Iel en guozzen
‘Jan Hepkes hat it my earlik sels forteld’, sei in man dy't him skoan kennen hie ris tsjin my. Dat sil't wol, mar dit forhael rûkt ek nei Münchhausen. Jan jage mei in âlderwetske foarlader en op in kear forgeat er om de laedstok der foar it sjitten út to heljen. Dat wie nou krekt syn gelok, hwant hy rekke der sawn fette guozzen mei. Se foelen alle sawn yn in dobbe. Jan stapte der drystwei yn en hwat soe him oars om 'e fuotten kriuwele hawwe, doe't er wer op it droege stie, as sawn poun iel!
Iel yn 'e learzens, ja dat is him sa faek oerkommen. Ek doe't er foar de bern de bakkerts út 'e feart helle. Dokter Keizer woe de iel noch keapje, mar Jan mocht se sels to graech. Of doe't it hynste-iis frear en Jan noch in fûke sette yn in bit. Doe stapte er ek yn 't wetter. ‘Ja, yn dy learzens dat wie it iennige waerme plakje dat de iel noch fine koe’, fortelde er letter.