Snie
‘It wie om maeije hinne. Ik die noch yn fellen, mar ik skarrele hwat foarút, dat ik kocht ek wol ris in skiepke en in keppeltsje lammen. Sa wie ik ek ris nei in fémerk, ik hie hannel dien en de middeis kaem in loft opsetten, it waerd der swart fan. It wie in sniebui, ik ha 't fan myn libben sa net sjoen. Ien fan 'e boeren hie yn in hoeke fan 'e merk in bolle set, ôfgryslik sa'n ein beest. Mar doe't in ûre letter it snijen hwat lichte, wie dy bolle net mear to finen. De man hat ark helle, skeppen en snieskouwers, en doe ha se de bolle en it oare fé útgroeven. Se wiene der allegearre noch, mar se sieten muorrefêst, djip ûnder de snie. Dat bart noait wer, en yn maeije hielendal net’.
‘Jimme witte net mear fan snie’, sei Jan op in oare kear, ‘mar yn myn jonge jierren doe is der op in nacht sa folle snie fallen, doe sieten de huzen der ûnder. De oare moarns groef myn buorman him earst omheech en doe by ús nei ûnderen en hy rôp troch de skoarstien goeije moarn. Ik tochte, ik moat mar in tunnel grave om fan it iene plak nei it oare to kommen. Earst mar ien dat op nei de Ham. Mar ûnderweis kaem ik de Hamsters tsjin; dy groeven in tunnel nei 't Fean. Ik sei: Mannen, earst mar even mei yn 'e hûs, Tsjits hat de kofje brún’.
Doe seine in pear fan 'e taharkers tsjin him: ‘Ja Jan, dou forteist wol in moai forhael, mar ast in tunnel troch de snie graefste, hwer litst dan de snie? Dêr rekkest forlegen mei’. ‘Dêr wie 'k op klear’, sei Jan, ‘foardat ik moarns oan 't wurk gong, dronk ik in ûnbidigen tsjettel mei thé leech. As ik tofolle snie hie, dan wettere ik der op en dan teide it. Doe't ik de tunnel klear hie, wie it wetter biferzen en doe koe 'k op redens fan 't Fean nei de Ham’.
In oare winter hie neffens Jan noch stranger west en folle langer duorre. Miskien