Baes boppe baes
Ien fan 'e Tabakken dat wie in tûken sjitter. Dy plante in dûbeltsje op in peal en skeat it der fan in distânsje fan fyftich trêdden ôf. Hy sette it Jan om it him nei to dwaen. ‘Och, dat is my neat’, sei Jan. Hy sette ek in dûbeltsje op dy peal en roun fyftich trêdden werom. Doe't er sketten hie, stie it dûbeltsje noch op 'e peal. ‘Hast mis sketten’, rôpen de taskôgers. ‘Om 'e wearlich net!’ sei Jan, ‘ik ha de miggestront fan 'e rânne fan 't dûbeltsje sketten’.