Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 78] [p. 78] Rainer Maria Rilke / Marten Sikkema It eilân De neiste floed wisket de waadwei út en alles wurdt oan alle siden lyk; mar 't neatich eilân yn 'e fierte slút de eagen; en betiizjend slút de dyk om dy't dêr wenje; en har sliep betsjut in nije berte, as hja wûndre wrâlden belibje, swijend; want de minsken hâlde har tinzen foar har, dat elk sintsje wurdt in grêfspreuk foar wat ea de stoarm dêr brocht, dat frjemd en ûnferklearre komt en bliuwt. En sa is alles wat har 't each beskriuwt fan bern ôf: eat dat net foar har betocht ûnbidich, wreed it tafal stjoere mocht en dat har iensum-wêzen noch oerdriuwt. Krekt oft er yn in moannekrater leit is elke pleats befrede mei in daam wêryn't de hôven lizze, likens klaaid, as wezen lyk behoff'ne mei de kaam [pagina 79] [p. 79] troch elke stoarm, dy't har de wacht oanseit en mei de dea aloan har pleagje sil. Dan sit men binnendoarren en sjocht stil nei wat oan selsums op kommoades leit, troch skeane spegels. Ien dêr fan de soannen by jûne, in harmoanika yn hannen, lûkt foar de doar wat trystige muzyk mei wyskes dy't yn frjemde havens klonken. En dan ferskynt ûnbidich, heech op skonken, in skiep hast driigjend op de bûtendyk. Dit fers is troch de ferneamde Dútske dichter Rainer Maria Rilke (1875-1926) yn it begjin fan dizze ieu skreaun by in ferbliuw op it Noardfryske eilân Söl/Sylt. It wie dêr sa toeristysk net aas hjoeddedei. De sfear dêr hat er masterlik werjûn! Vorige Volgende