Jan as reedrider
Hy fortelde wol ris, hy koe sa ôfgryslike hurd reedride, dat as er foar de wyn hie, dan boun er de redens omkeard ûnder, hwant oars koe er net wer stopje.
‘Ik kaem op redens fan Ljouwert. It waeide sa stiif út it easten en it frear sa ôfgryslik, dat der koe gjin minske op it iis bankje. Ja, der wie noch ien mantsje, dat skarrele ek sa'n bytsje yn 'e wyn op. Ik ried him fan efteren yn en ik groete him, mar ik fornaem wol, hy koe gjin wurd weromsizze. Ik ried de Burgermar oer en op Skûlenboarch stiek ik oan. Ik hie al in kop kofje op en in slokje, doe kaem dat mantsje der ek yn stoarteljen, alhiel efter de pûst. It duorre wol fiif minuten, ear't er hwat útbringe koe, mar doe frege er: Hwa binne jo? Ik sei: Ik bin Wouda fan 't Fean. - Mar ik woe der mear fan witte, dat ik frege werom: En hwa binne jo? - Ik bin Okke van der Berg, de kampioen fan Nederlân. Ja, nou net mear, hwant jo kinne wol tsien kear sa hurd as ik. - En ik hie ek noch fyftich poun fellen foar 't boarst. De hiele jachtweide hat my traktearre’.