Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 82]
| |
Anne Wadman
| |
[pagina 83]
| |
fan semy-frisismen, lykas by broekgalgen (bretels), alteratie (opwining). Neologistise twivelgefallen dy't net yn de Nederlânse en net yn de Fryske wurdboeken te finen binne: slooi (foar slet), werkselen (útwurking), it tiidwurd bliksemschichten (ferbaal te kear gean), jachting, bemotterd (‘bemotregend’), leidsvlag (figuerlik: eat dat jin in beskate kant optwingt). In gefal apart is it by De Vries frekwinte substantyf meewaren (meilijen), dat ek yn dizze tekst foarkomt en dêr't it Ned. allinne de adjektyffoarm ‘meewarig’ fan ken. Wat yn dit ferhaal lykwols, lykas gauris yn it proaza fan De Vries, it meast yn 't each rint, is it oerfloedich gebrûkmeitsjen fan gearstalde substantiven, dêr't in grut part fan net yn Fryske en Nederlânse wurdboeken werom te finen is. Mei as earste lid boerenbinne dat ûnder oaren: boerenmisère, boerenbloed, boerenvolk, boerenadel, boerenvoet, boerenman, boerenbestaan, boerenberm, boerenechtgenoot. Noch tichter binne wy by de fertelstof mei de ytlike komposita mei haar-: haarelixer, haargroeimiddel, haarsmeersels, haarpijn (yn in fan dy fan Van Dale ôfwikende betsjutting), haarverlies, haarstrengen, haarvlerken, haargeweld; harigheid yn de betsjutting: besit fan hier. Itselde mei as earste lid pruike(n)-: neist pruikenmaker: pruikenman, pruikegeschiedenis, pruikedrift, pruikenberechtiging (sokssawat as: feroardieling ta it dragen fan in prûk), pruikekop, pruikziek. Fierder sinjalearre ik yn dit ferhaal fan 50 siden in goed 80 gearstallingen dy't net yn de wurdboeken foarkomme en dêrûnder út de sfear fan it doarpslibben ûnder oaren: zondagavondbezoek, dorpsvrolijkheid, jeneverwolk, jeneverwasem, greiddorp, woonscheepjesvolk, vrijdagbezoek (oan 'e Ljouwerter wykmerk), negotieman, negotiemars, springpols, karnvloer, nabuurdorp, werkmansvolk, dorpsvermaak, knikkercenten, speelzak (fan famkes), brandstofslijter, veestamboek, schenkmeid, cafélicht, tapzaal, kaartebroers, deurschuif, maalsloot, stadsplaveisel, klei- en bouwdorpen, buitenvaart, scheepskast, keukenpomp, huisspreuk, kroningsbord, veegeld, schemerhoek. It is dúdlik, dat mar in pear fan dy gearstallingen ta de kategory fan de direkte of yndirekte Frisismen hearre. Dochs hawwe in soad fan dizze wurdskeppingen tige nau ferbân mei it plattelânslibben, mear as de mear abstrakte komposita dy't der ek binne, lykas: schijnverzet, huwelijksdrift, ouderspijt, zwijgensgraf, kindergevoelens, noodzang, smoezelpraat, stadsdag (in dei dat men yn 'e stêd is), gemoedspijn, mensenbehelp, ellendeverhaal, hartlast, nageur, verbijsteringstoestand. It binne allegear begryplike, mar fokabulêr ‘net besteande’ nijfoarmingen. | |
IV ‘Land van herkomst’It liket my ta, dat dizze oanstriid ta it skeppen fan (meastepart op harsels net sa spektakulêre) gearstallingen ien fan de driuwende krêften yn Theun de Vries syn skriuw-act is. It tal neologismen is dêrfoaroer frij beheind | |
[pagina 84]
| |
yn it stik fan adjektiven, adverbia en tiidwurden. In ‘Wurdboek op Theun de Vries’ - it soe in ‘mans’ boekdiel wurde! - soe foar in grut part bestean út net yn de gewoane wurdboeken of -listen foarkommende komposita. De fraach: Hawwe wy hjir ek mei direkte ynfloed fan de Fryske taal-ûnderlaach te krijen, is net in ienfâldich antwurd op te jaan. Wol is wis dat it Frysk foar dizze foarm fan wurdfoarming aardich sterk predisponearre liket. Gysbert Japicx paste it prinsipe al faken ta, ek al eardat er ta de fan him sa bekende en beruchte wurdkeppelingskeunstichheid oergyngGa naar eind19. By de Halbertsma's, dy't in mear natuerlik Frysk neistribben as Gysbert Japicx, treft men allyksa in mannichte no ‘ûngewoan’ klinkende komposita oan, foar in part eigen taalskepping op grûn fan in blykber yn de taal oanwêzich prinsipe, foar in part ferâldere folkstaalwurden. Dit allegear bringt jin ta it fermoeden (as men wol de hypoteze), dat in bysûndere, om sa te sizzen ynwindige fakulteit fan de Fryske taal oanlieding jout ta de ‘keunstmjittige’ tapassing derfan. Sa hat it Frysk in sterk fermogen om it wurd -man as twadde lid fan gearstallingen te brûken, ûnder semantise kondysjes, dy't faken ôfwike fan wat it Nederlâns yn dit stik te sjen jout. By De Vries docht dy oanstriid bliken út wurden as winkelman, negotieman, Stadman (stedsbewenner, mar ek as bynamme), Potteman (bynamme foar in hanneler yn potten en pannen), pruikeman, petteman (immen dy't in pet op hat), analooch: een snorreventGa naar eind20. Yn it ferhaal ‘Rebellen’ (út De namen in de boom) notearre ik: wonderman (gûchelder), mesman (jonge mei in mes, 6 kear!), sprietman (meager mantsje), spookman (spoekferskining), paardemannen (maresjesee op hynders), leidsmannen (jonges dy't de ‘rebellen’ oanfiere) en analooch: mutsemeiden. Yn dy sin soe men by gâns taaleigenaardichheden fan Theun de Vries in soarte fan ‘oer-Frysk’ substraat ferûnderstelle kinne, dat oan de oerflakte komt fan syn hiele op it útbyldingsfermogen èn soms ek op de suggestiviteit en lûdkrêft fan ‘it wurd’ taspitst skriuwersambacht. Grut en follesidich ferteller as er wêze mei, is er benammen ek in ‘beskriuwer’, in útbylder, in wurd-skepper yn de meast letterlike betsjutting fan it wurd. Yn dit stik slút er yn syn skriptuer dan ek mear oan by de neibloei fan de tachtigers as by de Forum-generaasjeGa naar eind21. Oer dat wurdkeunstnerskip - en dêryn syn psychise relaasje mei syn ‘land van herkomst’ - is hjirmei noch lang net it lêste wurd sein. Mar mooglik is mei dit ûndersykje in oanset dêrta jûn. Want wa't Theun de Vries as taalkeunstner en -skepper karakterisearje wol, moat net allinne stúdzje meitsje fan argaïstise taalfoarmen, fan dichterlik-byldzjende útdrukkingen, tapassing fan it ‘yndirekt adjek- | |
[pagina 85]
| |
tyf’ (een onbesloten stilte, een tevreden zomer) en spesifyk gebrûk fan besteande wurden (bygelyks fan bewegingswurden lykas rijzen, deinen, vegen). Hy sil him ek yngeand dwaande hâlde moatte mei de twingende foarm dy't in pleatslik beskaat atavistys taalbelibjen op gâns plakken yn dit nei stoffe, miljeukennis en histoarise boarnen sa ferbjusterjend ryk skriuwerskip oannimt. By it skriuwen fan dit opstel is gebrûk makke fan Theun de Vries syn romans Stiefmoeder Aarde (1e pr. 1972), Het rad der fortuin (1938), Wilde lantaarns (1940) en de novelle- en ferhalebondels De tegels van de haard (1941), De Friese postkoets (s.j.), Het uurwerk van de eenzaamheid (1967), De namen in de boom (1967), Het Friese kabinet (1968) en De vogels om het erf (1987). Fierder fan it Frysk Wurdboek, 2 dln. (1984), it Wurdboek fan de Fryske taal (fan 1984 ôf, ôfk. WFT), fan Van Dale Groot Woordenboek der Nederlandse taal (11e pr. 1984) en het Woordenboek der Nederlandse taal (ôfk. WNT). |
|