Jan as streuper
‘Ik hie ris in hazze strûpt en dy hie 'k yn 'e broek mei de kop ûnder 'e gurle. Ik waerd oanhâlden en ik tochte, se sille my wol fisitearje - ik sil se mar foar wêze. Ik sei: Nou is 't ek hwat! Hjir op 'e heide siet niis in houn in hazze efternei. Dy hazze socht ûntwyk by my, hy wie yn deadsneed, moatt' jim rekkenje. Ik tink, ik moat dy helpe. Dat ik ha de broeksbokse fan ûnderen hwat iepen hâlden en dêr is de hazze yn stoud. En doe is er by my yn 'e broek omheech klaud, mar hy rekke op 't lêst mei de kop ûnder 'e gurle en dêr is er smoard. Ik koe der ek neat oan dwaen. - Nou, doe moasten se my wol gean litte’.
Jan hat him der neffens syn sizzen ek ris út ret mei in Münchhausen-forhael. Hy hie to einestreupen west. Op 'e weromreis waerd er oanhâlden en doe hie er in dracht einen by him. ‘Dy einen ha jo streupt’. Hy sei: ‘Né, hearen, ik wie to angelfiskjen. Nou fiskje ik in bulte mei spek, moatte jim witte - glei spek. Ik smiet de angel yn 't wetter, mar dêr swommen einen om en it spek roerde it wetter hast noch net, of ien fan 'e einen hie it al trochslokt. Mar dat fette spek is sa glêd - it glied der fan efteren like hurd wer út. Doe snapte ein nûmer twa dat spek, en dat gong sa troch, dat ik hie op 't lêst wol tsien einen oan 'e angel. Hwat koe 'k dêr nou oan dwaen?’