De wetterrôt
Hy lei ris mei it boatsje yn 'e Burgermar to fiskjen. Hy krige byt en dat wie in mânske snoek. Wylst hy der mei oan 't moardzjen wie om him binnen board to krijen, kaem dêr ynienen in hege baer oer de mar rôljen en yn dy baer swom in almeugend greate wetterrôt. Hy die de bek op en slokte sa de snoek troch. ‘Ik waerd sa duvels’, sei Jan, ‘dat ik joech him in feech mei de roeiriem oer de harsens. Ik tocht, ik slaen him dea, mar ik rekke him net goed, en dat munster waerd sa forgrimmend op my, kin 'k jim fortelle, hy dûkte ûnder my en hy friet dwers troch de boaijem fan 't boat hinne om my to krijen’. ‘Hoe roun dat ôf, Jan?’ fregen se. ‘Wel, hy wie der noch mar krekt mei de harsens troch, doe ha 'k him by de kop pakt en him safier troch it gat skuord dat hy bleau op 'e dikke snoek dy't er yn 'e bealich hie hingjen. Hy koe gjin kant mear út. Sa koe 'k roeijendewei Skûlenboarch helje en dat hat myn gelok west’.