Jan as mier
Hy bistelde him ris as mier efter Snits. Der wie gjinien dy't sa meane koe as Heppe Jan. As de mieren dan mei de seine ûnderweis wiene, hiene se de fuorring der foar; dat wie in tiene foar de sneed del. Doe stie er yn 'e blaugerzen to meanen en hy tochte: donder, hwat binne dy blaugerzen fan 't jier hurd! Hy hie sa likernôch in heal pounmjit dellein - hy hie noch noait strutsen - doe seach er ris goed ta, en doe hie er de fuorring noch foar de seine.
‘Ik sil 't jim better fortelle’, sei Jan ris: 'Ik wie efter Ljouwert to meanen (guon wolle ha dat dit foarfal to Easterein pleats hie). Ik tochte: Jan, nou moatst daelk mar even harje. Hwant ik hie de hiele dei meand en de seinesneed wie my like tsjûk as de rêch fan 'e seine. Ik gong nei myn klean ta en ik sei tsjin mysels: Hjir hast juster sitten to harjen en nou is it harspit wei - hwa duvel soe dat der wei krige ha? En och minsken, in pear trêdden fierder dêr foun ik it heale spit. Doe hie ik neitiid troch forsin it swé meand dêr't ik sitten hie to harjen en ik hie it hiele harspit dwerstroch feegd. Ik hie al tocht, hwat klikt dêr sa? It hie ek in bytsje stûke, mar ik hie gewoan troch meand. Ik roun nei de boer ta. - Hwat nou, sei de boer, is 't spek op? - Ik sei: Né, mar ha jo ek in harspit foar my, hwant mines ha 'k dwerstroch meand. - Dat lige jo allegear, sei de boer, mar ik sei: Kom mar mei, dan sil ik it jo wize; de ûnderein sit noch yn 'e groun. Nou, ik krige de boer syn harspit en ek noch in stik spek. Dat wie 'k ek wol nedich. As ik brea-iet, dan gong der ek in pountsje spek troch. Ik hoegde it net iens to snijen, en ik biet it sa fan 't swaerd ôf.
‘Ik ha ek ris meand by in boer yn 't Wetterlân. Ik die deis in goed pounmjit. In oar moast deis twa-trije kear harje, mar ik koe mei ien kear ta en dan gong ik der mei de strikel oer en de file en dan snie ik de dikste reiden dat se stouden yn 't swé.
Doe sei dy boer tsjin my: Jo ha 't yn 'e mouwen! Jo moasten ris nei 't bûtlân ta, dêr't se preamhaeije; dat guod snijt folle lichter; miskien dat jo dan deis wol oardel pounmjitte dogge. - Ik kom dêr yn 't bûtlân. Ik sei tsjin mysels: Smyt him mar foarút! Smyt him mar foarút! Ik seach om, en och hea, ik wie al oer de helte en ik hie noch mar in slach of hwat dien. Dêr kaem de boer mei in hoekje spek en doe ha 'k it him sjen litten. Sa fier as de seine rikke koe, sloech ik him mei de punt en ik naem it hiele swikje mei oan it swé. De jounes hie 'k der rojael twa pounmjit ôf.
Ik wie oan in puoltsje ta kommen en ik frege de boer oft er dat reidtsje- en