De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 399]
| |
ForantwurdingDe folksforhalen yn dit boek binne op in inkeldenien nei net ear der yn it ljocht jown. By forteilers en fortelsters haw ik se fan simmer 1971 ôf oan hjerst 1974 ta op e lûdbân fêstlein. It wie myn gewoante om de forteller by elk forhael to freegjen hwer't er it wei hie, en sa goed as altyd koe er der ûtslûtsel oer jaen. Soms kaem it út 'e famyljerounte en dan faker fan pake en beppe as fan heit en mem; soms hie er it forhael fan immen oars út syn formidden heard. Tige faek koe dan de namme fan de persoan dy't it him fortelde of dy't it plichte to fortellen der by neamd wurde. Yndirekt hawwe skippers, turfmakkers of heidtsjers wol sa folle bydroegen as boeren en boargers. Mar in pear kear koe immen my fortelle: ‘Dit haw ik fan myn pake en dy hie it wer fan syn pake’. Ornaris komt men net fierder tobek as twa generaesjes. Fan 'e lûdbân haw ik earst in letterlik ôfskrift nommen en dêrnei de tekst foar publikaesje rémakke. Dat wol sizze, dat der stilearre is. Letterlike werjefte fan it sprutsene wurd bart om utens wol in hiel inkelde kear en dan mei in suver wittenskiplik doel, mar foar in boek as dit, dat foar it folk ornearre is, wie soks ûnmooglik. Stilearring is ek út in each fan folksfortelkunde skoan forantwurde, mits men de teksten gjin geweld oandocht. Sa haw ik om to bigjinnen neat oan 'e ynhâld foroare en der ek neat ôfdien of oan tafoege. Der binne ek gjin farianten fan ien forhaeltype ta in saneamde ‘ideale tekst’ gearfoege, mar as in forhaeltype my troch mear as ien forteller meidield wie, haw ik dêr de gaedlikste tekst fan nommen. Alles bliuwt yn lûd en letterlik ôfskrift by de Fryske Akademy biwarre en kin as stúdzjemateriael tsjinje. Foar lang net alle forhaeltypen wie yn dizze bondel plak; oare typen komme dan ek yn folgjende dielen oan bar. Dat sil ek it gefal wêze mei dy farianten fan wol opnommen typen dy't sa apart binne dat se dêrom publikaesje fortsjinje. Oan de stilearring haw ik net minder, mar biliven ek net mear dien, as my nedich talike. Der is bisocht om it libbene en aparte yn wurd en sin fan mounlinge fortel-kunst safolle mooglik to bihâlden, en ek om de eigenheit fan elke fortelier of fortelster yn syn of har wurdkar en forhaeltrant to biwarjen. Sa hat de styl fan dizze folksforhalen tredderlei laech. De boppeste skyl is fan mysels; soms hoegde dy mar tin to wêzen, soms moast er tsjokker wurde; dan folget in altyd tsjokke laech fan de forteiler en dêrûnder sit dan hwat de slachten foar him der oan foarme hawwe. Fan de neifolgjende forhalen is de einredaksje net fan my: ‘Fan Anske, de moundersfeint en de bakkersfeint’ is alhiel fan Pyt Kramer, dy't de tekst opskreau sa't syn pake him dy fortelde; ‘It forhael fan de trije farrenslju’ is opnommen, sa't Freark Dam it fan syn forteller notearre; ‘Brandsma’ is opskreaun troch Trinus Riemersma, sa't hy it heard hat. De twa teltsjes fan eastlik Skylge binne earder publisearre; foar ús redaksje soarge C.Roggen. De einredaksje fan it Hylper dieremearke is fan G.Blom en S.Zeijl. It Bildtske diereteltsje is troch A.Brouwer-de Beer út 'e folksmûle opskreaun, wylst H.S.Buwalda de stavering forsoarge. Mei de Amelanner teksten koe ik mysels mei help fan Willem Bakker fan Hollum rêdde. Foar dizze bondel is in kar dien út de tûzen-mannich forhalen dy't yn 'e neamde jierren sammele binne. Dit boek bifettet inkeld mearkes en teltsjes. De hûnderten fêstleine oarsprongsforhalen, natûrsêgen, swerfsêgen en pleatslike sêgen sille letter folgje. De titel fan dit boek is ûntliend oan it earste legindemearke dat der yn stiet. | |
[pagina 400]
| |
Wy tinke der oer om de oare dielen allyksa nei magyske foarwerpen, sa't dy wol yn mearkes foarkomme, to bineamen. Dit om de ienheit fan 'e rige útkomme to litten. By de yndieling fan de teksten yn dit boek is útgien fan 'e greate skiften yn ‘The Types of the Folktale’ fan Aarne-Thompson. Allinne de pear teltsjes út it skift ‘Formula Tales’ ha wy earne oars ûnderbrocht. Binnen de skiften ha wy de folchoarder fan AT net oanhâlden. Yn it lytse apparaet hjirefter ha wy net allinne de forteller en de datum fan fortellen oanjown, mar ek hwer't dat mooglik wie it typenûmer neffens boppeneamd boek fan Aarne-Thompson. As in teltsje dêr net mei oerienkaem, is soms nei in oare type-index forwiisd. Fan in wiidweidiger analyse, bygelyks nei Thompson's ‘Motiv-Index of Folk-Literature’ is ôfsjoen. It doel is, dat ien fan 'e beide gearstallers fan it apparaet, drs. J. van der Kooi, skielk mei in apart en folsleiner wurk komt: ‘A Type-Index of Folktales in West Frisian Popular Literature and Oral Tradition’. Oer de fortellers, de fortelformiddens en oare saken fan bilang foar de folksfortelkunde soene wy leafst as útsetter ek noch ien of oar wurk skriuwe wolle. |
|