Iel
Yn 'e keamer stie in kolomkachel mei in mânsk ein pipe, mar dy pipe wie hielendal forrustke. Hy hie jounpraters en doe krigen se it oer fiskjen. Jan fortelde: ‘Myn greatste fängst hat in iel west, sa'n tsjûken ha jim noch noait sjoen’. ‘O né?’ seine se, ‘hoe tsjûk wie er dan?’ ‘Dat sil 'k jim sjen litte. De hûd ha 'k droege yn 'e sinne en dy brûke wy nou foar kachelspipe. Ald dat dy iel wie - sjoch, hy hat de rust noch op 'e bealich sitten’.