De fluit
Se sieten der ris oer to praten, hoe't it nou koe, dat sa'n ielpiper bigoun to piipjen, as se him fongen. Jan sei: ‘Witte jim dat net? In ielpiper hat in fluitsje yn 'e kiel sitten. Ik ha ris in ielpiper fongen, jim kinne it jim net foarstelle, hoe'n greaten-ien. Mar jim witte, de ielpiper is forgiftich, men kin him net ite. Dat ik ha him de kop mar ôffike en it fluitsje út 'e strôte helle’. Doe fregen se him: ‘Hastou dy fluit noch, Jan?’ Hy sei: ‘Né, né, dy ha 'k foar grou jild forkocht’. Jan seach op it haloazje - it wie op 'e slach fan tolven. Hy sei: ‘Dy fluit stiet nou op it bûterfabryk’. En mei bigoun it bûterfabryk tolve ûre to fluitsjen.