik te meitsjen, dat wol sizze: it orizjineel sa ticht mooglik oan te krûpen. Dêrom is it in goed ding, dat de oersetter de taal fan de grûntekst op syn minst passyf yn 'e macht hat, al is by ‘fiere spraken’ it wurkjen fia ‘tuskentalen’ net ûnmooglik. Kin men jin yn de dichter ferpleatse of hat men kunde oan de persoan, dan is dat inkeld winst, al hâldt dat net yn, dat elk fers ‘oersetber’ is.
Nijsgjirrich is de opmerking fan Ortega Gasset, dat de oersetter besykje moat út de eigen taal wei yn de frjemde troch te kringen en perfoarst net oarsom, lykas gauris bart. Mar it strykt wol: moat ik in Frysk gedicht yn it Hollânsk of in oare taal oerbringe, dan wurdt it wrakseljen en moat ik myn taflecht nimme ta keunstkes, wylst it oersetten yn it Frysk my ornaris ridlik slagget.
It moaiste is fansels, dat de oersetter sels de kar hat wat en fan wa't er oersette wol, al kin it fansels ek wêze dat er ‘grypt’ wurdt fan in op fersyk of yn opdracht oanbean gedicht. Hy wurdt dêrfan yn 'e besnijing nommen, rint dermei om, wol it ‘bemasterje’ en ‘fan him ôf skriuwe’ en it middel dêrta is it oerbringen yn eigen taal. Dat hâldt dan yn, dat er him sa nei mooglik hâldt oan foarm en ynhâld en sa de sfear fan it orizjineel beneikomt. Dêrby is de ynhâld fan it gehiel fansels wichtiger as de eksakte wurdkar fan de grûntekst.
De oersetter moat foar himsels, foar syn ‘poëtysk gewisse’ de wissichheid hawwe, dat