Jan as flaekslûker
Hy fortelde ek ris, dat der gjin minske op 'e wrâld tsjin him flaekslûke koe. ‘Hoe hurd koestou dan lûke, Jan?’ fregen se him. Hy sei: ‘Dat sil 'k jim forteile. Ik wie ris by in boer, dy hie in hiel great stik flaeks stean. Ik naem it oan foar sa en safolle. Ik soe jild op 'e hân ha, sadré't it flaeks lutsen en boun wie. Ik en de boer sieten by de tafel en ik sei tsjin him: Jo moatte de gulp even tichtdwaen - it liket sa mâl. De boer seach foardel en dy makke de gulp fêst. Doe't er de eagen wer opsloech siet ik by de tafel en ik sei tsjin him: Nou woe 'k myn sinten wol barre. Né, sei de boer, ik soe bitelje as 't flaeks lutsen en boun wie. Nou, ik sei: Dan moatte jo ris efkes nei bûten sjen! It lân lei foar de glêzen. De boer gong nei 't rút en doe stie it flaeks yn stûken. De boer sei: Mar dat ha jo net dien - dat is duvelswurk! Hwant ik ha de eagen net fan jo ôf hawn. Doe sei ik: O né? Doe't jo de gulp tichtknopen, ha ik dat stik flaeks lutsen en boun en nou woe 'k graech myn jild even ha’.